Katedraal fan Ely
De Katedraal fan Ely of de Katedraal fan de Hillige Trije-ienheid (The Cathedral Church of The Holy and Undivided Trinity) fan Ely yn Cambridgeshire, Ingelân stiet fanwegen de romaanske kearn en it Normandyske bouplan model foar de romaansk-normandykse arsjitektuer yn Ingelân. Dêrnjonken hat de katedraal ek in grut tal goatyske boueleminten, in styl dy't hjir al yn 'e 12e iuw tapast waard.
Trije-ienheidkatedraal
Cathedral Church of The Holy and Undivided Trinity | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
Greefskip | Cambridgeshire | |
plak | Ely | |
adres | Chapter House, The College | |
koördinaten | 52° 23' N 0° 15' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Anglikaanske Tsjerke | |
bisdom | Ely | |
patroanhillige | Trije-ienheid | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1083–1375 | |
hichte | 66 meter (westlike toer; hichte skip: 21.9 meter) | |
monumintale status | Grade I listed building | |
Webside | ||
www.elycathedral.org | ||
Kaart | ||
De hjoeddeiske katedraal giet werom op in benediktynske abdijstifting yn de 7e iuw. De doedestiidske prinses fan Northumbria en letter hillich ferklearre Etheldreda (Æthelthryth) wie dêr sûnt it jier 673 de earste abdis. Yn dy tiid lei it plak as in eilân yn in sompich gebiet, dat de Angelsaksen oant 1071 tsjin de Normandjers wisten te ferdigenjen.
Angelsaksyske abdij
bewurkje seksjeDe abdij fan Ely waard yn 672 stift troch Etheldreda, de dochter fan kening Anna fan East-Angelia. De mienskip bestie út nonnen en muontsen. De trije opfolgers fan Etheldreda soene ek leden west ha fan 'e keninklike famylje fan East-Anglia. De ynfallen fan 'e Wytsings soene laat ha ta de ferneatiging fan 'e abdij, alteast teminsten wat de skriftlike boarnen oanbelanget. Mooglik dat guon muontsjen der tuskentiids noch wennen oant yn 970 de abdij ûnder de Benediktynske oarder op 'e nij stifte waard. It krekte plak fan Etheldreda's oarspronklike kleaster is net bekend, mar har reliken soene fan grut belang wurde foar de ûntjouwing fan 'e op 'e nij stifte abdij. De kleastertsjerke fan 970 waard yn of by it skip fan 'e hjoeddeiske katedraal boud en waard sûnt 1102 mei de bou fan 'e Normandyske tsjerke ôfbrutsen.
Bouskiednis
bewurkje seksjeUnder Willem I waard troch de Normandyske abt Siméon mei de nijbou fan 'e romaanske abdijtsjerke úteinset. Siméon wie in broer fan abt Walkelin fan Winchester, in eardere muonts fan 'e abdij St. Ouen by Roeaan. In jier nei de beneaming fan Siméon as abt fan de abdij Ely waard útein set mei de bou fan it nije machtich grutte bouwurk. Siméon wie doe al 90 jier âld.
Normandyske bou
bewurkje seksjeIt ûntwerp fan 'e nijbou toande in soad oerienkomsten mei dy fan Winchester: in krúsfoarmich plan mei in sintrale krusingstoer, transepten mei sydskepen en in healrûne apsis oan it eastlike ein. Yn dy tiid wie it ien fan de grutste bouprojekten noardlik fan de Alpen. De earste boufaze fûn plak oan it eastlik diel fan 'e tsjerke en de noardlike en súdlike dwersskippen. Oan in opfallende brek yn it mitselwurk is te sjen dat it wurk ynienen ophold, wylst de dwersskippen op dat stuit noch net klear wiene. Nei alle gedachten barde dat doe't Siméon ferstoar; der wurdt fanút gien dat Ranulf Flambard, in ynfloedrike minister fan kening Willem Rufus, de post fan Siméon tegearre mei oare posten mei sin en yllegaal net ferfong om sa jild út te sparjen. Nei't Rufus yn 1099 himsels ta biskop fan Durham beneamde en yn 1100 de abdij fan Ely wer in nije abt krige, koe it wurk wer trochgong fine. Dy nije abt Richard sette prikken útein om fan Ely, dat oant dan noch by it bisdom Lincoln hearde, in selsstannich bisdom te meitsjen, mei de abdijtsjerke as katedraal. Abt Richard ferstoar lykwols yn 1107 en sa waard syn opfolger Hervey de Bretanjer yn 1109 de earste biskop fan Ely.
