Johannes Albert Antonides

Johannes Albert Antonides (Obdam, 29 juny 1958) is dûmny yn Froomshoop.

Johannes Albert Antonides is berne as iennichst bern fan Cristiaan Frederik Jan Antonides en Belia Kroeskamp. Hy groeide nei de hjerst fan 1961 op yn Terborg yn de Gelderske Achterhoek, en die it Gymnasium yn Winterswyk (1970-1976). Hy studearre teology oan de Universiteit fan Utert. Ek die er dêr ferskate assistintskippen.

Hy is yn 1982 boaske mei Gosina Adolphina Vink. It pear krige trije bern, Christiaan Frederik Jan (1990), Gosinus Theodorus (1992) en Quint Johannes Antonides (1996), alle trije berne yn Nymwegen.

Antonides wie, út Herveld wei, fikaris yn Elst (Gelderlân), en dûmny yn Barchem (14 april 1991). Hy is no dûmny yn Froomshoop (18 april 2004 - .....).

Bibliografy bewurkje seksje

  • Door liefde en trouw wordt de ongerechtigheid verzoend. Universiteit fan Utert, Utert, 1988, Doctoraalscriptie.
  • Nederlânske oersetting fan de latynske teze "de fide iustificante" fan Maarten Luther, binnen de trijee bannen: "Luther in het nederlands", bân 2, útjouwerij Damon, Eindhoven, 2018.

Literatuer bewurkje seksje

  • Wie is wie in Nederland, Frans van Egmond, Utjouwerij Pragma Nederland, Den Haach 1994.

Keppelings om utens bewurkje seksje