Johan Edzart van Welderen Rengers

Johan Edzart van Welderen baron Rengers (Ljouwert, 1877Ysbrechtum, 1963) wenne yn Ysbrechtum op Epemastate.

J.E. van Welderen Rengers

Hy studearre lânbou yn Denemark en oan de Universiteit fan Halle oan de Saale, dêr't er yn 1901 promovearre op it proefskrift Steatsbemuoiïng oangeande feefokkerij. Op yn oanstean waard tusken Tsjerkgaast en De Lemmer lân ûntgûn.

Fan 1907-1918 wie hy foarsitter fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou en fan 1906-1945 sekretaris fan it Frysk Rundfee Stamboek. As liberaal politikus wie hy lid fan de gemeenteried fan Wymbritseradiel, fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en lid fan de Earste Keamer.

Dêrneist wie hy kurator fan it Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút en presidint-kurator fan de Universiteit fan Grins en fan de lânbouhegeskoalle yn Wageningen.