Itensiedmuseum De Flear

(Trochferwiisd fan Kôkmuseum De Flear)

Itensiedmuseum De Flear, ek: Kulinêr Histoarysk Museum wie (ein 20e iuw oant 2009) in kulinêr histoarysk museum oer ambachtlik makke iten yn Appelskea. It ythûs mei itensiedmuseum stie yn it sintrum fan Appelskea. Elk jier wiene der wikseljende eksposysjes oer de kokens fan ús foarâlden. It tema "tradysjes en rituelen rûnom fieding" wie de reade tried.

Itensiedmuseum De Flear

De metoade fan it wekken fan fleis en grienten is âlder as hûndert jier. Sa wie der wekguod fan ûnder oare it eilân Rottumereach, destiids ynmakke troch de eardere eilânfâd Toxopeus.
By priuwerijen koene 'ferjitten grienten en produkten’ preaun wurde om sa de kulinêre tradysjes te bewarjen. Troch de fergonklikens fan kokenark is net folle ark bewarre bleaun. Der wiene ferskate soarten selsmakke keukenark en -reau te sjen, ûnder oare in jirpelrasp. Dy is makke fan in konservenblikje en stiet symboal foar de fergonklikens fan it ark en reau yn de folkskoken. It museum organisearre ek itensiedworkshops en rûnliedings. Nei de tiid koene besikers yn it museum ite. De kaart wiksele alle wiken fan tradisjonele Hollânske oant histoaryske gerjochten.

It museum hie in kulinêr argyf mei tûzenen itensiedersboeken.