Haadmenu iepenje

Jane Fancher (folút: Jane Suzanne Fancher; Renton (Washington), 24 oktober 1952) is in Amerikaansk skriuwster, tekeneresse en yllustratrise. Hja is troud mei de ferneamde fantasy- en science fiction-skriuwster C.J. Cherryh en hat yn it ferline ferskate kearen beropsmjittich mei har gearwurke.

Jane Fancher
Livro preto.svg skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym J.S. Fancher, J. Fancher,
Jane S. Fancher
echte namme Jane Suzanne Fancher                 
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 24 oktober 1952
berteplak Renton (Washington)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, science fiction
jierren aktyf 1991 – no
offisjele webside
www.janefancher.com

Libben en karriêreBewurkje

Jonkheid en opliedingBewurkje

Fancher waard yn 1952 berne yn Renton, yn 'e Amerikaanske steat Washington. Se studearre en behelle bachelorgraden yn natuerkunde en antropology oan 'e Steatsuniversiteit fan Washington yn Pullman. Dêrnjonken folge se ek opliedings yn ynformatika, psychology, filosofy en skiednis.

KarriêreBewurkje

Oan it begjin fan 'e 1980-er jierren wurke Fancher as assistinte by Warp Graphics mei oan Elfquest, wêrby't se ûnder mear de potleadferzjes fan 'e swart-wite strips oerloek yn inket en de werprintingen fan it twadde en trêde album fan 'e oarspronklike rige fan grafyske romans ynkleure. Dy edysjes lieten har namme trouwens fuort út it kolofon, en foar lettere edysjes waard in oar soarte ynkleuring brûkt.

Mids jierren tachtich adaptearre Fancher parten fan 'e roman Gate of Ivrel, it earste diel fan C.J. Cherryh har Morgaine-rige, ta in stripferhaal. Gate of Ivrel: No. 1 wie in swart-wite strip dy't se yn 1985 yn eigen behear publisearre, en dêr't nea in ferfolch op kaam. Neitiid wreide Fancher lykwols it materiaal út yn kleur, mei de bedoeling om in searje grafyske romans út te jaan. Dêrfan ferskynden, yn gearwurking mei Cherryh, Gate of Ivrel: Claiming Rites (1986) en Gate of Ivrel: Fever Dreams (1987). Fancher makke de searje nea ôf, mar de ûnderfinings dy't se sa opdie, laten derta dat se sels proaza begûn te skriuwen.

Yn 'e earste helte fan 'e 1990-er jierren skreau Fancher de GoundTies-trilogy en yn 'e twadde helte fan dat desennium ferskynde fan har de Dance of the Rings-trilogy. De GroundTies-trilogy waard yn 2011 werútjûn as e-boek, oanfolle mei de prequel ’Netwalkers.

PriveelibbenBewurkje

Fancher krige yn 'e tachtiger jierren in duorjende relaasje mei fantasy- en science fiction-skriuwster C.J. Cherryh. Hja trouden op 17 maaie 2014, en wenje yn Spokane (Washington).

WurkBewurkje

yllustrearre adaptaasjes
  • 1985 – Gate of Ivrel: No. 1
  • 1986 – Gate of Ivrel: Claiming Rights
  • 1987 – Gate of Ivrel: Fever Dreams
proaza
  • GroundTies-trilogy (skreaun as J.S. Fancher)
    • 1991 – GroundTies
    • 1992 – Uplink
    • 1992 – Harmonies of the ’Net
  • Dance of the Rings-trilogy (skreaun as Jane S. Fancher)
    • 1995 – Ring of Lightning
    • 1997 – Ring of Intrigue
    • 1999 – Ring of Destiny
  • 2011 – Blood Red Moon: Nights of the Blood Red Moon, Vol. 1 (skreaun as J. Fancher)
  • 2011 – Rings of Change: Allizant (inkeld as e-boek)
  • 2011 – Nights of the Blood Red Moon Flux: A Tale from the Alexander Years (inkeld as e-boek)
  • 2011 – ’Netwalkers, Part I: Partners (prequel fan 'e GroundTies-trilogy; inkeld as e-boek)
  • 2011 – ’Netwalkers, Part II: Of Mentors and Mimetrons (prequel fan 'e GroundTies-trilogy; inkeld as e-boek)
  • 2011 – ’Netwalkers: Omnibus (prequel fan 'e GroundTies-trilogy; omfiemet Part I: Partners en Part II: Of Mentors and Mimetrons; inkeld as e-boek)
  • 2012 – Chernevog (op 'e nij besjoene e-boekferzje fan dizze roman fan C.J. Cherryh, yn gearwurking mei Fancher)
  • 20?? – ’Netwalkers, Book II: Wild Cards (prequel fan 'e GroundTies-trilogy; inkeld as e-boek)
  • 20?? – ’Netwalkers, Book III: NeXus (prequel fan 'e GroundTies-trilogy; inkeld as e-boek)
  • 2019 – Alliance Rising (mei C.J. Cherryh)

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.