Kazantsjerke (Irkûtsk)
De Tsjerke fan Us Leaffrou fan Kazan (Russysk: Церковь Иконы Божией Матери Казанская) is in tsjerke fan it otterdokske bisdom Irkûtsk yn de Sibearyske stêd Irkûtsk, Ruslân. De tsjerke leit bûten it histoaryske sintrum fan de stêd yn in arbeidsbuert oan de noardlike kant fan de rivier Usjakovka.
Kazantsjerke
Казанская церковь | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1885-1892 | |
boustyl | Neo-byzantynske arsjitektuer |
SkiednisBewurkje
Mei de bou fan de tsjerke waard op 27 july 1885 útein set, en it gebou kaam yn 1892 ree. It godshûs soe ynearsten oan Nikolaas fan Myra wijd wurde, mar letter waar besletten de tsjerke te wijden oan it Ikoan fan Us Leaffrou fan Kazan. De tsjerke waard yn de Russysk-byzantynske styl boud, in populêre boustyl yn it Ruslân fan de 19e iuw.
Nei de oktoberrevolúsje bleau de tsjerke noch 18 jier iepen, mar yn 1936 waard de tsjerke krektlyk as oare Russyske tsjerken sletten foar de earetsjinst. De tsjerke waard brûkt as pakhûs en krige in bedriuwsbestimming en waard dêrom fan binnen feroare.
Yn 1988 namen de lokale autoriteiten it beslút om de tsjerke te renovearjen. De restaurearre tsjerke waard yn 1994 weromjûn oan de Russysk-otterdokske Tsjerke.[1][2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|