Jolene Blalock (San Diego, 5 maart 1975), is in Amerikaansk aktrise en model. Se is ferneamd wurden mei har rol as de bûtenierdske astronaute T'Pol yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: Enterprise.

Jolene Blalock
akteur
Jolene Blalock yn 2006.
Jolene Blalock yn 2006.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jolene Blalock
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 maart 1975
berteplak San Diego (Kalifornje)
etnisiteit Skotsk
jierren aktyf 1998 – no
offisjele webside
mrsrapino.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Blalock, dy't fan Skotsk komôf is, waard yn 1975 berne yn San Diego, yn it uterste suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja waard grutbrocht yn in húshâlding mei trije oare bern en wie yn har jonkheid gauris dwaande troch mei surfen en keunstsinnige leafhawwerijen. Yn in fraachpetear sei se dat de status fan sekssymboal, dy't se krige troch har rol yn Star Trek: Enterprise har wakker oer it mad kaam, mei't se as bern in ûnoannimlik foarkommen hie en de jonges beslist net fan har ôf hoegde te slaan. Mei famkes koe se likemin goed oer de wei, dat hja hie in iensume bernetiid, sûnder echte freonen.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Geandewei de puberteit ûntjoech it ûnsjogge einepykje har lykwols ta in swan, en op har santjinde gie Blalock út 'e hûs om yn Jeropa en Aazje as model te wurkjen. Yn 1998 makke se har debút as aktrise op 'e tillefyzje, yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Veronica's Closet. Se hie roltsjes yn ferskate oare tillefyzjesearjes, lykas Love Boat: The Next Wave, CSI: Crime Scene Investigation en JAG, en spile ek yn 'e tillefyzjefilm Jason and the Argonauts, út 2000.

Yn 2001 krige Blalock ien fan 'e haadrollen taparte yn in nije tillefyzjesearje fan 'e ferneamde science fiction-franchise Star Trek, te witten: Star Trek: Enterprise. Dêryn spile se fiif seizoenen en yn totaal 98 ôfleverings lang ûnder-oerste T'Pol, in Vulcaanse dy't tsjinst nimt op in Ierdsk romteskip. Dy rol foarme foar Blalock har grutte trochbraak; se waard der tige populêr mei en wûn yn 2001 de Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise op 'e tillefyzje. Neffens de Amerikaanske edysje fan it manljusblêd FHM wie se yn 2005 de op njoggen nei meast seksy frou op 'e wrâld. Se stie twaris mei in glamourfotoreportaazje yn it manljusblêd Maxim, en yn april 2002 posearre se, mei de klean oan, ek foar it neakenblêd Playboy.

Sûnt Star Trek: Enterprise yn 2005 stopset waard, is it mei Blalock har karriêre wat yn it neigean rekke. Se hie rollen yn B-films as Starship Troopers 3: Marauder (2008) Sinners and Saints (2010) en Sex Tape (2014), wylst se ek gastrollen fertolke yn ôfleverings fan tillefyzjesearjes as Stargate SG-1, CSI: Miami en House. Echte grutte rollen giene lykwols oan har foarby.

Priveelibben bewurkje seksje

Jolene Blalock stiet derom bekend dat se net in protte ynterviews jout en frijwol nea Star Trek-konvinsjes besiket. Se wennet yn Los Angeles en is troud mei sakeman Michael Rapino, mei wa't se yn 'e kunde kaam doe't syn bedriuw, Live Nation, har frege foar in reklamekampanje foar bier. It oansyk kaam fan har kant, en it pear troude op 22 april 2003 yn Negril, op Jamaika. Hja hawwe trije bern. Mei har man is Blalock de oprjochter fan 'e Rapino Foundation, dy't him taleit op ûntwikkelingswurk yn 'e Trêde Wrâld. Fan Blalock is fierders bekend dat se in grut hûneleafhawster is.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1998 Veronica's Closet frou #3 gastrol; ôfl. Veronica's Breast Efforts
1999 Love Boat: The Next Wave frou gastrol; ôfl. Prom Queen
2000 G vs E Libby gastrol; ôfl. Cougar Pines
2000 D.C. Kristi weromkearende rol; ôfl. Truth en Justice
2000 Jason and the Argonauts Medéa minysearje
2000 CSI: Crime Scene Investigation    Laura Garris gastrol; ôfl. Crate 'n' Burial
2001 JAG korporaal Lisa Antoon    gastrol; ôfl. Touch and Go
2001 On the Edge Charlie syn frou tillefyzjefilm
2001 The Diamond Hunters Ruby Grange minysearje
2001–2005 Star Trek: Enterprise T'Pol fêste rol; 98 ôfl.
Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise op 'e tillefyzje (2001)
2003–2004 Stargate SG-1 Ishta weromkearende rol; ôfl. Birthright en Sacrifices
2006 I Dream of Murder Joanna tillefyzjefilm
2008 CSI: Miami Feratelli Porter gastrol; ôfl. Bombshell
2009 House Lexa gastrol; ôfl. Teamwork
2009 10 Items or Less harsels gastrol; ôfl. Star Trok
2010 Legend of the Seeker suster Nicci weromkearende rol; ôfl. Dark en Perdition
2017 My Favorite Bachelor Brenda tillefyzjefilm
films
2000 Queen for a Day frou yn it giel koarte film
2005 Slow Burn Nora Timmer
2007 Shadow Puppets Kate Adams
2008 Starship Troopers 3: Marauder kaptein Lola Beck direkt-op-fideo útbrocht
2010 Sinners and Saints Stacy
2011 One Kine Day C.C.
2012 Troubled Teen mem koarte film
2014 Sex Tape Catalina
2014 Killing Frisco Jolene

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.