John Jorritsma

Johannes Arnoldus (John) Jorritsma (Boalsert, 16 septimber 1956) is in Nederlânsk bestjoerder en politikus fan de VVD.

John Jorritsma

LibbensrinBewurkje

Jorritsma wie tusken 1987 en 1991 gemeentesekretaris fan Loenen oan de Fecht. Fan 1991 oant 1997 wie hy dit yn de gemeente Sint Oedenrode. Dêrnei waard hy, fan 1997 oant 2002, boargemaster fan Kranendonk. Ek wie hy yn dizze perioade, 1994 oant 1998, lid fan de Provinsjale Steaten fan Noard-Brabân foar de VVD. Nei syn boargemasterskip fan Kranendonk waard hy de direkteur fan it Brabânske Untwikkelings Maatskippij. Fan 1 maaie 2008 oant septimber 2016 wie hy de Kommissaris fan de Kening(inne) fan Fryslân, hjirmei wie hy de opfolger fan Ed Nijpels en hjirmei wie hy de fjirde VVD'er op rige dy't dizze baan hat. Sûnt 13 septimber 2016 is hy boargemaster fan Eindhoven.

NjonkenfunksjesBewurkje

As boargemaster fan Eindhoven is Jorritsma ek foarsitter fan de Metropoalregio Eindhoven (MRE). foarsitter fan de feilichheidsregio Brabân Súdeast (VRBZO). Binnen it domein fan iepenbiere oarder en feilichheid is er regioboargemaster en mei-foarsitter fan de Taskforce Noard-Brabân en Seelân. Dêrneist is er foarsitter fan Brainport Eindhoven, lid fan it Ynternasjonaal Strategysk Oerlis en lid fan de Ried fan Tafersjoch fan it Dutch Institute for Technology, Safety and Security (DITSS).

Jorritsma hat ek noch funksjes dy't net oan it amt fan boargemaster ferbûn binne, nammentlik: foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch en Ried fan Advys fan Stichting Innovatie Recreatie en Ruimte en lid fan it bestjoer fan it Nasjonaal Restauraasjefûns.[1]

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Curriculum Vitae John Jorritsma Gemeente Eindhoven, rieplachte d.d. 7 augustus 2019