Joana da Silveira Duarte

Joana da Silveira Duarte (Lissabon, 23 maart 1977)[1] is in PortegeeskNederlânsk taalkundige en dosinte dy't sûnt 2015 yn Fryslân wennet.[1] Yn septimber 2019 waard se de opfolger fan Alex Riemersma as lektor 'Frysk en Meartaligens yn Underwiis en Opfieding' oan 'e NHL Stenden Hegeskoalle.[1]

Joana da Silveira Duarte
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joana da Silveira Duarte
nasjonaliteit Portegeesk
Nederlânsk
berne 23 maart 1977
berteplak Lissabon (Portegal)
etnisiteit Azoarsk
Portegeesk
wurkpaad
berop/amt taalkundige, dosint
jierren aktyf 2000 – no
N.B.: Dit is in Portegeeske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Joana. De earste efternamme (fan memmekant) is (da) Silveira, en de twadde efternamme (fan heitekant) is Duarte. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Duarte of oars Silveira Duarte brûkt wurde.

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Duarte waard yn 1977 yn 'e Portegeeske haadstêd Lissabon berne as de dochter fan in Portegeeske heit en in mem dy't fan 'e Azoaren kaam.[1] Har earste bewuste yn 'e kunde kommen mei meartaligens belibbe Duarte as lyts famke, doe't har âldelju foar it earst in antwurdapparaat kochten en har mem in boadskip ynspriek dat troch nimmen begrepen waard om't se Azoarsk dialekt spriek.[1] Har âlden wiene allebeide heechlearaar en wurken op in stuit beide yn Ingelân, sadat Duarte as bern twa jier yn Londen wenne.[1] Duarte folge in stúdzje moderne talen en letterkunde (Portegeesk en Ingelsk) oan 'e Universiteit fan Lissabon, dy't se yn Grikelân ôfrûne oan 'e Nasjonale en Kapodistryske Universiteit fan Atene. Dêrnei die se in oplieding ta leraresse Portegeesk en Ingelsk oan 'e Universiteit fan Lissabon.[1]

Karriêre bewurkje seksje

Yn 2000, doe't se 23 jier wie, gie Duarte yn Lissabon oan it wurk as leraresse Portegeesk foar ymmigrantebern, benammen út eardere Portegeeske koloanjes as Kaapverdje en East-Timor. Letter kamen dêr bern fan arbeidsmigranten út Jeropeeske lannen by, lykas Poalen, Wyt-Ruslân en de Oekraïne. Dy wennen yn Lissabon byinoar op in klútsje yn buerten dy't Duarte omskreau as "getto's". Der wie gjin iepentlike diskriminaasje, mar dochs wie it rasisme nei de migranten ta fielber.[1] Oan Duarte en har kollega's waard de taak jûn om 'e migrantebern folslein 'ûnder te dompeljen' yn it Portegeesk, sadat se har memmetalen sa gau mooglik ferjitte soene. Duarte wie it dêr net mei iens en gie tsjin 'e stream yn. Neffens har is út wittenskiplik ûndersyk dúdlik oantoand dat immen dy't syn memmetaal goed behearsket, ek better kommunisearje kin yn in oare taal. Yn oerlis mei de âlden fan har learlingen rjochte se in klaslokaal yn mei boeken yn 'e memmetalen fan 'e bern.[1]

Troch har kontakt mei bern dy't oare talen sprieken, begûn Duarte har mear te ferdjipjen yn meartalichheid en it tale-ûnderrjocht. Hja melde har oar foar in mastersoplieding Ynterkulturele Edukaasje yn Hamburch, dêr't se in stúdzjebeurs foar wist te bemachtigjen.[1] Teffens folge se in kursus Dútsk om har yn Dútslân rêde te kinnen. Neitiid wenne Duarte seis jier yn Hamburch, dêr't se njonken har stúdzje en ek dêrnei promoasje-ûndersyk die en as studinte-assinstinte en letter as ûnderwizeresse op twatalige skoallen wurke. Dêrnei ferfear se nei Keulen, dêr't se ek ferskate jierren wenne en as ûndersykster ferbûn wie oan 'e Universiteit fan Keulen. Letter kearde werom nei Hamburch, dêr't se as postdoktoraal ûndersykster en dosinte Romaanske talen oan Universiteit fan Hamburch wurke.[1]

