Kaiserdom St. Bartholomäus
De Kaiserdom St. Batholomäus (Frysk: Keizerdom Sint-Bartoloméus) is it âldste tsjerkegebou yn de Dútske stêd Frankfurt am Main. De domtsjerke hat nea in katedraal west yn de betsjutting fan in biskopstsjerke, mar wie it plak dêr't fan 1562 oant 1792 de keizers fan it Hillige Roomske Ryk kroand waarden. Under oare dêrom kin de dom beskôge wurde as ien fan de wichtichste bouwurken fan Dútslân en benammen yn de 19e iuw stie de tsjerke symboal foar de Dútske ienheid.
Kaiserdom St. Bartholomäus | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
plak | Frankfurt am Main | |
adres | Domplatz 1, 60311 Frankfurt am Main | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1250-1514; 19e iuw | |
boustyl | Gotyk | |
offisjele webside | ||
Side gemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeUt 19e iuwsk ûndersyk hat it bliken dien dat op it plak al sûnt de 7e iuw in tsjerke stien hat. It tsjintwurdige gebou is de tredde tsjerke op itselde plak. De bou duorre fan 1250 oant 1514. Yn 1514 wie it jild op en sadwaande waard de hast foltôge toer doe mei in flakke needkoepel ôfsletten. Dy sitewaasje bleau sa bestean oant yn de 19e iuw de toer neffens de midsiuwske plannen foltôge waard.
De tsjerke bestiet út in trijeskepige halletsjerke mei in 5/8 koersluting. Oan de westlike kant stiet de toer mei in fjouwerkant grûnplan. Fanwegen de bebouwing bleau it skip fan de tsjerke hiel koart (mar trije traveeën), wylst it dwersskip dêr foar oer lang is. De dom waard folslein fan natoerstien boud.
Bou
bewurkje seksjeNei't de foargonger yn it begjin fan de 13e iuw bot yn ferfal rekke die in delegaasje fan it Frankfurter stiftkapitel paus Gregorius IX oan om help te freegjen foar de renovaasje fan de stiftstsjerke. De paus garandearre in ôflaat fan tweintich dagen foar elkenien, dy't mei jild of wurk it sines bydroech oan de renovaasje. Al gau waarden de westlike tuorren, it skip en it dwersskip restaurearre en ynstee fan in apsis krige de tsjerke in lang romaansk koer. Op 24 augustus 1239 waard de renovearre tsjerke wijd oan de "Ferlosser, ús Heare Jezus Kristus en de hillige Bartoloméus". Pas nei de wijing fan it heechalter yn 1239 gyng it patrocinium oer op de apostel Bartoloméus. Yn dy tiid waard ek útein set mei de fergrutting fan it tsjerkeskip en de bou fan de no noch besteande dielen fan de tsjerke. It skip nei westlike rjochting te ferlingen wie net mooglik, om't de buorlju harren eigendommen net ferkeapje woene. Dêrom waard útwreiding socht yn de ferbreding fan de sydskepen oant de breedte fan it dwersskip. De sydskepen waarden no hast like breed as it middenskip. It middenskip sels bleau de breedte hâlden fan de sealtsjerke út de 8e iuw.
Oant it begjin fan de 14e iuw groeide de stêd hurd. Frankfurt waard in frije ryksstêd en it wie regelmjittich it plak dêr't de ferkiezings foar in nije kening holden waarden. Meastentiids barde dat yn de Bartholoméustsjerke, mar somtiden ek yn it dominikaner kleaster. Yn 1356 liet Karel IV Frankfurt fêstlizze as de stêd dêr't tenei de keizer keazen waard. Lykas oare grutte plakken winske Frankfurt ek in gruttere tsjerke, alhoewol't Frankfurt gjin biskopsstêd wie. Dêrom naam de stêd sels de leie en fanôf 1315 begûn de fyfte bou, sa't dy tsjintwurdich noch jimmeroan bestiet. De besteande tsjerke, in griemmank fan karolingyske, romaanske en ier-gotyske boufoarmen, koe noch altiten net fierder nei it westen fergrutte wurde en dêrom waard tusken 1315 en 1349 it tachtich jier âlde romaanske koer oan de eastlike kant ôfbrutsen en ferfongen troch in folle langer en breder heechgoatysk koer. Dêrmei ûntstie de fjirde tsjerke op it plak en de earste gotyske hallentsjerke yn it Mittelrhein-gebiet.
It nije koer wie folle breder, heger en langer as it middenskip, itjinge safolle wol sizze dat it net om in fergrutting, mar dat der in folslein nij ûntwerp fan hiel oare ôfmjittings ûntstean soe. It 5/8 ôfsletten koer is krekt as it skip trije traveeën lang en hat in krúsribferwulft en mei planten en it Laam Gods dekorearre slútstiennen. De oarsponklike ramen út de 14e iuw bleaune net bewarre, mar it koerstuolte fan de stiftshearen wol. Mei gebrûk fan noch âldere sydkanten út de 13e iuw waarden oant 1352 oan eltse kant fan it koer twa rigen banken boud. Op de wangen binne û.o. Karel de Grutte mei in model fan de tsjerke yn de hân en Bartoloméus, mei oer syn skouder syn eigen ôfstrûpt fel, te sjen. De nijbou waard sûnt 1338 brûkt foar de earetsjinst. De wijing fan it heechalter barde earst alve jier letter, op 13 april 1349, doe't de nijbou nei alle gedachten folslein foltôge wie.
Krekt foar de foltôging fan it koer waard it 500 jier âlde karolingyske dwersskip sloopt om in begjin meitsje te kinnen mei de nije, grutte Bartoloméustsjerke. Fanwegen de besteande bebouwing oan de westlike kant waard der foar keazen om de tsjerke yn de breedte te fergrutsjen: tusken it nije koer en it ier-gotyske tsjerkeskip feriisde it langste dwersskip fan de Europeeske gotyk. De noardlike earm fan it dwersskip ûntstie tysken 1346 en 1353 en it súdlike diel yn de jierren 1352-1358. Der ûntstie no in sintraalbou yn de foarm fan in Gryksk krús. Yn de hoeken fan it dwersskip en it koer waarden oan de noardlike kant in Marijekapel (1351) mei de oangrinzgjende sakristy en oan de súdlike kant in Magdalenakapel (1355) boud. It wie de opset om it legere tsjerkeskip oan te passen oan it hegere dwersskip en koer, mar dat fûn lang om let pas yn de 19e iuw plak. Tagelyk mei de Magdalenakapel waard tusken it eastlike travee fan it skip en it súdlike dwersskip de Wolfgangskapel boud.
Noch altiten hie it gebou gjin represintative toer fanwegen de bebouwing oan de westlike kant. Nei de ôfbraak fan it âlde riedshûs, in diel fan de kleastergong, in hûs en it âlde karolingyske westwurk fan de eardere Salvatortsjerke kaam der romte foar de toer, dêr't op 6 juny 1415 de earste stien foar lein waard. Troch de ferhâldings yn it grûnbesit bleau de toer fan miet ôf oan yn it besit fan de stêd. De orizjinele tekening fan de toer is yn it Historisches Museum fan Frankfurt bewarre bleaun. De bou fan de toer eine mar stadich. Yn 1447 waard de twadde ferdjipping foltôge en it achthoekige boppediel ûntstie foar in grut part tusken 1483 en 1490. De lêste midsiuwske boumaster fan de dom sleat de toer mei in provisoarysk dak ôf en liet it oarspronklike plan om de toer mei in lantearne te bekroanen falle. Yn 1514, nei in boutiid fan 99 jier, kaam der troch krisis en religieuze feroarings in ein oan it wurk oan de net foltôge toer.
De Wahlkapelle, it eigentlike plak dêr't de keizer keazen waard, waard yn 1425 achter de Magdalenakapel oan it koer boud.
Reformaasje
bewurkje seksjeYn 1514 kaam der in ein oan de bou fan de toer en dêrmei einige ek de midsiuwske bouskiednis fan de Bartoloméusdom. Ynstee fan it religieuze fjoer dat yn de 13e en 14e iuw de bou fan tsjerke feroarsake, kaam der krityk op de Tsjerke. Untefreden groepen lykas de Dopers, de revolusjonêre boeren en de humanisten kamen op, mar it measte súkses hie fan ôf 1517 de lear fan Maarten Luther. Yn 1522 hold de muonts Hartmann Ibach foar it earst in protestanske preek yn de Katharinenkirche fan Frankfurt. Trije jier letter waard de Bartoloméusdom opdield: de stiftshearen en de boargers dy't trou bleaune oan de roomske lear krigen it koer tawiisd, wylst de protestanten de rest fan de tsjerke krigen. Yn 1530 foege de stêd har offisjeel by de reformaasje, op 23 april 1533 folge in folslein ferbod fan de katolike mis yn de stêd, dus ek yn it koer fan de Bartoloméusdom, en yn 1536 foege de stêd him by it Schmalkaldysk Ferbûn, in ferbûn fan lutherske lannen tsjin de mooglike represaillemaatregels fan de roomske keizer. Tsjien jier kaam it ta oarloch tusken de partijen, in geunstige gelegenheid foar de stêd om grutte dielen fan it stiftsfermogen yn beslach te nimmen.
Nei't op 24 april 1547 de troepen fan it Schmalkaldysk Ferbûn de Slach by Mühlberg tsjin de legers fan Karel V ferlearen, waard Frankfurt tsjin it sin fan grutte dielen fan de befolking wer in katolike stêd. Tegearre mei fjouwer oare stifts- en kleastertsjerken waard de Bartolomeústsjerke wer oan de katoliken weromjûn. By de opstân fan de protestanske foarsten yn 1552 bleau Frankfurt trou oan de keizer, itjinge in belegering fan trije wiken lang troch protestanske troepen ta gefolch hie. De stêd bleau trou oan de keizer en waard yn 1562 troch omstannichheden de kroaningsstêd fan it Hillich Roomske Ryk doe't Maksimiliaan II dêr ta keizer keazen waard. De Bartoloméustsjerke fan it protestanske Frankfurt bleau sa oant de lêste Roomsk-Dútske keizer Frâns II de tsjerke dêr't de keizers fan it Hillich Roomske Ryk kroand waarden.
Yn de Tritichjierrige Oarloch waard Frankfurt yn 1631 beset troch de troepen fan de Sweedske kening Gustaaf Adolf. De katolike Bartoloméusdom waard troch de besettingsmacht op 'e nij in protestanske tsjerke. Mei de Frede fan Praach yn 1635 kaam in ein oan de Sweedske besetting en de dom waard dit kear defintyf oan de katoliken weromjûn. It stift as eigner fan de tsjerke hie oan oansjen, rykdom en ynfloed foars ynboed, mar doe't fan ôf 1670 Italjaanske keaplju mei harren hûshâldings yn Frankfurt nei wenjen setten, naam it tal katoliken fan 0,5% fan de Frankfurter befolking ta oant sa'n 6%. De goederjouwske katolike Italjanen droegen by oan it weroplibjen fan it stift.
Om't der wer jild wie koe sûnt hast 200 jier wer neitocht wurde oan it ferbouwen fan de tsjerke. Om 1700 hinne waard de tsjerke yn barokke styl modernisearre. By it barokkisearjen fan it tsjustere en as âlderwetsk beoardiele bouwurk gyngen wichtige gotyske keunstwurken ferlern. It gotyske doksaal, sûnt iuwen it plak dêr't de proklamaasje fan de nijkeazen keizer plakfûn, waard ôfbrutsen en fan in smei-izeren hek ferfongen. It ynterieur fan de tsjerke waard wyt oerkalke en dêrmei ferdwûnen de fresko's en in fries út 1407-1427 mei 28 foarstellings út it libben fan Bartoloméus. Om dy tiid hinne waard it ek wenstich om de tsjerke mei dom of keizersdom oan te tsjutten.
19e iuw
bewurkje seksjeOp 14 july 1792 waard Frâns II yn Frankfurt ta de lêste keizer fan it âlde ryk kroand. Yn oktober fan itselde jier namen de Frânske revolúsjetroepen Frankfurt yn. Op 2 desimber feroveren Prusen en Hessen de stêd werom, mar de Frânske oermacht wie net te kearen. Op 19 oktober 1802 waarden alle geastlike foarstendommen opheven en al it tsjerklike en kleasterbesit ûnteigene. Dêrmei kaam ek in ein oan it Bartoloméusstift. Sûnt dy tiid is de tsjerke it eigendom fan de stêd Frankfurt. De skiednis fan it âlde ryk en dêrmei ek de frije ryksstêd Frankfurt as keizerstêd einige op 6 augustus 1806, doe't Frâns II ôfstân die fan de troan en it ryk as opheven ferklearre.
Yn de jierren 1854–1856 folge in restauraasje fan de domtsjerke. De kappen fan it ferwulft en dielen fan it gotyske ynterieur waarden renovearre en de tsjerke waard op 'e nij beskildere. Op de flakke koepel wie efkes earder in latearn mei ferljochting setten, de saneamde Reichslaterne (rykslantearne).
Net lang nei de restauraasje waard yn de tiid fan de Dútske Kriich de frije stêd Frankfurt, offisjeel neutraal, op 16 july 1866 troch Prusyske troepen beset. Under dy besetting ûntstie der un de nacht foar de earste besite fan kening Wilhelm I op 15 augustus 1867 brân yn in stege achter de tsjerke. In sterke eastlike wyn die it fjoer nei it dak fan de dom oerslaan en al gau stie it hiele dak yn de lôge. It hegere diel fan de toer mei de tolve klokken waarden folslein troch it fjoer ferwoastge. Mei útsûndering fan it heechkoer gyng it ynterieur yn de rest fan de tsjerke ferlern. By de brân ferlearen fjouwer minsken it libben. De oare moarns ûnthiet de kening op it plak fan de ramp fuortendaliks help by de weropbou en al gau waard dêr ûnder lieding fan de arsjitekt Franz Josef von Denzinger mei útein set. Net allinne waard by de weropbou acht slein op de besteande boudielen, mar ek de bou fan de yn de midsiuwen nea foltôge dielen waarden yn it restauraasjeprojekt meinommen. Sa ek it ûntwerp fan de toer sa't de boumaster Madern Gerthener dy oarspronklik tekene hie.
Om't de toer wat skeef begûn te stean, moasten earstnoch de 450 jier âlde fûneminten fersterkt wurde. Op 6 oktober 1877 wie de toer klear. Ynstee fan de hichte fan 72,50 meter foar de brân wie de toer no 94,80 meter heech. Noch itselde jier krige de toer in njoggental klokken mei in hast 12 ton swiere Gloriosa, de op ien nei grutste brûnzen klok fan it lân. Allinne troch gelokkige omstannichheden waarden de klokken letter yn de beide wrâldkrigen sparre foar ferneatiging, sadat se ek tsjintwurdich noch liede. It dak fan de tsjerke waard mei in moderne izerkonstruksje wer opboud en it ynterieur krige in idealisearre neogotyske ynrjochting. Ek krige de tsjerke op de skieding fan de toer en it skip in nije galerij foar it nije oargel en waarden it ferwulft mei seis meter ferhege en de finsters feroare. De net mear besteande ynrjochting waard foar in part ferfongen troch oare gotyske alters, dêr't de pastoar jierrenlang nei socht hie op souders en yn doarpstsjerken en neitiid restaurearje liet. De weropbou waard ôfsletten mei in rige fan muorreskilderijen fan de Nazarener Eduard von Steinle, dy't it hiele ynterieur bedieken. De skilderijen stelden foarstellings út it Alde- en Nije Testamint foar en yn it dwersskip sênes út de skiednis fan de Dútske keizers. Op 14 april 1878 waard de domtsjerke lang om let as it "Skathûs fan de Dútske skiednis" mei in feestlike mis wer oan de parochy oerdroegen.
