Ka
In ka (ek: toerka of tsjerkka) (Coloeus monedula) heart ta de kriefûgels en is ien fan de lytste leden fan dizze famylje.
ka | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Coloeus monedula | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Skaaimerken bewurkje seksje
De grize sydhals en efterholle en de ljochtgrien-grize eachring binne merktekenjend.
Habitat bewurkje seksje
In Ka mei graach yn stedlik gebiet wêze, mar hâldt ek ta yn bosken mei holle beammen en by rotswanden mei spjalten, dêr't hja yn nestelje kinne. Yn bebouwing nestelje se ek yn skoarstiennen. De Ka libbet yn kloften, dy't benammen winterdeis útgroeie kinne ta koloanjes.
Fiedsel bewurkje seksje
Kaen ite ynsekten, mar ek sied, nôt en yn de stêd breakrûmen en oar itensôffal. In Ka is in opportunist dy't rûnom frijwat maklik iten fynt.
Gedrach yn finzenskip bewurkje seksje
Kaen binne yntelliginte fûgels dy't eartiids wol as hûsdier holden waarden en dy't, fral at se jong yn kontakt mei minsken komme, tige nuet wurde kinne. It is tsjintwurdich by wet ferbeaen om kaën te hâlden. Dit is ek net maklik - in Ka is in enerzjike, warbere fûgel dy't yn in kouwe weikwine; at se âlder wurde geane se in soarte fan pearferbining mei harren fersoarger oan. Sy kinne dan sels jaloersk wurde en lulk op oaren reagearje.
Fuortplanting bewurkje seksje
De 4-5 aaien wurde 16-17 dagen bebret en de jongen fleane nei sa'n 30-35 dagen út.
Fersprieding bewurkje seksje
Kaen komme yn in it grutste part fan it pale-arktysk gebiet foar.
-
Aaien fan de Ka
Keppeling om utens bewurkje seksje
- www.zwartevogels.nl - Oer gedrach en foarkommen fan krie-eftigen, benammen de Ka
- SOVON - Fersprieding en oantalsûntwikkeling fan de Ka
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Corvus monedula fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
</References> |