Yn 2015 bedarre Duarte troch har wurk yn Noard-Nederlân, dêr't se har fêstige yn Ljouwert. Se wurke as haaddosinte oan 'e Hânzehegeskoalle yn Grins, wie dosinte Minderheden en Meartaligens oan 'e Ryksuniversiteit Grins en letter waard se associate lektor Meartaligens (yn Dútsk en Drintsk) oan 'e NHL Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert en universitêr dosinte Frysk by it Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit Grins.[1] Per 1 septimber 2019 folge se de yn maaie fan dat jier mei pinsjoen giene Alex Riemersma op as lektor Frysk en Meartaligens yn Underwiis en Opfieding (FMOO) oan 'e NHL Stenden Hegeskoalle. Se wie ek de opfolchster fan 'e (krektlyk mei pinsjoen giene) Jan Berenst as lektor Taalgebrûk en Learen. De beide neamde lektoraten waarden gearfoege ta it nije lektoraat Meartaligens en Geletterdheid, dat 35 meiwurkers hie. Duarte har offisjele ynauguraasje as lektor wie pland foar 5 febrewaris 2020.[1]

Priveelibben bewurkje seksje

Gesinslibben bewurkje seksje

Duarte hat út in eardere relaasje in soan, Gaspar (2007), dy't in Dútske heit hat.[1] Yn Ljouwert wennet se gear mei Tsjerk Bottema, de soan fan 'e bekende Fryske skriuwer, learaar en Afûk-kursuslieder Sjoerd Bottema.[1] Fia de Bottema's kaam Duarte foar it earst yn kontakt mei it Frysk. Dy taal sprekt se no floeiend, krekt as Portegeesk, Ingelsk, Dútsk en Nederlânsk.[1]

Naturalisearring bewurkje seksje

Joana Duarta liet har op 18 jannewaris 2023 ta Nederlânse naturalisearje. Dêrfoar woe se de eed, dy't se by dy seremoanje ôflizze moast, yn it Frysk útsprekke. Se kundige dat yn 't foar oan, mar by de Gemeente Ljouwert en it Nederlânsk Ministearje fan Binnenlânske Saken bestie twifel oft dat juridysk wol mocht.[2] By de naturalisearring die bliken dat de eed yn it Frysk net akseptearre waard en wie Duarte twongen de eed yn it Nederlânsk út te sprekken. Loko-boargemaster Nathalie Kramers fan Ljouwert joech wol romte foar in symboalyske eed yn it Frysk.[3] Romke de Jong, lid fan 'e Twadde Keamer foar D66, tsjinne oer dizze kwestje daliks Keamerfragen yn oan minister Hanke Bruins-Slot fan Binnenlânske Saken. Neffens De Jong is it probleem "sa oplosber"; hy sei te ferwachtsjen dat nijynkommelingen mei koarten de eed by harren naturalisearring ta Nederlanner ek yn it Frysk ôflizze meie.[3] Op 19 jannewaris stelde de FNP-fraksje yn 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân fragen oer de kwestje oan it Kolleezje fan Deputeare Steaten.[4] Dyselde deis die lykwols út in ferklearring fan it Ministearje fan Binnenlânske Saken bliken dat it om in misferstân gie en dat de eed efterôf dochs wól allinnich yn it Frysk ôflein wurde meien hie. It misferstân wie ûntstien trochdat de Rykswet op it Nederlannerskip eksplisyt de Nederlânske taal neamt foar it ôflizzen fan 'e eed, ynstee fan 'e term "rykstaal", dêr't it Frysk ek ûnder falt.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 Grosso, Maria del, Lector op Talenmissie, yn: de Ljouwerter Krante, 20 july 2019, taheakke Sneon & Snein, s. 16-17.
  2. Veltman, Melle, Joana Duarte wil Nederlander worden met Friese eed, yn: de Ljouwerter Krante, 18 jannewaris 2023, s. 21.
  3. 3,0 3,1 ——, Friese eed telt niet, Kamerlid stelt vragen, yn: de Ljouwerter Krante, 19 jannewaris 2023, s. 24.
  4. 4,0 4,1 Veltman, Melle, Naturalisatie-eed mag in het Fries, yn: de Ljouwerter Krante, 20 jannewaris 2023, s. 2.