Tsjintwurdich is it Normandyske eastlike ein en de krusing folslein ferfongen, mar yn 'e arsjitektuer fan 'e transepten is noch goed te sjen hoe't it der eartiids útsjoen hawwe moat. De dikke muorren wiene trochbrutsen fan romaanske bôgen, dy't iepenings foarmen nei sydskippen, dy't fan alle kanten it koer en de transepten omklammen.
Sûnt ûngefear 1115 waard der boud oan it skip en om 1120 hinne wie yn alle gefallen it eastlike diel fan it middenskip klear. De grutte lingte easke dat de bou fan it skip yn fazes oanpakt wurde moast en nei de foltôging fan 'e earste fjouwer ën wie de stabiliteit fan de krusingstoer en transepten foldwaande garandearre om in ynpland skoft yn 'e bou yn te stellen. Yn 1140 wie it skip mei de westlike transepten en de westlike toer oant it nivo fan it trifoarium foltôge yn de nochal ienfâldige romaanske styl fan it eardere wurk. Op 'e nij waard der in wurkskoft ynsteld en doe't it wurk tritich jier letter wer oppakt waard, wie der in nije wize om de eardere arsjitektureale eleminten te yntegrearjen yn 'e nije ideeën mei rikere dekoraasjes fan 'e iere goatyk.
Westlike toer
bewurkje seksjeDe heal-boude westlike toer en de boppeste dielen fan 'e twa westlike transepten waarden noch foltôge ûnder biskop Geoffrey Ridel (1174–1189). It slagge de nije boumaster om de yn romaanske foarmen úteinsette bou mei iergoatyske spitsbôgen en detailearre dekoraasjes te foltôgjen mei behâld fan de harmony tusken âld en nij.
De súdlike earm fan it westlike dwersskip einiget mei in pear lytse hoektuorren. De noardlike earm fan it dwersskip stoartte oan 'e ein fan 'e 16e iuw yn en waard net weropboud, wertroch't de westlike gevel syn symmetry ferlear. Details oan it mitselwurk fan 'e toer litte sjen dat in achthoekige toer diel útmakke fan it oarspronklike ûntwerp, alhoewol't de hjoeddeiske westlike achthoekige toer yn 1400 tafoege waard. By alle fazes fan 'e bou fan it westlike ein waard in soad besocht om fersakkings te korrizjearen. Om it ekstra gewicht fan 'e achthoekige toer te ferwurkjen waarden yn 'e jierren 1405-1407 fjouwer nije bôgen oan 'e westlike krusing tafoege. It ekstra gewicht oan dat wurk kin bydroegen ha oan it ynstoarten fan it noardwestlike transept oan 'e ein fan 'e 15e iuw. In ûnbidich grutte steunbear waard dêrnei boud om de restearjende muorren stabiliteit te jaan, dy't oan 'e noardlike side fan de toer yn 'e ôbrutsen steat stean bleaune.
Galiléa-portaal
bewurkje seksjeFoar besikers is it Galiléa-portaal tsjintwurdich de haadyngong. De oarspronklike liturgyske funksje dêrfan is net folslein dúdlik, mar de lokaasje oan 'e westlike kant betsjutte faaks dat it portaal eartiids as in kapel foar boetelingen brûkt waard of as plak dêr't dielnimmers oan prosesjes by inoar kamen of in romte dêr't de muontsen saaklike moetings hiene mei froulju, dy't de abdij net yn mochten. It portaal tsjinnet lykwols ek om de westlike toer op it plak te hâlden. Oer de datum fan 'e bou binne twifels. Mooglik sette dy útein op inisjatyf fan biskop Eustace (1197–1215), mar neffens de arsjitekt George Gilbert Scott soene de details oan 'e bou en it brûken fan beskate materjalen op in eardere datum wize, wylst it yn it byldhouwurk foarkommende bledwurk op in datum nei 1220 wiist. Yn it lêste gefal soe it portaal dan mooglik in projekt wêst ha fan biskop Hugh fan Northwold (biskop fan 1229 oant 1254).
Presbiterium en it eastlik ein
bewurkje seksjeUnder Hugh fan Northwold fûn de earste grutte renovaasje fan in diel fan it Normandyske gebou plak. It eastlike diel bestie út mar fjouwer traveeën, te begjinnen fanôf it koer oant it heechalter en de skryn fan Etheldreda. De biskop liet dat diel útwreidzje mei nochris seis traveeën, dy't yn 17 jier boud waarden yn in ryk dekorearre styl mei in soad gebrûk fan Purbeck-moarmeren pylders en bledsnijwurk. De grutte fan de traveeën, de dikte fan de muorren en de hichten folgen de Normandyske dielen fan it skip, mar de iergoatyske styl makket de útwreiding it meast ferfine en rykst dekorearre Ingelske gebou út dy tiid. De resten fan de hillige Etheldreda waarden oerbrocht nei in nije skryn yn it nije diel, fuort eastlik fan it heechalter. Yn oanwêzigens fan kening Hindrik III en prins Edward waard de katedraal yn 1252 op 'e nij konsekrearre. De romte soarge ek foar folle mear plak foar de pylgers, dy't oan de grêven fan de bysette hilligen yn de tsjerke in besite bringe woene. It preesterkoer waard dêrnei brûkt foar de bysetting fan mear as hûndert minsken, dy't oan de abdij en katedraal ferbûn wiene.
Marijekapel
bewurkje seksjeYn 1321 waard mei de bou begûn fan in grutte, frijsteande Marijekapel (Lady Chapel), dy't troch in oerdekte gong mei it noardlik sydskip ferbûn is. De kapel is 30 meter lang en 14 meter breed en waard boud yn tritich jier tiid. Troch't it wurkfolk en it jild yn 1322 ûnferwachts foar de tsjerke nedich wiene, brocht dat fertraging yn it wurk oan de kapel. De kapel dy't út fiif traveeën mei grutte ramen mei maaswurk bestiet, hie eartiids brânskildere ramen mei nei alle gedachten bibelske foarstellings. Tsjintwurdich binne dy allinne fragmintarysk bewarre bleaun. Biskop Thomas Goodrich folge yn de reformaasje it edikt tige krekt op om alle bylden en katolike foarstellings út de katedraal en kapel te ferwiderjen. Sadwaande binne alle grutte bylden ferdwûn. Fan de reliëfs oan de muorren waarden de hollen ôfkapt, mar oan it grutte tal oare details is faak noch wol te sjen wat de oarspronklike foarstellings ynholden. De kapel waard nei de reformaasje de parochytsjerke foar de stêd en soe dat oant 1938 bliuwe.
Under de ramen rint oan trije kanten fan de kapel in rige ryk dekorearre arkades mei pylderkes fan Purbeck-moarmer, dy't nissen foarmje wêr't jo sitte kinne. Elts travee hat trije nissen en by eltse traveeskieding binne oan de haadpylder gruttere nissen oanbrocht mei foarútstekkende kylbôgen oer in pylder mei dêrboppe in byld fan in kening of biskop.
Boppe eltse bôge binne yn de romte fan de rjochthoekige omlisting en de foarm fan de bôge reliëfs oanbrocht, dy't meiïnoar 93 foarstellings útbyldzje fan it libben en de wûnders fan de Jongfaam Marije. Al it byldhouwurk en de bylden hawwe eartiids beskildere west.
Oktagon
bewurkje seksjeDe sintrale achthoekige toer (oktagon) mei syn pinakels en lantearne foarmet ien fan de meast opfallende en bejubele dielen fan de katedraal. Yn de nacht fan 12 op 13 febrewaris 1322, mooglik as in gefolch fan it graven fan fûneminten foar de Marijekapel, stoartte de Normandyske fieringstoer yn. It wurk oan de kapel moast útsteld wurde om de skea oan de katedraal te reparearjen. Ynstee fan in rekonstruksje op itselde oerflak waard de fiering by de weropbou fergrutte ta in achthoekige romte. De oarspronklike pylders fan de toer waarden ferwidere en troch romten fan de oanslutende traveeën fan it skip, it koer en de transepten der by te lûken ûntstie der mei it hjoeddeiske oktagon in folle gruttere romte dan de oarspronklik rjochthoekige fiering.
De bou fan de unike achthoekige fieringstoer stie ûnder tafersjoch fan Alan fan Walsingham. It bliuwt lykwols in fraach hoe fier syn ynfloed op it ûntwerp rikke, lykas ek de reden werom der foar sa'n drastyske maatregel keazen waard. Mooglik dat it lêste te krijen hie mei de weake ûndergrûn ûnder de pylders fan de âlde fiering en dat soks de reden west hat om it gewicht fan de nije toer nei plakken fierder dêr fan ôf te ferlizzen.
De grutte stiennen toer giet boppe oer yn in houten ferwulft, dat de lantearne liket te dragen. It is lykwols in komplekse houten struktuer boppe it ferwulft dat it dak en de lantearne op it plak hâldt, der binne nammentlik gjin beammen dy't grut genôch binne om de lantearne troch it houten ferwulft drage te litten. De sintrale lantearne is ek achthoekich en hat panelen mei musisearjende ingels, dy't iepene wurde kinne. Ek de lantearne hat in houten ferwulft. Yn it midden is in iken slútstien fan Kristus oanbrocht.
