Kantongerjocht It Hearrenfean

De Sektor kanton (foarhinne kantongerjocht) op It Hearrenfean sluet yn 2014. Earder foel dit kantongerjocht ûnder it arrondissemint en ressort Ljouwert.

Under sektor kanton It Hearrenfean foelen de gemeenten: It Hearrenfean, Lemsterlân, Eaststellingwerf, Opsterlân, Skarsterlân, Smellingerlân en Weststellingwerf.

Yn Fryslân wiene trije kantons. Neist It Hearrenfean wie der in kanton yn Ljouwert (dat bestiet noch) en in kanton yn Snits (dat ek yn 2013 sletten waard). Oant 1 novimber 2007 wie der ek noch in kanton yn Beetstersweach. Yn Nederlân wiene doedestiden sechtich kantons.