John Le Mesurier
John Le Mesurier (berne as John Charles Elton Le Mesurier De Somerys Halliley) (Bedford, 5 april 1912 – Ramsgate, 15 novimber 1983) wie in Ingelsk akteur, dy't yn Nederlân benammen bekend waard troch syn rol as sersjant Arthur Wilson yn de komeedzjesearje Dad's Army.
John Le Mesurier | ||
![]() | ||
![]() | ||
Le Mesurier yn de film Surprise Attack (1951) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 1912 | |
stoarn | 1983 | |
jierren aktyf | 1938-1983 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
BiografyBewurkje
John Le Mesurier wie in soan fan abbekaat Charles Elton Halliley. It folk fan syn mem, Amy Michelle Le Mesurier, kaam fan it Kanaaleilân Alderney, dat bestjoerlik ûnder Guernsey falt. Le Mesurier gie nei de iepen biere skoalle yn Dorset en woe eins yn de fuotleasten fan syn heit gean. Mar John fielde al gau dat aktearjen syn ropping wie. Doe't er 20 jier wie begûn er mei de seine fan syn âlden, te studearjen oan de Fay Compton School of Acting, dêr't Alec Guinness yn syn klasse siet.
Yn de Twadde Wrâldoarloch tsjinne er as kapitein oan it noardwest yndyske grinsgebiet. Nei de oarloch gied er wer oan it toaniel en makke syn filmdebút yn Death in the Hand yn 1948. Ein jierren fyftich hied er in protte filmrollen, benammen yn produksjes fan de Boulting Brothers.
Yn 1968 krige er syn meast rol, dy fan sersjant Arthur Wilson yn de hitsearje Dad's Army. Yn Nederlân ferskynde dy searje ûnder de namme Daar komen de schutters. Hoewol't er in foarkar hie foar komeedzje, wurke hy ek yn drama en wûn in BAFTA award foar Bêste Akteur yn 1971 foar syn rol yn Dennis Potter's TF-film Traitor.
PriveelibbenBewurkje
John Le Mesurier hat trije kear troud west. Fan 1939 oant 1947 mei June Melville en fan 1949 oant 1965 mei Hattie Jacques, mei wa't er twa soannen krige: Robin Le Mesurier (* 1952) en Kim Le Mesurier (1956 -1991). Yn syn tredde houlik, fan 1965 oant syn dea yn 1983, wie er troud mei Joan Le Mesurier.
Filmografy (karút)Bewurkje
- Private's Progress (1956)
- The Battle of the River Plate (1956)
- Brothers in Law (1957)
- Another Time, Another Place (1958)
- Follow a Star (1959)
- Too Many Crooks (1959)
- Carlton Brown of the FO (1959)
- The Hound of the Baskervilles (1959)
- I'm All Right Jack (1959)
- Ben-Hur (1959)
- School for Scoundrels (1960)
- The Day They Robbed the Bank of England (1960)
- Never Let Go (1960)
- Doctor in Love (1960)
- The Bulldog Breed (1960)
- The Pure Hell of St Trinian's (1960)
- The Rebel (1961)
- Very Important Person (1961)
- Waltz of the Toreadors (1962)
- The Punch and Judy Man (1963)
- The Wrong Arm of the Law (1963)
- The Mouse on the Moon (1963)
- The Pink Panther (1963)
- The Moon-Spinners (1964)
- War-Gods of the Deep, of The City Under the Sea (1965)
- Where the Spies Are (1965)
- The Early Bird (1965)
- Our Man in Marrakesh (1966)
- The Wrong Box (1966)
- Eye of the Devil (1966)
- Salt and Pepper (1968)
- The Italian Job (1969)
- Doctor in Trouble (1970)
- Dad's Army (1971)
- The Alf Garnett Saga (1972)
- The Adventure of Sherlock Holmes' Smarter Brother (1975)
- Jabberwocky (1977)
- Who Is Killing the Great Chefs of Europe? (1978)
- Unidentified Flying Oddball, of The Spaceman and King Arthur (1979)
- The Fiendish Plot of Dr. Fu Manchu (1980)