Kim Noorda
Kim Noorda (Amsterdam 22 april 1986) is in Nederlânsk moademodel.
It modellewurk is sy mei begûn yn 2003 nei’t sy troch talintescout Wilma Wakker ûntdutsen wie. Bakker seach har op’e dyk rinnen mei wat freondinnen. Noorda wurdt fertsjintwurdige troch de agintskippen DNA Model Management, Viva Models, Why Not Models en Wilma Wakker, en is it gesicht fan Bvlgari, Omnia, en Crystalline parfum.[1] Noorda is fotografearre troch Peter Lindbergh en hat shows dien foar Chanel, Burberry, Prada, en Dolce & Gabbana en wie ek te sjen op it omslach fan Vogue (Brazylje, Japan, Ruslân), Madame Figaro, D, Marie Claire (Itaalje), Elle (magazine) (Nederlân), Avantegarde (Nederlân), en Harper's Bazaar.[2]
Mjitten
bewurkje seksje- Lingte: 1.81 m.
- Hierkleur: blond
- Lichemsmjitten 85-61-88 sm.
- Kleur eagen: blau
- Kleanmaat: 34
- Skuonmaat: 39
Persoanlik
bewurkje seksjeSy hat twa susters en ien broer. Yn Vogue hat hja rjochtút sprutsen oer hoe dreech at it bytiden is om har gewicht en lichems model foldwaan te litten oan de easken fan de moadeyndustry .[3]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|