De domtsjerke stie yn de midsiuwen noch hast folslein tusken de bebouwing. Oant yn de 19e iuw wie de tsjerke noch oan de súdkant en westkant folslein ynsletten troch hûzen, dy't dêr al sûnt de 14e iuw stiene. Yn it ramt fan de doetiidske gongbere misfetting dat midsiuwske tsjerken frijsteande gebouwen op pleinen wêze moasten, waard dy bebouwing yn de rin fan de 19e iuw sloopt. Alles wat net yn it ideale byld fan de suvere heechgotyk paste en de kleare styl fersteure moast fan de arsjitekt ferdwine, sûnder dêrby acht te slaan op de monumintale wearde. Sa waarden ek it westlike diel fan de kleastergong út 1418 en oanbuorjende gebouwen slachtoffer fan sloop.
1944
bewurkje seksjeMei seis swiere loftoanfallen fan de Alliearden waard tusken oktober 1943 en maart 1944 de grutste gotyske binnenstêd fan Midden-Jeropa foar it meast ferneatige. It slimst wie de skea fan de oanfal fan 22 maart 1944, doe't mear as tûzen gebouwen yn de binnenstêd, benammen fakwurkhûzen, foslein ferwoastge waarden. Ek de Bartoloméusdom hie slim te lijen fan it kriichgeweld. Brânbommen sloegen troch it dak fan it súdlike dwersskip, dêr't mei in tal kapellen nea fan oerbleau. De rest fan it gebou baarnde hielendal út. De belangrykste ynventaris wie lykwols no op 'e tiid yn feilichheid brocht. Acht fan de njoggen klokken, dêrûnder ek de Gloriossa, wiene al yn 1942 yn beslach nommen en nei it klokketsjerkhôf fan Hamburg transportearre om se dêr foar grûnstof om te ranen. De toer fan de tsjerke bleau mei dêryn de lêste klok foar it measte sûnder skea.
De twadde weropbou
bewurkje seksjeNei it púnromjen waarden yn july 1947 de klokken werom helle en wer plechtich ynwijd. Pas yn 1948 begûn de weropbou fan de domtsjerke ûnder lieding fan Hermann Mäckler en Alois Giefer. Ek no wer besochten de arsjitekten misfettings út it ferline goed te meitsjen, itjinge benammen jilde foar de feroarings fan nei de brân. De oargelgalerij fan Denzinger yn it westen fan it skip waard ôfbrutsen en it ynterieur krige in hiel nije kleurstelling. De skilderijen fan Eduard von Steinle, tsjintwurdich in tige wurdearre 19e iuwske keunstner, waarden mei de âlde stúklaach fuortslein om de muorren dernei op 'e nij te stúken yn in wite kleur. De pylders bepaalden troch de ferwidering fan it stúkwurk neidrukliker dan foarhinne it ynterieur. Al mei al krige it ynterieur fan de tsjerke in nofteren en saakliker útstrieling, dat oanslette by de nei-oarlochske moade. De fernielde ramen waarden ferfongen troch ljochtkleurich yndustryglês. De omjouwing fan de tsjerke wie lykwols folslein feroare, fan it midsiuwske strjitten- en stegenpatroan mei bebouwing bleau praktysk neat oer. Nei't in tal neioarlochske oerheidsgebouwen yn 2010-2011 ôfbrutsen waarden, liet de stêd op it frijkommen plak in diel van de bebouwing fan foar 1944 rekonstruearje.
Keizers kroand yn de domtsjerke
bewurkje seksje- 30 septimber 1562: Maksimiliaan II
- 24 juny 1612: Mattias
- 9 septimber 1619: Ferdinand II
- 1 augustus 1658: Leopold I
- 22 desimber 1711: Karel VI
- 12 febrewaris 1742: Karel VII
- 4 oktober 1745: Frâns I
- 3 april 1764: Joazef II
- 9 oktober 1790: Leopold II
- 14 july 1792: Frâns II
Ofbylden
bewurkje seksje-
Untliepenis-alter
-
Gotysk alter (1523)
-
14 iuwsk epitaaf
-
Hillich Grêf (1453)
-
Krusigingsgroep (1509)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kaiserdom St. Bartholomäus
|