Jankton Sû Yndianereservaat
It Jankton Sû Yndianereservaat (Ingelsk: Yankton Sioux Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Jankton Sû Stamme (Yankton Sioux Tribe) yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota.
Jankton Sû Yndianereservaat Yankton Sioux Indian Reservation | ||
Dravende Bolle (Tatáŋka Kiŋyáŋka), in 19e-iuwske foaroanman fan 'e Jankton-Sû. | ||
polityk | ||
haadplak | Marty (Súd-Dakota) | |
stamme | Jankton Sû Stamme | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Súd-Dakota | |
sifers | ||
ynwenners | 6.465 (2010) | |
oerflak | 1.724,2 km² | |
bef.tichth. | 3,7 / km² | |
oar | ||
stifting | 1859 | |
tiidsône | UTC-6 | |
simmertiid | UTC-5 | |
kaart | ||
Yndianereservaten yn 'e steat Súd-Dakota. Jankton is werjûn yn read. |
Algemien
bewurkje seksjeIt Jankton Sû Reservaat leit oan 'e noardigge fan 'e rivier de Missoury, dy't dêr de grins mei Nebraska foarmet, yn Charles Mix County. It is it op ien nei grutste reservaat dat hielendal yn ien county leit (nei it Osadzje Yndianereservaat). Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wennen der doe krapoan 6.500 minsken yn it reservaat, dat goed 1.700 km² beslacht. It haadplak, dêr't sawol it haadkertier fan 'e stamme as it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fêstige binne, is Marty, mar it grutste plak fan it reservaat is it stedsje Wagner. De fjouwer oare wenkearnen binne: Dante, Lake Andes, Pickstown en Ravinia.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1858 ûndertekenen de lieders fan 'e Jankton-substamme fan 'e Westlike Dakota mei it Amerikaanske regear it Ferdrach fan Washington, wêrby't se harren tradisjonele wengebiet op 'e Grutte Flakten opjoegen yn ruil foar in reservaat yn it suden fan Súd-Dakota en in bedrach fan $1,6 miljoen, út te kearen oer in perioade fan fyftich jier. It Jankton Sû Yndianereservaat waard sadwaande yn 1859 formeel oprjochte.
It reservaat wurdt bestjoerd troch in demokratysk keazen stammeried. De oarspronklike grûnwet waard yn 1891 oannommen. Mei't reservaatlân útsûndere is fan it Súddakotaanske steatsferbod op gokken, hat de stamme yn it reservaat in eigen kasino, it Fort Randall Casino and Hotel, yn Pickstown, sette litten, en teffens it Lucky Lounge and Four Directions Restaurant. Oare grutte wurkjouwers yn it reservaat binne de stamme sels, de pleatslike klinyk, it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) en de pleatslik middelbere skoalle. Der wurdt ek in wylde bizon-keppel yn it reservaat holden.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |