Karin Kraaykamp (Amersfoart, 18 oktober 192725 juny 2018) wie in Nederlânsk omropster dy't fan 1955 oant 1961 by de VARA wurke.

Karin Kraaykamp
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Karin Kraaykamp yn 1957
Karin Kraaykamp yn 1957
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 18 oktober 1927
berteplak Amersfoart
stoarn 25 juny 2018
wurkpaad
wurksum as presintatrise, omropper
medium telefyzje
wurksum by VARA

Libben en wurk bewurkje seksje

Kraaykamp wie foar har houlik aktyf yn it maatskiplik wurk en wie haad fan it Jeugd Rode Kruis yn Amsterdam. Kraaykamp wie in troude frou mei twa bern doe't se fan april 1955 ôf út ein sette as omropster by de VARA. Twa kear yn 'e wike hjitte se de sjoggers wolkom, late telefyzjeprogrammas yn en slute de útsjoerjûn ôf troch eltsenien in goede nachtrêst ta te winskjen. Kraaykamp presintearre ek it Nasjonaal Sjongfestival fan 1956, 1957 en 1959. Yn 1961 gie se frijwillich by de VARA wei.

 
Kraaykamp en har twadde man Maarten van Wamelen

Yn de jierren dêrnei wurke sy foar de VPRO, de AVRO en de TROS. Mei har twadde man Maarten van Wamelen (1935-1982), in ûndernimmer dy't bekend wie yn 'e autosport, presintearre Karin Kraaykamp yn 'e simmer fan 1968 it programma Zonzin foar de TROS. Doe ferdwûn se fan 'e telefyzje. Fia it publisiteitsburo fan har man koe se ynhierd wurde foar kommersjele presintaasjeaktiviteiten en letter wie se warber yn de produksje fan telefyzjeprogramma's. Yn 1974 einige har twadde houlik krekt as earder har earste houlik yn in skieding. Dêrnei wie se direkteur fan felisitaasjetsjinst Happy Service.

Se rjochte yn 1985 de 'Gouden Meiden'-klup op, in groep fan omropfroulju.

Trivia bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fia CBGVerzamelingen.nl en Indexen Stadsarchief Amsterdam