Johan Derksen

Johan Derksen, 2014

Johannes Gerrit (Johan) Derksen (Heteren, 31 jannewaris 1949) is in eardere fuotballer. Hy wie beropsfuotballer tusken 1966 en 1978 by fiif clubs: Go Ahead Eagles, SC Cambuur, SC Veendam, HFC Haarlim en MVV Maastricht.

Nei syn aktive sportkarriêre makke er namme as sportsjoernalist, mei as spesjalisme fuotbal. Hy wie fan 2000 oant en mei 2013 haadredakteur fan it wykblêd Voetbal International. Dêrneist waard Derksen bekend op telefyzje as meipresintator fan de talkshow Veronica Inside, it eardere Voetbal Inside. Derksen syn bydrage oan dat programma smiet him yn 2011 in nominaasje op foar de Sulveren Televizier-Stjer. Hy is teffens presintator fan in muzykprogramma by Radio Rijnmond en Radio Drenthe.