John Walter (Londen, 1 jannewaris 1738 - Teddington, 17 novimber 1812) wie in Ingelske krante-útjouwer en oprjochter fan de krante The Times, dy't er op 1 jannewaris 1785 lansearre ûnder de namme The Daily Universal Register. Hy folge syn oplieding oan de Merchant Taylor' School, destiids fêstige yn Londen.

John Walter
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 1 jannewaris 1738
berteplak Londen
stoarn 17 novimber 1812 (74 jier)
stjerplak Teddington (Middelseks)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
aktyf as ûndernimmer, útjouwer
reden
  bekendheid
stifter fan it deibêd The Times

Libben en wurk bewurkje seksje

Walter wie fan de dea fan syn heit Richard Walter (om 1755/6 hinne) ôf oant 1781 belutsen by in bloeiend bedriuw as koalehanneler. [ 1 ] Walter spile in foaroansteande rol by de oprjochting fan de koalebeurs (Coal Exchange) yn Londen; mar koart skoft nei 1781, doe 't er him allinnich as fersekerder dwaande hâlde en lid waard fan Lloyd's, oerspile er syn hân en gie er fallyt.

Yn 1782 kocht er fan in Henry Johnson in oktroai foar in nije drukmetoade mei logotypen (d.w.s. wurden of parten fan wurden, yn stee fan letters), en brocht dêr in pear ferbetteringen yn oan. Yn 1784 kocht er in âlde printerij yn Blackfriars, dy't de kearn foarme fan it Printing-house Square fan letter datum, en fêstige dêr syn Logographic Office.

Yn it earstoan hold Walter him allinne dwaande mei it printsjen fan boeken, mar op 1 jannewaris 1785 begûn er in lytse krante, The Daily Universal Register, dy 't by it berikken fan it 940e nûmer op 1 jannewaris 1788 omdoopt waard ta The Times.

De printerij ûntjoech him en bloeide, mar de krante hie ynearsten in wat rommelich bestean. Op 11 july 1789 waard Walter feroardiele om smaad tsjin de hartoch fan York en waard er feroardiele ta in boete fan £ 50, in jier fêstsitten yn Newgate, in oere oan de skandpeal en sân jier boarch stean foar goed hâlden en dragen; foar fierdere smaad waard de boete ferhege mei £ 100 en de finzenisstraf mei in twadde jier. Op 9 maart 1791 waard er lykwols op fersyk fan de Prins fan Wales frijlitten en krige er graasje.

Yn 1799 waard Walter op 'e nij feroardiele foar in technyske smaad, diskear op Lord Cowper. Hy hie doe de lieding fan it bedriuw oerdroegen oan syn âldste soan, William en hie him yn 1795 weromlutsen yn Teddington, dêr't er oant syn dea wenne.
Yn 1759 wie er troud mei Frances Landen (ferstoarn yn 1798), mei wa 't er seis bern krige. William Walter joech mei gauwens de taken op dy 't er yn 1795 op him nommen hie, en joech yn 1803 de lieding fan it bedriuw oer oan syn soan, John Walter.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: