Jouster Hockey Club Stix

(Trochferwiisd fan Jouster Hokky Club Stix)

De Jouster Hockey Club Stix (Nederlânsk en offisjeel: Jouster Hockey Club Stix) is in hockeyklup fan De Jouwer. JHC Stix waard op 12 maart 2010 oprjochte en hat fjilden oan de Hege Simmerdyk 1.

Yn 2014 krige Stix in eigen kluphûs dat bestie út twa sjalets, in klaaigebou en in kantine. Dy akkomodaasje waard op 1 novimber 2014 iepene troch tophockeyster, mearfâldich wrâldkampioene en olympyskgoudwinnares Naomi van As. As wurdearring foar har prestaasjes en har foarbyldrol yn de hockeywrâld waard hja beneamd ta earelid fan Stix.

De earste jierren spile de club op gers, sûnt 20 augustus 2016 op in mei sân ynstruid keunstgersfjild. Bûten it keunstgersfjild hat de club in stripe ynspylfjild fan keunstgers mei in ôfmjitting fan 14 by 38 meter. Ek it keunstgersfjild waard op 17 septimber 2016 troch Naomi van As iepene. Op dat stuit hie de club 133 leden.

De club spilet yn in read shirt en in donkerblau rokje/broek mei blauwe sokken. Neist de F-, E-, D-, C-, B- en A-jeugdteams is der in trimhockeygroep.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: