Kiruna (gemeente)


Kiruna
Gemeente
It gemeentehûs fan Kiruna
Lân Flagge fan Sweden Sweden
Lânsdiel Norrland
Provinsje(s) Norrbottens län
Lânskip(pen) Norrbotten
Koördinaten 67° 51′ NB 20° 13′ EL
Haadplak Kiruna
Oerflak 20.714,66 km²
Ynwennertal 22.958  (30-09-2018)
Befolkingstichtens 1,11 ynw./km²
Tiidsône MET  (UTC+1)
Simmertiid MEST  (UTC+2)
Webstee: www.kiruna.se/kommun

Kiruna is in gemeente yn de Sweedske provinsje Norrbottens län. It is net allinnich de meast noardlike, mar ek nei oerflak de grutste gemeente fan it lân. It haadplak fan de gemeente is Kiruna en mei-inoar wenje der krapoan 23.000 minsken (2018).

Yn de gemeente leit Kebnekaise, de heechste berch fan Sweden. Dizze berch hat twa toppen, dy't beide op in hichte fan sa'n 2.097 meter lizze.

De gemeente bestiet út sân wenkearnen mei 200 of mear ynwenners.

Nr. Plak Ynwennertal
1 Kiruna 17.037
2 Tuolluvaara 979
3 Vittangi 791
4 Jukkasjärvi 607
5 Svappavaara 400
6 Karesuando 280
7 Kuttainen 218