Kaitlan Collins (Prattville (Alabama), 7 april 1992) is in Amerikaansk sjoernaliste en ferslachjouster. Hja is benammen bekend wurden as Wite Hûs-korrespondinte foar de nijsstjoerder CNN.

Kaitlan Collins
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Kaitlan Collins yn 2024.
Kaitlan Collins yn 2024.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kaitlan L. Collins
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 7 april 1992
berteplak Prattville (Alabama)
etnisiteit Iersk
wurkpaad
wurksum as ferslachjouster
medium tillefyzje
wurksum by CNN
jierren aktyf 2014 – no
offisjele webside
Kaitlan Collins op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Collins waard yn 1992 berne yn Prattville, yn 'e Amerikaanske steat Alabama, as de op ien nei âldste fan fjouwer bern yn 'e húshâlding fan Jeff Collins, in bankier. Hja is fan etnysk Iersk komôf. Collins folge fuortset ûnderwiis oan 'e Prattville High School en learde dêrnei fierder oan 'e Universiteit fan Alabama yn Tuscaloosa, dêr't se yn maaie 2014 ôfstudearre mei in bachelorgraad yn politikology en sjoernalistyk.

Karriêre bewurkje seksje

Nei't se har stúdzje ôfrûne hie, ferfear Collins út Alabama nei de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Yn juny 2014 fûn se wurk as entertainmentkorrespondinte foar de nijswebside The Daily Caller. Yn jannewaris 2017 waard se befoardere ta polityk ferslachjouster yn it Wite Hûs, de residinsje fan 'e presidint fan 'e Feriene Steaten. Letter dat jier stapte se oer nei CNN, dêr't se ien fan 'e ferslachjouwers waard oangeande nijs út it Wite Hûs. As korrespondinte op sawol de ynternasjonale nijsstjoerder CNN International as de binnenlânske susterstjoerder CNN USA krige Collins neitiid sawol binnenlânske as ynternasjonale bekendheid.

Collins reizge fan 2017 oant en mei 2020 foar har wurk mei de Amerikaanske presidint Donald Trump mei op in stikmannich steatsbesiken. Yn july 2018 ûntstie om har persoan hinne in lytse opskuor doe't har troch it regear-Trump de tagong ûntsein waard ta in parsekonferinsje nei't se Trump earder op it sear kommen wie troch yn it Oval Office fragen te stellen oer syn ferhâlding mei de Russyske diktator Vladimir Pûtin en Trump syn eardere abbekaat Michael Cohen. Neffens harsels waard har troch in Wite-Hûsmeiwurker te witten dien dat har fragen "ûnfoechsum wiene foar dat plak". Neffens Trump syn adviseur Kellyanne Conway gie de útsluting derom dat Collins "fatsoen" leare moast. CNN stelde dat de útsluting "it karakter fan in ferjilding" hie en "net wiisde op in iepene en frije parse". Collins krige stipe fan 'e White House Correspondents Association, dy't de útslúting "folslein ûnfoechsum […] en swak" neamde, en sels fan 'e aartskonservative nijsstjoerder Fox News, dy't him yn dizzen solidêr mei CNN ferklearre.

Yn april 2020 hie Collins in nije oanfarring mei it Wite Hûs ûnder it regear-Trump doe't se by in parsekonferinsje wegere in oar sitplak fierder nei efteren yn 'e seal yn te nimmen. (De fêste sitplakken wiene ûnder de ôfstânsbeheinings fan 'e koroanakrisis tawiisd neffens in plattegrûn fan 'e White House Correspondents Association dêr't funksjonarissen fan it Wite Hûs yn 't foar mei akkoart gien wiene.) Nei har wegering krige Collins in drigemint te hearren dat se troch aginten fan 'e Secret Service by need mei geweld nei in oar plak ta brocht wurde soe as se net foldie oan it fersyk om fan sitplak te ruiljen. Collins bleau by har wegering en it drigemint waard net wiermakke.

Yn 2019 waard Collins troch Mediaite útroppen ta de op 49 nei ynfloedrykste persoan út 'e nijsmedia. Datselde jiers waard se troch it blêd Forbes ek opnommen yn 'e list fan 'e ynfloedrykste 30 ûnder de 30 yn 'e media. Under de kampanje foar Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020, de eigentlike ferkiezings en de neisleep dêrfan (doe't Trump syn ferlies net tajaan woe), wie Collins ferantwurdlik foar in grut part fan 'e CNN-ferslachjouwing út it Wite Hûs. Op 11 jannewaris 2021 krige se promoasje ta haadferslachjouwer njonken Jim Acosta. Mei 28 jier wie se de jongste haadkorrespondint by in grut tillefyzjenetwurk út 'e Amerikaanske skiednis. Har âlde funksje waard neitiid ynnommen troch MJ Lee.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.