Haadmenu iepenje

John Dykstra (Holland (Michigan), 16 jannewaris 18751959) wie in Amerikaansk steatspolitikus.

John Dykstra
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
echte namme John Dykstra
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
bertedatum 16 jannewaris 1875
berteplak Holland (Michigan)
stjerdatum 1959
stjerplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
partij Republikeinske Partij
lid fan it Hûs fan Offurdigen fan 'e steat Michigan
amtsperioade 19271934
1rightarrow.png Dizze side giet oer de Amerikaanske politikus. Foar de Amerikaanske special effects-technikus, sjoch: John Dykstra.

Libben en karriêreBewurkje

Dykstra waard yn 1875 berne yn Holland, yn 'e Amerikaanske steat Michigan, yn in krite dêr't har in protte Nederlânske ymmigranten nei wenjen set hiene. Hy wenne yn Muskegon, en wie fan berop trambestjoerder.

Fan 1927 oant 1934 tsjinne er as lid fan 'e Republikeinske Partij yn it Hûs fan Offurdigen fan it Steatskongres fan Michigan, dêr't er it 1e kiesdistrikt fan Muskegon County fertsjintwurdige. By de ferkiezings fan 1934 waard er ferslein troch syn Demokratyske tsjinkandidaat. Letter besocht er om 'e nocht en wurdt keazen yn 'e steatssenaat fan Michigan.

Dykstra wie in oerlibbene fan 'e ferwoastgjende brân yn it Kerns Hotel, yn 'e Michigaanske steatshaadstêd Lansing, op 11 desimber 1934, dêr't seis oare leden fan it Hûs fan Offurdigen fan Michigan, T. Henry Hewlett, Charles D. Parker, Vern Voorhees, John W. Goodwine, Don E. Sias, and D. Knox Hanna, en steatssenator John Leidlein by omkamen.

Dykstra ferstoar yn 1959, yn 'e âlderdom fan 84 jier.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.