Joe Morgenstern
Joe Morgenstern (folút: Joseph Morgenstern; New York, 3 oktober 1932) is in Amerikaansk filmkritikus en kollumnist, dy't fan 1965 oant 1983 foar Newsweek skreau en fan 1995 oant 2022 foar The Wall Street Journal. Yn 2005 wûn er de prestizjeuze Pulitzerpriis foar Krityk. Hy hat ek senario's skreaun foar tillefyzjeprogramma's.
Joe Morgenstern | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Joseph Morgenstern | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 3 oktober 1932 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | filmkritikus, senarioskriuwer | |
jierren aktyf | 1965 – 2022 | |
prizen | Pulitzerpriis foar Krityk 2005 | |
offisjele webside | ||
Joe Morgenstern yn 'e IMDb |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeMorgenstern waard yn 1932 berne yn New York, dêr't er ek opgroeide. Hy studearre oan 'e Universiteit fan Lehigh yn Pennsylvania.
Karriêre
bewurkje seksjeYn 1965 kaam Morgenstern as filmkritikus te wurkjen by it tydskrift Newsweek, dêr't er oant 1983 bliuwe soe. Yn 1967 liet er yn in resinsje de misdiefilm Bonnie and Clyde ôfrinne, mar oer dy film betocht er him op sadanige wize dat er syn beoardieling yn it folgjende nûmer fan Newsweek ynloek. Filmstudio Warner Bros. seach dat as in gouden marketingmooglikheid en brûkte it yn in promoasjekampanje foar de film.
Nei't er yn 1983 by Newsweek weirekke wie, waard Morgenstern kollumnist by de Los Angeles Herald Examiner. Syn kollumns en filmresinsjes ferskynden troch de jierren hinne ek op 'e webside fan tillefyzjenetwurk CNBC en yn 'e tydskriften Columbia Journalism Review, Esquire, Los Angeles Times Magazine, The New Yorker, The New York Times Magazine en Rolling Stone. Morgenstern droech ek filmresinsjes by oan 'e útstjoerings fan radiostasjon KCRW yn Los Angeles.
Morgenstern wie fierders ien fan 'e oprjochters fan 'e Amerikaanske National Society of Film Critics. Dêrnjonken wied er aktyf as senarioskriuwer. Hy wie ien fan 'e skriuwers fan 'e tillefyzjefilm The Boy in the Plastic Bubble, út 1976, en teffens wurke er mei oan ferskate ôfleverings fan 'e plysjesearje Law & Order.
Yn maaie 1995 kaam Morgenstern as filmkritikus te wurkjen foar de foaroansteande konservative krante The Wall Street Journal. Syn resinsjes ferskynden dêr eltse freed yn it katern Weekend & Leisure en om 'e sneon skreau er ek in kollumn oer de filmyndustry yn it algemien. Yn 2005 wûn er de prestizjeuze Pulitzerpriis foar Krityk. Hy wie de trêde filmkritikus dy't dy priis takend krige, nei Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times en Stephen Hunter fan The Washington Post. Yn 2022 gie Morgenstern mei pinsjoen; syn lêste kollumn ferskynde yn 'e Wall Street Journal fan 29 april fan dat jier, twa dagen foar't er dêr 27 jier wurke hawwe soe.
Priveelibben
bewurkje seksjeYn 1962 troude Morgenstern mei aktrise Piper Laurie. Mei har adoptearre er in dochter. Harren houlik einige yn 1982 yn in skieding. Anno 2015 wenne Morgenstern yn Santa Monica (Kalifornje).
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |