Kampo Abdena, ek wol neamd Kampo Abdena fan Hinte (* ûnbekend - † 1380 of 1381) wie in Eastfryske haadling. Hy wenne op in stins by Hinte.

Skiednis bewurkje seksje

Kampo Abdena wie haadling fan Hinte, in plak yn East-Fryslân. Hy wie in soan fan Luerd Abdena en hie ien broer en twa healbroers. Hisko Abdena, dy't letter proast fan Emden waard wie in neef fan him. Kampo boaske mei Gyla von Stedesdorf, en hie 3 bern.

De Abdena's waarden op de ein fan de 14e, begjin 15e iuw, rekkene ta ien fan de wichtichste famyljes fan East-Fryslân. Harren machtssintrum wie de stêd Emden en hja beskikten oer stinzen yn Hinte en Norden. Yn de twadde helte fan de 14e iuw wiene de Abdena's de grutste tsjinstanner fan Okko I tom Brok, doe't dy it bewâld hawwe woe oer hiel East-Fryslân. Hja stipen in oare haadling Folkmar Allena yn syn kriich tsjin Okko I tom Brok.

It leger dat te striden luts tsjin Okko waard oanfierd troch Kampo en Folkmar Allena. Yn de slach by Loppersum dy't ein 1380 of begjin 1381 striden waard wie Kampo ien fan de njoggentich sneuvelen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Primêre Broarne:

  • Eggerik Beninga, Cronica der Frezen.

, Literatuer:

  • Hajo van Lengen, Geschichte des Emsigerlandes: vom frühen 13. bis zum späten 15. Jahrhundert Teil I, Aurich-1973, side 43-44.
  • Eise Engelsma, De Grote Friese Oorlog, Partijstrijd in de Friese landen: 1413-1422, Grins-2010.