Jules Eugène Lenepveu

Jules Eugène Lenepveu (Angers 12 desimber 1819Parys, 16 oktober 1898) wie in Frânsk keunstskilder.

Jules Eugène Lenepveu
Photo Lenepveu 2.jpg
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Flag of France.svg Frânsk
berne 12 desimber 1819
berteplak Angers
stoarn 16 oktober 1898
stjerplak Parys
wurkpaad
berop/amt keunstskilder
prizen Prix de Rome

LibbenBewurkje

Hy waard berne yn Angers en studearre oan de Ecole des Beaux-Arts yn Parys. Letter wied er in learling yn it atelier fan François-Édouard Picot. Nei't er mei syn wurk La mort de Vitellius de "Prix de Rome" wûn, gyng er nei Rome om syn oplieding te foltôgjen. Lenepveu wie fan 1873 oant 1878 direkteur fan de Frânske Akadeemje yn Rome.

Jules Eugène Lenepveu waard benammen bekend fanwegen syn grutte histoaryske doeken en de koepel fan it Operagebou. Yn de jierren 1960 krige Marc Chagall de opdracht om de koepel op 'e nij te skilderjen. Chagall woe lykwols it wurk fan Lenepveu net ferneatigje en sa waard syn nije wurk oer dat fan Lenepveu hinne spand. Tusken 1886 en 1890 skildere er in freskosyklus oer it libben fan Jeanne d'Arc yn it Panthéon yn Parys.

Hy ferstoar yn 1898 en waard begroeven yn Angers op it Cimetière de l'Est.

Yn 1900, twa jier nei syn dea, waard in monumint foar him oprjochte yn de binnentún fan it Musée des Beaux-Arts.

Wurk (seleksje)Bewurkje