It Kabinet-Hitler krige 30 jannewaris 1933 de macht yn it Dútske Ryk. Sûnt it oannimmen fan de Machtigingswet op 23 maart 1933 hie rykskânselier Adolf Hitler diktatoariale folmachten. Yn it earstoan hie it kabinet mar fjouwer NSDAP-leden; yn de rin fan de jierren waarden dat stadichoan mear.

Leden fan it kabinet-Hitler nei de earste gearkomst op 30 jannewaris 1933. Sittend: Göring, Hitler, Von Papen. Steand: Seldte, Gereke, Schwerin von Krosigk, Frick, von Blomberg, Hugenberg

Mei Hitler einige de Weimarrepublyk en begûn nazi-Dútslân.

Der kin fan in kabinet sprutsen wurde omdat dat orgaan yn 1933 en 1934 yndie 42 kear byelkoar kaam. Yn de jierren dêrnei hat der mar út en troch in geakomst fan de ministerrie west. De lêste gearkomst wie op 5 febrewaris 1938. Der waard wol fergadere of dinearre mei twa as trije ministers tagelyk om praktyske saken af te stemmen, mar fierders wie it regearingspraktyl dat Hitler audiïnsjes hold dêr’t ynstruksjes jûn waarden.

De "Führer" lieaude stiiffêst yn it prinsipe fan liederskip. Syn ministers moasten selsstannich lieding jaan kinne en dwaan wat Hitler harren hjitte. Troch mear as ien minister op itselde mêd te setten soarge Hitler fan fijannigens en konkurrinsje. De oare kant fan dy ‘ferdiel en hearskje’-polityk wie gaos, fergriemen fan tiid en middels en ferswakking fan de posysje fan it ryksregear yn it foardiel fan de SS en de Gealieders fan de NSDAP d’'t as keninkjes regearren en befellen út Berlyn somtiids negearren.

Yn de fan Albert Speer fergrutte rykskanselarij yn Berlyn wie in seal foar de ministerrie ynrjochte. Speer seit yn syn memoires dat ministers him soms fregen as se ‘harren’ sit ris sjen mochten. Sy beseagen dan swijend in tal minuten de blauwe map mei har’ namme dêrop. De seal is nea brûkt [1].

De gearspanners fan de 20e july 1944 seagen yn it brek oan in polityk en administratyf koördinearjend orgaan ien fan de oarsaken foar de ferwezen tastân fan Dútslân yn it fyfde oarlochsjier. Yn harren blaudruk foar in nij ryksregear soe de "Grutte Generale Staf" alle macht krije.[2]

Funksje Minister Partij Oantekening
Rykspresidint Paul von Hindenburg (1925-1934) partijleas
Karl Dönitz (1945) NSDAP neffens Hitler syn testamint
Rykskânselier Adolf Hitler (1933-1934) NSDAP
Joseph Goebbels (1945) NSDAP Hitlers testamint
Führer en Rykskânselier Adolf Hitler (1934-1945) NSDAP Amten Rykspresidint en Rykskânselier ferienige
Liedend minister fan de demissjonêre Ryksregearing Lutz Schwerin von Krosigk (1945) partijleas
Ficekânselier Franz von Papen (1933-1934) partijleas
Ryksminister fan Bûtenlânske Saken Konstantin von Neurath (1933-1938) partijleas, letter NSDAP al sûnt 1932 yn funksje
Joachim von Ribbentrop (1938-1945) NSDAP
Arthur Seyss-Inquart (1945) NSDAP Hitler's testamint
Lutz Schwerin von Krosigk (1945) partijleas Dönitzregearing
Ryksminister fan Binnenlânske Saken Wilhelm Frick (1933-1943) NSDAP
Heinrich Himmler (1943-1945) NSDAP
Paul Giesler (1945) NSDAP Hitler's testamint
Wilhelm Stuckart (1945) NSDAP Dönitzregearing
Ryksminister fan Finânsjen Lutz Schwerin von Krosigk (1933-1945) partijleas sûnt 1932 yn funksje
Ryksministers fan Ekonomyske Saken Alfred Hugenberg (1933) DNVP
Kurt Schmitt (1933-1935) NSDAP
Hjalmar Schacht (1935-1937) NSDAP
Hermann Göring (1937-1938) NSDAP
Walther Funk (1938-1945) NSDAP
Albert Speer (1945) NSDAP Dönitzregearing
Ryksministers fan Arbeid Franz Seldte (1933-1945) DVP, letter NSDAP
Theodor Hupfauer (1945) NSDAP Hitlers testamint
Franz Seldte (1945) NSDAP Dönitzregearing
Ryksministers fan Justysje Franz Gürtner (1933-1941) partijleas sûnt 1932 al yn funksje
Franz Schlegelberger (1941-1942) NSDAP ad interim, sekretaris-generaal
Otto Georg Thierack (1942-1945) NSDAP
Ryksminister fan Definsje Werner von Blomberg (1933-1935) partijleas
Ryksminister fan Oarloch (tusken 1938 en 1945 waarnaam troch Hitler en de Wehrmacht) Werner von Blomberg (1935-1938) partijleas
Karl Dönitz (1945) partijleas
Ryksministers fan Ferkear Paul Freiherr von Eltz-Rübenach (1933-1937) partijleas sûnt 1932 al yn funksje
Julius Heinrich Dorpmüller (1937-1945) NSDAP
Ryksministers fan Post Paul Freiherr von Eltz-Rübenach (1933-1937) partijleas al sûnt 1932 yn funksje
Wilhelm Ohnesorge (1937-1945) NSDAP
Julius Heinrich Dorpmüller (1945) NSDAP Dönitzregearing
Ryksministers fan Fieding en Lânbou Alfred Hugenberg (1933) DNVP
Richard Walther Darré (1933-1944) NSDAP sûnt 1942 mei ferlof
Herbert Backe (1944-1945) NSDAP sûnt 1942 demissjonêr
Ryksminister foar Folksfoarljochting en Propaganda Joseph Goebbels (1933-1945) NSDAP
Werner Naumann (1945) NSDAP Hitler syn testamint
Ryksminister fan Loftfeart Hermann Göring (1933-1945) NSDAP
Ryksminister fan Wittenskip, Opfieding en Foarming Bernhard Rust (1934-1945) NSDAP
Ryksministers fan Bewapening en Munysje Fritz Todt (1940-1942) NSDAP
Albert Speer (1942-1943) NSDAP
Ryksministers fan Bewapening en Oarlochsproduksje Albert Speer (1943-1945) NSDAP
Karl Saur (1945) NSDAP
Ryksminister fan de Besette Eastelike Gebieten Alfred Rosenberg (1941-1945) NSDAP
Ryksminister fan Tsjerklike Oangelegenheden Hanns Kerrl (1935-1941) NSDAP
Hermann Muhs (1941-1945) NSDAP
Steatsminister mei de rang fan Ryksminister en Haad fan de Kânselarij fan de Führer en Rykskânselier Otto Meissner (1937-1945) partijleas
Ryksminister en Haad fan de Rykskânselarij Hans Lammers (1937-1945) NSDAP
Ryksministers sûnder portefúlje Hermann Göring (1933) NSDAP
Rudolf Hess (1933-1941) NSDAP plakfervanger fan de Führer
Ernst Röhm (1933-1934) NSDAP haad fan de staf fan de SA
Hanns Kerrl (1934-1935) NSDAP
Hans Frank (1934-1942) NSDAP sûnt 1939 gûverneur-generaal fan de besette Poalske kriten
Hjalmar Schacht (1937-1943) NSDAP oant 1939 ek presidint fan de Ryksbank
Konstantin von Neurath (1938-1945) NSDAP 1939-1943 Reichsprotektor fan Bohemen en Moraavje
Arthur Seyss-Inquart (1938-1945) NSDAP earder bûnskânselier fan Eastenryk, nei 1940 ek rykskommissaris fan Nederlân
Martin Bormann (1941-1945) NSDAP haad fan de partijkânselarij fan de NSDAP en sekretaris fan de Führer
Wilhelm Frick (1943-1945) NSDAP Reichsprotektor fan Bohemen en Moraavje
Herbert Backe (1943-1944) NSDAP tsjinstdwaand Ryksminister fan Fieding en Lânbou
Robert Ley (1945) NSDAP Hitlers testamint, lieder fan it Arbeidsfront

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Albert Speer, "Erinnerungen", 1969, kapitel 8. S. 128.
  2. Albert Speer, "Erinnerungen",1969, kapitel 26. S. 400.