Johannes Izaäks (Josse) de Haan (Peins, 20 jannewaris 1941 - Bayonne (Frankryk), 31 oktober 2020) wie in skriuwer en dichter dy't yn it Frysk en Nederlânsk publisearre.

Libben en wurk

bewurkje seksje

Josse de Haan waard berne yn Peins as soan fan Izaäk de Haan, arbeider, petroaljesuteler en keatsbalmakker.

De Haan wie fan 1962 oan 1971 haad fan de skoalle yn Hjerbeam. Yn 1971 waard er beneamd as learaar Nederlânsk oan de Ryksskoallemienskip yn Schagen (N.H.). Njonken syn wurk studearre er MO-Nederlânsk yn Amsterdam. Fan 1962 ôf oan ferskynden der al stikken fan him yn tydskriften. Yn 1988 joech er it ûnderwiis oer en wijde er him alhiel oan de skriuwerij.

De Haan wie yn de jierren 60 pleiter foar fernijing yn de Fryske literatuer. Literatuer moat fan him fernijend wêze, minsken prikkelje en útdaagje. daïstyske en surrealistyske ynfloeden binne yn syn wurk werom te finen; teffens eksperimintearre er mei foarm yn syn proaza.

Sûnt Sûnt 1999 wenne De Haan yn it doarp Hendaye, yn Frânsk-Baskelân. Syn libbenspartner is de Baskyske skriuwster Maite Gonzalez Esnal (1943).
It bedriuwen fan Fryske literatuer op ôfstân fan it heitelân wie foar De Haan gjin probleem. Krekt oarsom; it ynspirearre him.

De Haan hat him ek tige ynset foar de Fryske útjouwerij. Hy wie warber foar de Koperative Utjouwerij. Hy wie mei-oprjochter fan Operaesje Fers en mei Trinus Riemersma fan útjouwerij Q en letter fan útjouwerij Venus.[1]

Josse de Haan skreau romans, koarte ferhalen, toanielstikken, poëzij en berneboeken. Fierders wied er redakteur by de ferskate tydskriften Quatrebras en Trotwaer.

Josse de Haan stoar yn de âldens fan 79 jier yn in sikehûs yn Bayonne.[2]

Yn 2007 waard him de Gysbert Japicxpriis takend foar 'Piksjitten op snyp'. De sjuery wie fan betinken dat De Haan in wichtige bydrage levere hat ta de fernijing fan de Fryske literatuer. De Haan hie al twaris earder nominearre west.

Wurk (karút)

bewurkje seksje
  • Spegelbyld, dichtbondel (1971)
  • Geeffike pears gers (1987)
  • Rapsody yn stien foar Jerusalem fersen (1989)
  • Katastrofe novelle(1992)
  • De lytse dea soms fersen (1996)
  • Piksjitten op Snyp (1999)
  • Nanette (2003)
  • Feuilles mortes - De Anna's (2004)
  • Kastanjes poffe Opstellen/essays oer ('oare') literatuer, analyses fan proazawurken en poëzy (2005)
  • Elja. De skepping fan Gummykut - in film roman (2006)
  • Kidelstiennen heine en slaan (2007)
  • Frozen moonlight yn myn hannen (2013)
  • Frou mei mandoline op sofa, roman (2014)
  • Reade snie en swarte hagelstiennen, roman (2016)
  • Passys, roman (2020)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Omrop Fryslân
  2. Veelzijdig schrijver en Gysbert-winnaar Josse de Haan (79) overleden, Omrop Fryslân, 2 novimber 2020.