Foarnamme

namme dêr't minsken út deselde famylje mei útelkoar hâlden wurde kinne
(Trochferwiisd fan Jongesnamme)

In foarnamme is it earste part fan 'e folsleine namme fan in minske. Dizze foarm fan 'e namme wurdt yn ynformele fermiddens brûkt, tusken famyljeleden, freonen en goekunde. Yn kristlike fermiddens waard eartiids (en inkeld noch wol) de oantsjutting doopnamme brûkt foar 'foarnamme'. Mei foarnammen wurde fierders lju útinoar holden dy't deselde efternamme hawwe. Lykwols kin it foarkomme dat minsken sawol deselde efternamme as deselde foarnamme hawwe, fral as it dêrby giet om nammen dy't in protte foarkomme ("Jan de Jong", "Piet Visser", "Klaas Dijkstra") of as it leden fan deselde famylje binne. Faak wurdt de foarnamme ôfkoarte ta in inisjaal, in inkele letter mei in punt derefter ("J. de Jong").

Poalske famkesnammen.

Mear foarnammen

bewurkje seksje

It komt foar dat persoanen mear as ien foarnamme hawwe. Dêrby steane de foarnammen yn in fêste folchoarde. It hawwen fan twa foarnammen komt in protte foar, en dy wurde wol oaninoar ferbûn mei in keppelstreekje, bgl. Gert-Jan Segers, mar faak ek net, bgl. Allard Jan van der Scheer. As se ferbûn wurde troch in streekje, wurde se faak as ien namme behannele en ek as sadanich brûkt. Wurde se net op dy wize ferbûn, dan wurdt ornaris inkeld de earste foarnamme brûkt en de twadde weilitten: Allard van der Scheer. Soms wurdt ien fan beide foarnammen (meastal de twadde) dan ôfkoarte ta in inisjaal, bgl. Albert H. Friedlander, hoewol't de foarm wêrby't de earste foarnamme ôfkoarte wurdt ta in inisjaal, bgl. G. Willem Abma, hiel inkeld ek foarkomt.

Yn 'e Feriene Steaten neamt men in twadde foarnamme in middelnamme, mar dy oantsjutting komt yn Nederlân eins net foar. Wol kin it wêze dat persoanen mear as twa foarnammen hawwe, in gebrûk dat fral mank de adel en yn roomske fermiddens oanwaakse kin ta fjouwer of noch mear foarnammen (bgl. jhr. Tjaard Anne Marius Albert van Humalda van Eysinga). Prins Bernhard, de man fan keninginne Juliana, hie sels njoggen foarnammen: Bernhard Leopold Frederik Everhard Julius Coert Karel Godfried Pieter prins fan Lippe-Biesterfeld.

Under protestantske en sekuliere Friezen komt (of kaam foarhinne) it hawwen fan twadde foarnammen net in soad foar. Om lju mei deselde foar- en efternammen fan inoar te ûnderskieden waard dêrom gebrûk makke fan patronimen, de foarnamme fan 'e heit foarsjoen fan in genityfútgong op -s, dy't as middelnamme tafoege waard, bgl. Piter Sjoerds Gerbrandy, Piter Jelles Troelstra, Jouke Annes Bakker, Sjirk Frânses van der Burg. Dit wie in oerbliuwsel fan 'e Fryske nammen fan foar de tiid dat der efternammen oannommen waarden, doe't de folsleine namme útslutend bestie út in foarnamme en in patronym, bgl. Minne Simens.

De term 'foarnamme' jout it gebrûk fan dit soarte persoansnammen yn 'e Westerske wrâld wer; yn 'e sinosfear (Sina, Koreä, Japan, Taiwan, Fjetnam en Kambodja), mar ek mank de Sineeske diaspoara en de Samen, op Madagaskar en yn Hongarije, is de 'foarnamme' nammentlik it lêste diel fan 'e namme, dat efter de 'efternamme' pleatst wurdt (de ferneamde Hongaarske dichter en revolúsjonêr Sándor Petőfi, om in foarbyld te jaan, hiet dus eins Petőfi Sándor).

Foarhinne spile by it jaan fan foarnammen oan nijberne poppen it gebrûk ferneaming in wichtige rol, wêrby't bern deselde foarnamme taparte krigen as âldere famyljeleden, sadat in foarnamme 'yn de famylje' bleau. Yn dat ramt wie it foarhinne yn Fryslân gebrûklik dat de âldste soan út in gesin nei de pake oan heitekant ferneamd waard, de twadde soan nei de pake oan memmekant, de trêde nei de âldste omke oan heitekant, de fjirde nei de âldste omke oan memmekant, de fyfde nei de twadde omke oan heitekant, ensfh. Krektsa waard de âldste dochter ferneamd nei de beppe oan memmekant, de twadde dochter nei de beppe oan heitekant, de trêde nei de âldste muoike oan memmekant, ensfh. Tsjintwurdich is dit gebrûk oan it útstjerren en jouwe de âldelju har bern faak beskate nammen om't se dy moai fine en net om't famyljeleden ek sa hieten.

 
In lânkaart fan 'e wrâld mei dêrop oanjûn de lannen dêr't ferskate foarmen fan 'e famkesnamme Julia populêr binne.

Yn ynformele fermiddens wurde foarnammen faak ferkoarte, sadat der in ropnamme ûntstiet. Jehannes wurdt dan bygelyks Jan, Willem wurdt Wim, Thomas wurdt Tom, Elizabeth wurdt Lys of Lysbeth, Teresa wurdt Trees, ensfh. Dêrby moat oantekene wurde dat in namme as Jan ek selsstannich foarkomt sûnder dat it in ferkoarte foarm is. Soms wurde folute namme ferkoarte ta ropnammefoarmen dy't mar amper op 'e oarspronklike foarm lykje; sa wurdt yn it Ingelsk William ferkoarte ta Bill.

Keningsnammen en kleasternammen

bewurkje seksje

In spesjaal type foarnammen binne keningsnammen en kleasternammen. Dat binne 'nije' foarnammen dy't soms troch folwoeksenen oannommen wurde as se in troan bestige, as se yn it kleaster yntrede of as se in religieus amt beklaaie. In bekend foarbyld hjirfan wurdt foarme troch de paus fan Rome, dy't by it begjin fan syn pontifikaat altyd in nije namme oannimt. Sa waard Karol Wojtyła paus Jehannes Paulus II, Joseph Ratzinger waard paus Benediktus XVI en Jorge Bergoglio waard paus Fransiskus. Fierders kaam bygelyks de Frânske maarskalk Jean-Baptiste Jules Bernadotte (1763-1844) yn 1818 as Karel XIV Jehan op 'e troan fan Sweden. Guon lju dy't har ta de islaam bekeare, nimme dêrnei ek in nije, islamityske foarnamme oan, lykas de Nederlânske heechlearaar Abdulwahid van Bommel (berne as Wouter van Bommel).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.