Haadmenu iepenje
John Coller, skildere troch syn earste frou Marion

John Maler Collier OBE (Londen, 27 jannewaris 1850 - dêre, 11 april 1934) wie in foaroansteand Ingels skilder en skriuwer. Hy wurdt rekkene ta de beweging fan de Prerafaëliten.

Libben en wurkBewurkje

Collier wie in soan fan Sir Robert Perret Collier, de lettere baron Lord Monkswell, abbekaat en parlemintslid. Hy krige syn oplieding oan it Eton College, in public school by Windsor, en folge skilderûnderjocht by de skilder Lawrence Alma-Tadema dy't fan Frysk komôf wie. Hy studearre fierder oan de Slade School of Fine Art yn Londen, yn Parys by Jean-Paul Laurens en yn München oan de Akademie der Bildenden Künste. Hy ûntjoech him ta portretskilder en waard sterk ynspirearre troch John Everett Millais. Fan 1870 ôf oan eksposearre er by de Royal Academy of Arts.[1]

John Collier boaske yn 1879 oan Marian Huxley, in dochter fan de biolooch Thomas Huxley, Fellow of the Royal Society, de Britske Akademy foar Wittenskippen. Sy wie ek skilderes, studearre oan de Slade School en oan de Royal Academy. Sy krigen in dochter, Joyce, wêrnei't Marian in post-natale depressy krige. Sy stoar yn 1887 yn Parys oan in longûntstekking.

Yn 1889 troude Collier mei Marian har jongere suster Ethel. Mei't sa'n houlik destiids yn Ingelân net tastien wie[2] wie de plechtichheid yn Noarwegen. Ut dit houlik waarden in soan en in dochter berne. Harren soan Laurence Collier wie de Britske ambassadeur yn Noarwegen fan 1941 oant 1951.

Collier wurdt rekkene ta ien fan de bêste portretskilders fan syn tiid, mar hy keas ek faak tema's út de skiednis, de literatuer of de mytology. Hy makke teffens boekyllustraasjes, lykas 32 ôfbylden by roman The Trumpet-Major (1880) fan Thomas Hardy yn it tydskrift Good Words.[3]

Wurk (in kar)Bewurkje

BibliografyBewurkje

  • A Primer of Art, 1882
  • A Manual of Oil Painting, 1886
  • The Art of Portrait Painting, 1905
  • The religion of an artist, 1926

Keppelings om utensBewurkje