Jurjen Balthasar

(Trochferwiisd fan Jurrien Balthasar)

Jurjen Baltasar (Zwickau by Chemnitz, ± 1607 - Ljouwert, ± 1671) wie in klokkejitter. Hy wurke yn Ljouwert fan 1650 oant 1668. Neist klokken geat er as brûnsjitter ek kanonnen, wichten, fizels en sylpotten (dêr't slûsdoarren yn draaie).

Libben en wurk bewurkje seksje

Jurjen Baltasar waard berne yn Zwickau, Dútslân. Hy kaam nei Nederlân ta en wie yn 1642 ynskreaun as boarger fan De Bosk. Hy ferfear nei Ljouwert en waard dêr yn 1654 opfolger fan Jacob Noteman. Hy krige op 25 maart 1654 oktroai fan de Fryske Steaten. Yn 1656 waard er offisjeel boarger fan Ljouwert.

Jurjen hat troud west mei Elske Folraets dy't yn 1671 opnij boaske mei Pieter Izaäk Overney, ek in brûnsjitter, dy't him letter ek opfolge.

In fizel fan syn hân út 1660 wurdt bewarre yn it Prinsessehof, it Frysk Museum hat in belle (1655) fan him. Der binne sa'n 19 tsjerkeklokken fan him bekend. Under oaren yn de tsjerken fan:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Balthasar, Jurjen.