Klún en Knoffelhakke

Klún en Knoffelhakke is in kabaretduo út Hantum dat sûnt 1994 optreedt.

Broer (l.) en Hendrik (r.) as Klún en Knoffelhakke

Klún & Knoffelhakke is ûntstien út de jierlikse doarpsrevu dy't Hendrik van der Heide fan 1989 ôf tsien kear yn Hantum fersoarge hat. Hindrik wie eartiids de ûnderwizer fan Broer Douma. Beide spilen se jierren by toanielferiening It Hantumer Ploechje. Yn 1994 die foar it earst Broer mei oan de doarpsrevu. De namme ûntstie as gearlûking fan Knoffelje en Klúnhakke, de nammen wurde fierders net brûkt op toaniel. Se spylje sûnder regisseur.

Yn de stikken dy't troch Hendrik skreaun binne, komme in hiel soad typkes foar, dy't praktysk allegearre troch Broer delsetten wurde. It is ek foar in grut part syn taak om de seal oan it laitsjen te krijen. Hendrik is de oanjouwer en Broer soarget foar hilariteit.

Se makken ien CD: In bealchfol wurk.

  • Alve Stêden en ien doarpke (1994)
  • Wat? it Waad! (1996)
  • Kommersjeel (2001)
  • In moai stikje (2003)
  • It is de boer allikefolle (2007)
  • 't Is Feest (2010)
  • Hé buorman! (2013)
  • Dikke Maten (2017)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: