Kick Wilstra is in fuotbaljende tekenteltsjefiguer dy't yn de 50'er jierren fan de 20e iuw tige populêr wie. De geastlike heit fan Wilstra is Henk Sprenger. De namme Kick Wilstra is in kombinaasje fan de nammen fan trije ferneamde fuotballers út dy tiid: Kick Smit, Faas Wilkes en Abe Lenstra.

Kick Wilstra
persoanlike bysûnderheden
sekse Man
soarte personaazje Stripfiguer
nasjonaliteit Nederlânsk
berop/amt Fuotballer
oare ynformaasje
geastlike heit Henk Sprenger
útjouwer Ketelbinkiekrant
Het Parool
ûntstean 1949

Tekenteltsje bewurkje seksje

De superspits ferskynde foar it earst yn 1949 yn it aventoereboek fan Ketelbinkie. Fan 1952 ôf ferskynden de aventoeren fan Kick Wilstra yn de Rotterdamske Ketelbinkiekrant en yn it Amsterdamske blêd Robs Vrienden. De krante Het Parool soe Wilstra foargoed ferneamd meitsje. Dat joech tusken 1955 en 1960 mar leafst 18 boekjes mei de eksploaten fan Kick Wilstra út.

Koarte 'biografy' bewurkje seksje

Kick Wilstra waard berne yn it doarpke Veendorp. Syn heit, Fabe Wilstra, wie in fanatike oanhinger fan de pleatslike fuotbalklup V.V.V. (Veendorpse Voetbal Vereniging), dêr't Kick al op jonge leeftyd syn yntree makke. Syn grutte fuotbalsuksessen behelle Kick lykwols by Victoria, de Malton Roovers yn Ingelân, en noch letter by de Italiaanske club Titan. Fansels spile de wûnderspits ek in haadrol yn it Nederlânsk alvetal.

Likefolle by hokker club of yn hokker alvetal, as Kick yn it fjild kaam, wie er altyd de útblinker. Sa skoarde hy by syn debút by Victoria as ynfaller fuort de winnende goal en syn earste optreden foar Oranje levere fuortendaliks in hattrick op.

Kick Wilstra troude mei syn jeugdleafde Jannie Robijn. Se krigen trije bern, dêr't de fuotbaljende twilling Rob en Rudi de âldsten fan wiene.

Keppeling om utens bewurkje seksje

[1] - Webstee fan Kick Wilstra