Kazan (Russysk: Казань, Tataarsk: Qazan of Казан) is in grutte stêd yn it easten fan Jeropeesk Ruslân oan de iggen fan de Wolga, haadstêd fan de autonome republyk Tatarstan.

Kazan (stêd)
Flagge Wapen
Sifers
Ynwennertal 1.259.173 (2022)
Oerflak 588,98 km² (stedsdistrikt: 638,39 km²)
Befolkingstichtens 2.137,87 ynw./km²
Stêdekloft 1.560.000 ynw. (rûzing 2015)
Hichte 60 m (sintrum)
Polityk
Lân Ruslân
Distrikt Wolga
Autonome republyk Tatarstan
Oar
Stifting 1005, 1391 (stedsstatus)
Tiidsône UTC+3 MSK
Koördinaten 55° 47' N 49° 06' E
Webside www.kzn.ru

Kazan is in drok hannelssintrum op de grins fan Jeropa en Azië mei in ryk kultureel libben, dat ferlike wurde kin mei dat fan Moskou en Sint-Petersboarch. Sûnt 1801 is Kazan in universiteitsstêd en sûnt 2005 hat de stêd ien fan de grutste moskeeën fan Jeropa; de Kûl Sjarifmoskee. Yn 2005 fierde Kazan syn tûzenjierrich bestean.

Namme bewurkje seksje

De oarsprong fan de namme Kazan is net wis. De letterlike fertaling fan it Tataarske wurd qazan is "itensiederspot", mar soe ek ôflaat wêze kinne fan it wurd qazğan, dat "útdold" of "groppe" betsjut.

In qazan wie oarspronklik in soarte fan panne dy't wol wat fan in wok hie. De namme Qazan soe sa te meitsjen hawwe kinne mei de lizzing fan de stêd yn in delling dy't de foarm fan in qazan-panne hat. Teffens giet it romantysker ferhaal fan de Tataarske prinsesse Söyembikä, dy't by it ôfwaskjen in gouden qazan yn de rivier falle litten hawwe soe, op it plak fan de stêd fan no.

Demografy bewurkje seksje

Befolking bewurkje seksje

 
Befolking fan Kazan sûnt 1800

De stêdekloft Kazan hat in befolking fan 1,57 miljoen.

Jier Befolking
1550 50,000
1557 7,000
1800 40,000
1830 43,900
1839 51,600
1859 60,600
1862 63,100
1883 140,000
1897 130,000
1917 206,600
1926 179,000
1939 398,000
1959 667,000
1979 989,000
1989 1,094,378 (folkstelling)
1997 1,076,000
2000 1,089,500
2002 1,105,289 (folkstelling)
2008 1,120,200
2009 1,130,717
2010 1,143,535 (folkstelling)

Stedsdistrikten bewurkje seksje

 
Stedsdistrikten fan Kazan

Kazan is ferdield yn sân distrikten:

Nûmer Distrikt Befolking (2010) Oerflak (km²)
1 Aviastroitelni 111.405 38,91
2 Vakhitovski 86.202 25,82
3 Kirovski 109.125 108,79
4 Moskovski 130.537 38,81
5 Novo-Savinovski 202.997 20,66
6 Privolsjski 227.755 115,77
7 Sovetski 275.514 167,00

Ferneamde ynwenners bewurkje seksje

Berne bewurkje seksje

Stedssilhûet bewurkje seksje

     

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Kazan


  1. (in) N. Lobatsjevski/ Famous people / Offisjele webside fan de stêd Kazan