Kategory oerlis:Frysk gerjocht

Lêste reäksje: 6 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

Dizze namme docht my mear tinken oan arrondiseminten en rjochtbanken as oan rezyntsjebrij en sipelpomp. Is der in alternatyf? Mysha

Frysk iten? J'88 20 okt 2009, 10.20 (CEST)Beäntwurdzje
Ja, dat wie my leaver. Mysha (oerlis)

Der is fansels in ferskil tusken iten en gerjochten. It measte fan wat yn dizze kategory stie, kaam del op koekjes, koekesoarten en gebak. Dat binne gjin gerjochten. Gerjochten binne (neffens it Frysk Hânwurdboek) tamakke iten (d.w.s. besteande út ferskate yngrediïnten), as gehiel klearmakke en optsjinne. Ik haw oan it wjudzjen west, en fan 'e gerjochten hâlde we no ien oer: snert. (Dy namme griist my trouwens oan - ik haw thús altyd leard dat 'snert' in Hollânsk wurd is; wy seinen 'earte'. Mar dat even sydlings.)

Wat de diskusje hjirboppe oangiet: 'gerjocht' is in geef Frysk wurd en is net itselde as 'iten', dat wat my oangiet kin dizze kategory net ferfongen wurde troch de kategory:iten. Ik moat sizze dat ik jo assosjaasje mei de rjochtspraak net daliks haw, Mysha. Mar as jo hjir echt in probleem mei hawwe, dan soene we der "Kategory:Gerjocht (iten)" fan meitsje kinne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 jan 2018, 15.04 (CET)Beäntwurdzje

Snert is in Frysk wurd, sa fier ik wit, oernaam yn it Hollânsk. Mar ik wit net at it faaks beheind wie ta ien dialekt. "Gerjocht" is yn de 19e ieu oernaam út it Hollânsk; at it dêrmei geef Frysk is wit ik net; mei dat "ge-" docht it net Frysk oan. It gros fan wat hjir yn stiet stiet no noch ûnder Iten en drinken, dat om "iten" te sizzen is sa nuver noch net. Mar it mei om my ek Fryske pot wêze at de minksen dat leaver hawwe. Mysha (oerlis)
@Mysha: Ik haw der nochris oer neitocht. Ik bliuw derby dat 'iten' en 'gerjocht' yn prinsipe ferskillende dingen binne. En as in wurd yn 'e 19e iuw oernommen is, dan fyn ik dat we it no hast wolris as geef Frysk beskôgje kinne -- oars moatte we ek wurden as 'keatse' en 'perfoarst' warje, dy't ommers oarspronklik út it Frânsk komme. Mar dat is wer in hiel oar ferhaal. Hoe dan ek, wat ik no eins even sizze woe is dat ik tajaan moat dat de grins tusken 'iten' en 'gerjocht' dizenich is, en dat we ek wol sûnder in aparte kategory foar gerjochten takinne. Sterker noch, dat is miskien wol sa dúdlik foar eltsenien, seker mei it each op it spul dat hjir earder yn 'e kategory:Gerjocht stald wie, wêrby't it beslist net om gerjochten gong. Dat, lang ferhaal koart, ik sil de kategory:gerjocht derút helje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 mrt 2018, 20.56 (CET)Beäntwurdzje
Dêr kin ik my ek wol yn fine, fansels. Dan sjogge wy wol wat der barre moat at der hûnderten fan siden yn opnam binne. Mysha (oerlis)
Werom nei de side "Frysk gerjocht".