Jitiizer is in Fryske hardrockband oprjochte yn 1991 yn Sint Nyk. Yn 2011 waard de band opheft, mar yn 2013 makke de band in trochstart. De band is ferneamd om harren broeken mei Fryske flagge opdruk.

Jitiizer
band
Jitiizer. Fan lofts nei rjochts: Tommy, Bongel, Rikus, Josse, WilSon
Jitiizer. Fan lofts nei rjochts: Tommy, Bongel, Rikus, Josse, WilSon
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre Tongercore
bestean 1991 - 2011
2013 -
webside jitiizer.nl
âld-leden De Gledde (sang) (1991-1992)
Wally (sang) (1992)
Vlugt (sang) (1992-1998)
WilSon (Gitaar) (1991-2019)
leden
Sang Reade RikuS
Gitaar Josse
Gitaar Skeepy
Bas Tommy
Drums Bongel

Oer De Brêge Links en Trije Minuten Foar Healwei Fiven binne nammen wêrûnder Jitiizer ek optredens jout.[1]

Beskriuwing bewurkje seksje

De groep is 18 augustus 1991 begûn. Der waard keazen om yn it Frysk te sjongen. Yn 1992 behelle de groep it tredde plak by de Lytse priis fan Snits. Yn 1993 waard de earste demo fan de groep opnaam, Hjir Is Der Ol, yn 1996 krige it in ferfolch troch in yn eigen behear produsearre earst kompakt skiif, Fryske Tonger Core. Yn 1998 waard de sjonger fan dat stuit, Martin van der Vlugt, nei in mieningsferskil oer de muzikale kar yn goed oerlis ferfong troch Reade Hendrik Boonstra. In jier letter kaam de twadde kompaktskiif fan Jitiizer út, Skop Kont, dy't neifolging krige mei Kup D (2001), Hjir Is Der Ol (2003), Alles út 'e Kast (2006) en De Nije Friezen (2008). Al dizze kompaktskiven waarden yn eigen behear útbrocht.

Njonken har eigen optredens hat de groep ek meidien oan ferskate muzyktoers en oare muzykprojekten. Sûnt 1993 spilet Jitiizer op in grut ferskaat oan eveneminten yn Nederlân en boude de groep in reputaasje op as in wiere liveband. Jitiizer hat ea trettjin optredens op ien dei dien. De band stie yn it foarprogram fan ûnder oare de BZB, de Heideroosjes, Jovink en de Voederbietels en de Toy Dolls. Yn 2007 wie de groep foar in koart trip nei New York. Yn 2009 binne der tariedings makke foar optredens yn Dútslân, Ingelân en Bonêre.

Op 27 oktober 2009 waard dúdlik dat de groep yn 2010 ophâlde soe te bestean. Op 13 novimber fan dat jier soe yn Sint Nyk it lêste optreden jûn wurde.[2]. Troch omstannichheden hat dit einkonsert plak fûn op 22 jannewaris 2011 en is hielendal fêstlein en te besjen op youtube. Yn 2013 krigen de bandleden lêst fan jokte, dat op 17 maaie 2013 makke Jitiizer by Omrop Fryslân bekent dat se wer los giene.

Besetting bewurkje seksje

Ynfaller bewurkje seksje

Eardere groepleden bewurkje seksje

  • Jan Kuipers, De Gledde - Sang/'Dyksoan', fan 18 augustus 1991 oant septimber 1992
  • Klaas Walstra, Wally - Sang, fan 8 jannewaris 1992 oant septimber 1992
  • Martin van der Vlugt, Vlugt - Sang, fan septimber 1992 oant begjin 1998

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label Single(s)
Frysk Tonger Core 1996 útbrocht yn eigen behear
Skopt Kont 1999
Kup D 2001
Hjir Is Der Ol
(werútjefte fan de demo út 1993)
2003
Alles út 'e Kast 2006
5 & Tweintich 2016

Live Albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label
Ut 'e skroeven (live) 2010
Oar útbrocht wurk
  • 1993 Hjir Is Der Ol -- Demo-kassettebân.
  • 2008 De Nije Friezen -- USB-stick.
  • 2011 Lêste Toffel - Einkonsert 22 jannewaris (live) -- Youtube.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Jitiizer op Streektaalzang (sjoen op 4 novimber 2009)
  2. [2], Jitiizer stoppet oer in jier