Net dúdlik wurdt hoe grut de skea wie oan it Normandyske koer nei't de toer ynsakke wie, mar de trije restearjende traveeën waarden ûnder biskop John Hotham (1316-1337) rekonstruearre mei in sierlike styl mei floeiend maaswurk. Der is bewiis dat it gjin folsleine nijbou, mar earder in gewoane ferbouwing west ha. Under de achthoek kamen nije koerbanken mei misericordes mei baldekinen.
It wurk oan de Marijekapel waard ek wer oppakt en de twa meast westlike traveeën fan Northwold's presbiterium waarden oanpast troch it dak fan it trifoarium te ferwiderjen om sa de skryn fan Etheldreda better ferljochtsje te kinnen. Likernôch tagelyk waarden de lânsetfinsters fan de sydskepen en trifoaria stadichoan ferfongen troch breden ramen mei maaswurk. Ek setten der yn dat tiidrek bouaktiviteiten útein mei de kleastergebouwen, wêrûnder de bou fan de noch besteande kapel fan prior Crauden (1321-1325; Chapel of Prior Crauden).
Tsjin it ein fan de 15e en oan it begjin fan de 16e iuw waarden yn de meast eastlike traveeën fan de sydskepen fan it koer kapellen ynboud. Yn it noarden in kapel foar biskop John Alcock (1486-1500) en yn it suden in kapel foar biskop Nicholas West (1515-1533).
Reformaasje
bewurkje seksjeOp 18 novimber 1539 leine keninklike beamten beslach op de abdij en al har besittings. Hast twa jier lang bleau de funksje en it besteansrjocht fan de roomske katedralen yn de nije protestantske oarder ûndúdlik. Op 10 septimber 1541 krige de katedraal dan dochs de tastimming om iepen te bliuwen en de lêste prior fan it kleaster, Robert Steward, waard tagelyk de earste deken, dy't tenei mei it kapittel de katedraal bestjoerde. Yn opdracht fan biskop Thomas Goodrich waarden earst de hillichdommen fan de Angelsaksyske hilligen ferneatige. Mei de byldenstoarm gyngen ek hast alle brânskildere ramen ferlern. Oan en yn de Marijekapel waarden alle frijsteande bylden omfier lutsen en fan de reliëfs waarden de hollen ôfslein. Ek op de oare plakken waarden in soad bylden ferneatige. Guon muontsen krigen yn de nije liturgy wer in funksje yn it koar of as leek, sa't ek de kleastergebouwen nije funksjes krigen, wylst oare gebouwen ôfbrutsen waarden. Yn de jierren 1550 waarden de roomske kostberheden ferkocht om in bibleteek oan te skaffen en fan de passaazje nei de Marijekapel waard in earmhûs makke. De Marijekapel sels waard yn 1566 oerdroegen oan de stêd om tenei te tsjinjen as parochytsjerke en it ferfong dêrmei in oar gebou dat net mear foldie en oan de noardlike muorre fan it skip stie. It grut part fan de katedraal hie nei de reformaasje gjin funksje mear, wylst it hiele eastlike ein allinne noch mar brûkt waard foar begraffenissen en betinkings. Dat de katedraal sparre waard foar de ôfbraak wie te tankjen oan trije funksjes: de fersprieding fan it wiere Wurd Gods, ûnderwiiskundige aktiviteiten en de soarch foar earmen.
Yn de jierren 1640 besetten troepen fan Oliver Cromwell Ely, dy't in puriteinsk rezjym ynfierde. Biskop Matthew Wren waard yn 1642 arrestearre en waard de folgjende 18 jier yn de Tower of Londen finzen holden. Dat der yn de tiid fan de Ingelske Boargeroarloch en it Mienebêst gjin nije byldenstoarm barde, hie alles te meitsjen mei de radikale suverings dy't hûndert jier earder al plakfûn hie. Yn 1648 waard der troch it Parlemint op oantrune om de gebouwen ôf te brekken en it sloopmaterjaal te ferkeapjen, sa't de opbringst foar siken, widdo's en bern en ferwûne soldaten brûkt wurde koe, mar útsein dat de gebouwen fierder fertutearzen is der fan algehiele ôfbraak fan de katedraal fierder neat telâne kommen.
Restauraasjes
bewurkje seksjeDoe't Karel II nei syn flecht yn 1646 útnoege waard om werom te kommen nei Ingelân ûntstie der mei de politike restauraasje in proses fan de weropbou fan de Tsjerke fan Ingelân. Matthew Wren, dy't yn de tiid fan de Mienebêst finzen sitte hie, mocht no in nij kapittel oanwize, wylst de deken troch de Kroan waard keazen. It wie ferfolgens in grutte útdaging om de fertutearze gebouwen wer te renovearjen en om de rjochten, grûn en ynkomsten werom te foarderjen. Yn de jierren 1690 waard de katedraal wer moaier makke nij barokke keunstwurken, lykas in nij moarmeren doopfont (dat tsjintwurdich yn de tsjerke fan Prickwillow stiet) en in nij oargelfront op it romaanske doksaal mei musisearjende ingels en oare ornaminten. Nei't yn 1699 de noardwestlike hoeke fan it noardlike transept ynstoartte folge troch de weropbou dêrfan. De weropbou duorre oant 1702 en mei útsûndering fan in nije klassisistyske yngong waarden de muorren en ramen wer yn de romaanske styl rekonstruearre.
De koarhear James Bentham (1709-1794) die yn de 18e iuw in stúdzje nei de skiednis fan de katedraal en publisearre yn 1771 The History and Antiquities of the Conventual and Cathedral Church of Ely. Tegearre mei de arsjitekt James Essex (1722–1784) makke hy it mooglik om in rige renovaasjes en ferbetterings yn de goede folchoarder út te fieren. Der waard útein set mei de restauraasje fan de oktagon en it hiele eastlike diel. Opfallende feroarings yn de tsjerke wiene de ferhûzing fan de koarbanken nei it meast eastlike diel en de ferfanging fan it romaanske doksaal troch in nij doksaal, dat no yn it twadde eastlike travee achter de achthoekige fiering kaam te stean. Sa ûntstie foar it earst in grutte lege publike romte ûnder de oktagon.
Yn de jierren 1840 begûn in nije grutte restauraasje fan de katedraal. Troch in soad resintere tafoegings te ferwiderjen waarden de Normandyske ramen en arkades fan it súdwestlike transept hersteld. Wat letter waard der wurke yn in soad seksjes fan de katedraal; it wurk omfette ûndermear it skjinmeitsjen fan de dikke lagen kalk, it polysten fan de pylders fan Purbeck-moarmer, it beskilderjen en fergulden fan de slútstiennen yn it koer en it kreëarjen fan in grutte iepening ûnder de westlike toer troch in fjirtich jier âld ferwulft fan stúkwurk te ferwiderjen. Fanôf 1847 waard de arsjitekt George Gilbert Scott der by helle om it wurk te begelieden. De koerbanken waarden wer mear nei it westen ferset, mar bleaune yn de eastlike earm fan de tsjerke. Ek wurke Scott oan in nij houten koerhek mei messing doarren, fersette er it heechalter twa traveeën nei it westen en liet er in albasten retabel meitsje. Yn 1876 waard it ûntwerp fan Scott foar de restauraasje fan de oktagon útfierd, dy't safollr mooglik werom brocht waard nei de steat fan foar de 18e iuwske restauraasje fan Essex. Ek waarden barokke tafoeging út 1690 ferwidere.
Fan de midsiuwske brânskildere ramen wie, útsein wat fragminten yn de Marijekapel, hast neat bewarre bleaun. In 18e iuwsk besykjen om it brânskildere glês werom te bringen bleau beheind ta ien raam en wat lytsere fragminten. Fanôf 1854 krige it lannelike entjûsjasme foar glês-yn-lead ek yn Ely foarm en yn hast alle dielen fan de katedraal krigen nije kleurde ramen, levere troch in grut feskaat oan ûntwerpers en gleskers út Ingelân en Frankryk.
Yn it skip waard in nij houten plafond oanbrocht en beskildere mei foarstellings út it Alde en Nije Testamint. Ek waard it ynterieur fan de oktagon fan binnen op 'e nij beskildere.
Noch in grutte restauraasje fûn plak tusken 1986 en 2000. Yn 2000 waard in prosesjepaad boud, wêrby't de ferbining tusken it sydskip fan it noardlike koer en de Marijekapel hersteld waard.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel giet werom op it ynstrumint út 1831 fan de oargelbouwers Elliot en Hill. It oargelfront waard pas yn 1850 boud. Yn 1908 makken de oargelbouwers Harrison & Harrison in nij ynstrumint. Dêrby waard it âldere piipmaterjaal op 'e nij brûkt. Dêrnei folgen meardere restauraasjes. Yn it ramt fan de lêste grutte restauraasje fan de katedraal waard it oargel yn de jierren 1999-2000 útboud en troch Harrison & Harisson restaurearre en fergrutte.
Tsjintwurdich hat it oargel 80 registers op fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektropneumatysk.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Ely Cathedral
|