Kammingabuorren en omkriten
Kammingabuorren en omkriten is in wyk yn it noardeasten fan de stêd Ljouwert. De wyk hat likernôch 10.710 ynwenners. De wyk bestiet sûnt 2018 út de twa eardere wiken Kammingabuorren en Grutte Wielen & De Griene Stjer. De wyk Kammingabuorren en omkriten bestiet út fiif buerten:
- Kammingabuorren-Noard
- Kammingabuorren-Midden
- Kammingabuorren-Súd
- Grutte Wielen, mei natoergebiet Grutte Wielen
- De Griene Stjer, in rekreaasjegebiet
Kammingabuorren en omkriten | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 10.710 (2017) | |
Oerflak | 978 ha | |
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Plak | ![]() | |
Oar | ||
Postkoade | 8925, 8926 | |
Koördinaten | 53° 13′ NB, 5° 52′ EL |
Kroanenbergerpark in Kammingabuorren-Midden
Tsjerke De Skeakel