John Wilson (Ottawa)

John Wilson (yn 'e krite fan 'e Grutte Marren, ±1813 – yn Kansas, 9 april 1870) wie in opperhaad fan 'e Ottawa. Syn Yndiaanske namme wie Pah-tii, ek wol stavere as Pah-tee of Partee. Wilson hie de lieding oer de Ottawa dy't yn 1867 út Kansas wei nei Oklahoma deportearre waarden. Letter soe út dy groep de Ottawa Stamme fan Oklahoma fuortkomme.

John Wilson (Ottawa)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pah-tii
oare namme John Wilson
nasjonaliteit Ottawa
berne ±1813
berteplak krite fan de Grutte Marren)
stoarn 9 april 1870
stjerplak yn Kansas
etnisiteit Ottawa
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e Ottawa
jierren aktyf 18?? – 1870

Wilson waard omtrint 1813 berne yn it gebiet fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika, wierskynlik yn 'e Amerikaanske steat Michigan of Ohio. Etnysk hearde er ta de Ottawa, in Yndiaansk folk dat fan âlds in Algonkwynske taal sprekt en nau besibbe is oan 'e Odjibwe (Ojibwe), dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde.

Yn 'e iere njoggentjinde iuw hiene de súdlike Ottawa-troepen yn Ohio, Illinois en súdlik Michigan ferskate Yndianereservaten: Blanchard's Fork, Roche de Bœuf en Auglaize. Yn 1830 naam it Amerikaanske Kongres lykwols de Wet op de Yndiaanske Ferwidering oan, wêrby't de deportaasje fan Yndiaanske stammen nei gebieten bewesten de Mississippy regele waard om romte te meitsjen foar blanke kolonisten. Neitiid waarden de Ottawa yn Ohio, Illinois en súdlik Michigan ûnder druk set om 'frijwillich' har lân op te jaan. Uteinlik tekenen harren foaroanlju yn 1833 in 'ferwideringsferdrach', wêrby't de Ottawa earst nij lân krije soene yn Iowa. Nei't it ferdrach al tekene wie, makke it Amerikaanske regear dêr lykwols ynstee Kansas fan, dat noch in stik fierder nei it westen ta lei.

De deportaasje, dy't ek Wilson trof, fûn plak yn april 1837. Fan 'e 600 Ottawa dy't nei Kansas ta emigrearren, stoaren mear as 300 yn 'e earste twa jier, troch ûnderkuolling, útputting, ûnderfieding en om't se har net oanpasse koene oan it grutte klimaatferskil tusken de koele, fochtige wâlden fan Ohio en de drûge, hjitte flakten fan Kansas. Lykwols moasten de Ottawa yn Kansas bliuwe, en nei ferrin fan tiid bouden se der in nij bestean op, mei in eigen Yndianereservaat by wat no de stêd Ottawa (Kansas) is. Yn dy tiid ûntjoech Wilson him ta ien fan 'e wichtichste foaroanlju fan syn Ottawa-troep.

Mar ûnderwilens skode ek de kolonisaasje fierder op nei it westen ta, en yn 1867 wiene de Ottawa fan Kansas twongen om fannijs ta te jaan oan 'e druk om harren lân ôf te stean. Diskear waarden se nei it suden ta deportearre, nei Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma), dat doedestiden in soarte fan sammelbak wie foar ûnwinske Yndianen. Under de deportaasje dêrhinne hie John Wilson de lieding oer de troep. Hy beävensearre dat de Ottawa yn 'e noardeasthoeke fan Oklahoma sa'n 60 km² lân oankochten fan 'e Eastlike Sjâny Stamme, sadat se dêr in nij reservaat fêstigje koene. Nettsjinsteande dat easke de nije ferhuzing wer in grut tal deaden, en úteinlik wiene der noch mar 200 Ottawa oer dy't har op har nije lân nei wenjen setten.

Wilson sels reizge yn 1869 nei it fiere Washington, D.C. ta om syn folk te fertsjintwurdigjen yn ûnderhannelings mei it Amerikaanske regear. Hy kaam yn 1870 yn Kansas te ferstjerren, en waard dêr begroeven op it Yndiaanske begraafplak fan Ottawa. Mei syn frou, dy't mooglik Abigail of Terez hiet, hied er teminsten ien en mooglik trije bern, in soan en twa dochters. Ut 'e Ottawa-troep dy't Wilson nei Oklahoma ta late, kaam letter de Ottawa Stamme fan Oklahoma fuort, dat tsjintwurdich in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten is.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: