Keulske Feart

(Trochferwiisd fan Keulse Vaart)

De Keulske Feart (Keulse Vaart, âldmoadrich: Keulsche Vaart) wie in kanaal yn de njoggentjind iuw yn de Nederlânske provinsjes Noard-Hollân, Utert en Súd-Hollân. It kanaal ferbûn Amsterdam mei Utert mei de Lek by Vreeswijk. It ferlingde fan dy kanaal wie it Zederikkanaal tusken de Lek by Fianen en de Boppe-Merwede by Gorkum.

Kaart fan de wetterwegen yn Nederlân yn 1878

Yn 1821 waard troch kening Willem I in wet oannommen om it kanaal te graven. Yn 1825 wie it wurk ree. Foar it kanaal waarden besteande wetterwegen brûkt. De farrûte folge de Amstel, Weespertrekfeart, Gaasp, Smal Weesp, Fecht, de Utertske stedsgrêft en de Vaartse Rijn.

De wetterwegen waarden ferbrede en ferdjippe en besteande slûzen waarden fernijd, sa as dy yn Weesp en Vreeswijk. Ek waarden de brêgen beweechber makke. De ferbining wie gâns in ferbettering neffens de sitewaasje foarhinne. Dochs al in pear desenniums letter foldie it kanaal net mear oan de skipfeart fan dy tiid. Der waarden doe nije plannen taret foar in bettere ferbining tusken Amsterdam en de Ryn. Lang om let waard it kanaal part fan it Merwedekanaal. De namme "Keulske Feart" waard letter noch wolris foar dat kanaal brûkt.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: