Janko Krist (1985) is in Fryske film- en telefyzjemakker.

Janko Krist
regisseur en/of produsint
persoanlike bysûnderheden
echte namme Janko Krist
berne 1985
wurkpaad
bekenste
  produksje(s)
Hea!

Krist studearre fan 2000 oant 2004 oan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. Troch in staazje kaam hy by Omrop Fryslân telâne. Efter de skermen fan it programma Spegels seach hy dat minsken mei passy en hert foar de saak programma’s makken. Syn earste opdracht wie om in fraachpetear mei in Fryske band te hâlden. Neidat er noch in skoft as ‘runner’ foar Dankert & Dankert wurke hie en hy akteurs, catering en apparatuer ophelje en fuortbringe moast, waard hy frege om it telefyzjeprogramma Hea! te meitsjen. Fan 2005 oant 2015 soe hy by Omrop Fryslân dat programma meitsje.

Yn 2013 wie hy winner fan de Nederlânske en de Europeeske priis foar de bêste regionale reportaazje. By In2Content makke Krist as korrespondint fideo-items yn opdracht fan de oerheid. Hy die alles sels, fan filmjen en ynterviewen oant de montaazje. In opfallende reportaazje fan him wie 'de lêste fytser' fan de hûnderste Fytsalvestêdetocht. Krist folge fytser Wiebe Idsinga yn syn lêste oerkes fan de tocht troch it tsjustere Fryslân. [1] Yn oktober 2015 makke Krist foar de KRO-NCRV it programma Jan rijdt rond en yn 2016 wie hy ferslachjouwer en regisseur by it telefyzjeprogramma Man bijt hond. Dêrnei wie hy noch ynterviewer, presintator en regisseur foar programma’s as Buorkje foar begjinners, Marktplaats en Heel Holland Handelt. In tal fan syn dokumintêres waarden ek útstjoerd op Nederland 1.

Fan it teäterspektakel Bauck! fan Sybe Joostema yn it Hemmemapark yn Berltsum makke hy as spin-off yn 2018 in dokufilm oer Bauck van Hemmema, de earste Fryske frijheidsstrydster. [2] Yn 2021 makke Krist mei Emiel Stoffers de earste Fryske aksjekomeedzje Stjer.

Prizen bewurkje seksje

  • Prix Circom Regional Award (2013)
  • Gouden NL-Award, Stichting ROOS (2013)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It ferhaal achter: 'Ik fyts gewoan troch', Omrop Fryslân, 5 maart 2021
  2. Docufilm BAUCK! over de eerste Friese vrijheidsstrijdster, bauck.nl