Jules de Goncourt

Jules Huot de Goncourt (Parys, 17 desimber 1830 - dêre, 20 juny 1870) wie in Frânsk skriuwer, dy't yntensyf gearwurke mei syn broer Edmond. De famylje stamme út Goncourt yn it departemint Haute-Marne. Harren heit wie ofsier yn it leger fan Napoleon. De bruorren besochten beide it Paryske lycée Condorcet.

Jules de Goncourt

De bruorren Edmond en Jules de Goncourt droegen by ta it naturalisme troch it bleatlizzen fan it ûnbekend-psychologyske efter harren personaazjes, hja makken seis romans yn kolloboraasje. Harren sin foar nuânse kaam fuort út harren doetiidske berop as skilder-yllustrator. Ien fan harren boeken, Dagboek, waard útjûn yn de biografyske boekerige Privé-Domein fan Utjouwerij De Arbeiderspers. Dat boek wiene de bruorren yn 1851 mei útein set, skriuwers as Sainte-Beuve, Gautier, Flaubert en Zola komme yn dat boek foarby. Yn Parys hiene de bruorren ek in soad kontakt mei de Russyske skriuwer Ivan Toergenjev.

Jules de Goncourt waard, lykas syn broer, begroeven op de Cimetière de Montmartre yn Parys.

Wurk bewurkje seksje

mei Edmond de Goncourt:

  • Sœur Philomène (1861)
  • Renée Mauperin (1864)
  • Germinie Lacerteux (1865)
  • Manette Salomon (1867)
  • Madame Gervaisais (1869)

Keppelings om utens bewurkje seksje