Johannes de Jong
Johannes (Jan) de Jong (Nes (It Amelân), 10 septimber 1885 - Amersfoart, 8 septimber 1955) wie in Frysk aartsbiskop, kardinaal en metropolyt.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHy krige syn prysteroplieding oan de seminaarjes fan Culemborg en Rijsenburg. Hy waard yn 1908 ta pryster wijd en studearre dêrnei yn Rome dêr't hy promovearre yn de wiisbegearte (1910) en yn de godgeleardheid (1911).
Fan 1911 oant 1914 wie hy earst kapelaan yn Amersfoort en dêrnei konrektor fan de Susters fan Us Leaffrou fan dy stêd. Yn 1914 waard hy heechlearaar tsjerkeskiednis oan it seminaarje Rijsenburg. Yn 1935 waard hy ko-adjutor fan de aartsbiskop fan it aartsbisdom Utert, mgr. Joannes Jansen. Yn 1936 waard hy beneamd ta aartsbiskop fan it aartsbisdom Utert wêrmei't hy tagelyk metropolyt waard fan de Nederlânske tsjerkeprovinsje.
Yn de Twadde Wrâldoarloch joech De Jong tegearre mei dûmny K. Gravemeijer, lieding oan it tsjerklik ferset tsjin de Dútske besetter. Sa feardige De Jong in troch Titus Brandsma ûntwurpen ferbod út oer it opnimmen fan NSB-advertinsjes yn de roomsk-katolike deiblêden. Op 21 febrewaris 1943 waard in biskoplike brief yn de tsjerken foarlêzen, dêr't it episkopaat de Dútske misdieden sterk yn feroardiele waard. In biskoplik mandemint fan 16 maaie 1943 gie sterk yn tsjin de fuortfiering en it twongen oan it wurk setten fan Nederlanners yn it bûtenlân.
Nei de oarloch waard hy yn febrewaris 1946 troch paus Pius XII ta kardinaal beneamd. Hy krige as titeltsjerke de basilyk fan San Clemente tawiisd. Keninginne Wilhelmina beneamde him ta Ridder Grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.
Yn de perioade dat De Jong heechlearaar wie kaam syn standertwurk Hânboek fan de Tsjerkeskiednis ta stân, dêr't de beide dielen fan tusken 1929 en 1931 ferskynden. It waard in ferplicht stúdzjeboek op de prysteropliedingen yn Nederlân en yn it Nederlânske taalgebiet fan Belgje. Yn 1951 moast hy him troch syn swakke sûnens weromlûke út it bestjoer fan it aartsbisdom. Ta syn ko-adjutor waard Bernardus Alfrink beneamd. De Jong luts him werom yn Amersfoart dêr't hy yn 1955 ferstoar. Alfrink folge him op as aartsbiskop.
Yn 2022 krige De Jong de Yad Vashem-ûnderskieding Rjochtfeardige ûnder de Folken fanwege syn ferset tsjin de joadeferfolging yn de Twadde Wrâldoarloch.[1]
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Biografie, Biografysk Wurdboek fan Nederlân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|