Klaas Bruinsma (oersetter)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Klaas Bruinsma (Easterein, 1 febrewaris 1931 - Drachten, 29 oktober 2018)[1] wie in âld-ûnderwizer en -learaar Ingelsk en skiednis, dy't bekendheid krige troch syn oersettings fan histoaryske literêre wurken yn it Frysk. Hy wie ferantwurdlik foar in grut ferskaat oan fertalings fan proaza en poëzij út it Aldgryksk, Latyn, Midfrysk, Nederlânsk en Midnederlânsk, Dútsk, Ald-, Mid- en modern Ingelsk, Frânsk, Russysk, Skotsk en Spaansk. Foar de oersettings fan trije trageedzjes fan Sofoklês (Filoktêtês, Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos) krige Bruinsma yn 1993 de Dr. Obe Postmapriis. Foar syn oersettings fan 'e Ilias en de Odyssee fan Homêros ûntfong er yn 2005 jitris dyselde priis en yn 2007 waard er dêrfoar eare mei de Sulveren Anjer. Njonken syn wurk as oersetter wie Bruinsma ek aktyf as dichter en as skriuwer fan non-fiksje.
Libben
bewurkje seksjeKlaas Bruinsma waard berne te Easterein yn wat no de gemeente Súdwest-Fryslân is (doe Hinnaarderadiel), as it op ien nei jongste bern út it gesin fan in ryksfjildwachter. Bruinsma syn heit waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch deportearre en kaam om yn 'e konsintraasjekampen, by wize fan represaillemaatregel om't de Dútsers syn âldste soan, dy't yn it ferset siet, net krije koene.
Nei de legere skoalle gie Bruinsma nei de MULO en folge ûnderwilens bylessen yn Aldgryksk en Latyn. Nei ôfrin fan 'e oarloch besocht er it Grifformeard Gymnasium yn Huzum (no it Kristlik Gymnasium Beyers Naudé) en dêrnei learde er fierder oan 'e Ljouwerter kweekskoalle. Hy stie in pear jier as ûnderwizer oan 'e legere skoalle, earst yn Spannum en doe yn Hidaard. Syn ferfangende tsjinstplicht ferfolle er as broeder yn in psychiatrysk sikehûs. Hy troude en ferfear yn 1960 mei syn frou nei Zoetermeer, dêr't er op 'e nij in oanstelling oan in legere skoalle krige.
Wylst syn húshâlding oanwoeks ta úteinlik fjouwer bern (Wike, Dukke, Winfried en Inne),[1] helle Bruinsma de akte Ingelsk, wêrmei't er yn 1963 in oanstelling oan 'e MULO yn Balk yn 'e wacht sleepte. Dêr bleau er tsien jier en doe ferhuze er nei Drachten, dêr't er fan 1973 oant syn pinsjoen yn 1986 learaar Ingelsk en skiednis oan it Ichtus Kolleezje wie. Underwilens wie syn houlik yn 'e earste helte fan 'e jierren tachtich op in skieding útrûn. Bruinsma wenne dêrnei oant 2003 te Aldemardum, mar gie doe wer werom nei Drachten.
Mids 2018, doe't er ûnderwilens op hege jierren wie, lei er trije dagen yn it sikehûs mei in akút koronêr syndroom (tichtslibbing fan 'e krânsslachier om it hert hinne).[2] Nei in perioade fan oanboazjende minnichte dy't einige mei palliative soarch yn Hospice Smelnehaven[1] yn syn wenplak Drachten, kaam Bruinsma op 29 oktober 2018 yn 'e âlderdom fan 87 jier te ferstjerren. [3]
Oersetter
bewurkje seksjeNei syn pinsjonearring lei Bruinsma him alhiel ta op it oersetten fan 'e klassiken út 'e wrâldliteratuer yn it Frysk. Hy hie dêr earder ek al út en troch mei oan 'e gong west, mar no hied er der foar it earst alle tiid foar. It wie leafdewurk, want in Frysk oersetter hoecht net te ferwachtsjen dat er wat foar al syn bodzjen kriget, lit stean dat er derfan libje kinne soe. Sterker noch, de útjefte fan Sofoklês: Trije Trageedzjes betelle Bruinsma út eigen bûse, oars soe it nea publisearre wêze. Oare bekende oersettings fan syn hân binne û.m. de Ilias en de Odyssee fan Homêros, Lânwurk fan Fergilius, Ovidius syn Feroarings fan Stal, en anonime Midsiuwske Nederlânske wurken lykas Marike fan Nijmegen, Béatrys en Karel en Elegast.
Bruinsma wurke út leafde foar de taal en út oertsjûging en ideälisme foar Fryslân. Yn in fraachpetear yn 2010 seid er dat er it die foar de status fan it Frysk as literêre taal: "In taal dy't serieus nommen wurdt troch de eigen sprekkers, moat oersettingen ha fan Homêros en de oare klassiken, sa ienfâldich is it."[3] Syn ynset waard yn 1993 beleanne mei de takenning fan 'e prestizjeuze dr. Obe Postmapriis foar Sofoklês: Trije Trageedzjes en de Kultuerpriis fan Gaasterlân-Sleat foar syn fertsjinsten op it mêd fan it Frysk yn it algemien. Tolve jier letter, yn 2005 wûn er op 'e nij de dr. Obe Postmapriis, diskear foar syn oersettings fan Gysbert Japix út it Midfrysk nei hjoeddeisk taalgebrûk yn it tinkboek Gysbert Japix: een Keuze uit Zijn Werk, en dêrnjonken fan Fergilius syn Lânwurk en fral ek fan 'e Ilias en de Odyssee. Yn 2007 waard oan Bruinsma ek noch in Sulveren Anjer útrikt fanwegen syn ynset foar de Fryske taal en kultuer.
Wurk (ûnfolsleine opsomming)
bewurkje seksjeWurken mei de jiertallen tusken rjochte heakken binne wierskynlik (noch) net útjûn (mar wol yn te sjen by Tresoar).
Fryske Oersettings
bewurkje seksjeUt it Dútsk
bewurkje seksje- [19??]: Aria di Giovannini (Aria di Giovannini) – nei Heinrich Heine (in gedicht)
Ut it Frânsk
bewurkje seksje- 1994: Fryske Keaplju en Seefarders fan de Iere Midsiuwen, Diel I: It Essay (Marchands et Navigateurs frisons du Haut Moyen Âge, Vol. I: Essay) – nei Stéphane Lebecq (oers. y.g.m. Harke Bremer)
- 1994: Fryske Keaplju en Seefarders fan de Iere Midsiuwen, Diel II: It Corpus (Marchands et Navigateurs frisons du Haut Moyen Âge, Vol. II: Corpus des Sources) – nei Stéphane Lebecq (oers. y.g.m. Harke Bremer)
- 1994: Mei Sletten Doarren (Huis Clos) – nei Jean Paul Sartre (in toanielstik)
Ut it Midfrysk
bewurkje seksje- [2000]: Inkelde Losse Oersettings fan Fersen fan Gysbert Japicx yn it Nijfrysk – nei Gysbert Japiks
- 2003: Gysbert Japix: Een Keuze uit Zijn Werk – nei Gysbert Japiks (mei oersettings yn modern Frysk fan Klaas Bruinsma en Jan Popkema)
- 2004: Jûnbea (Nachtrêst-bejerte aef Juwn-bede) – nei Gysbert Japiks (in gedicht)
Ut it Aldgryksk
bewurkje seksje- 1954: Sang 6 út 'e Odyssee – nei Homêros (publ. yn it Frysk Studinte-Almenak ûnder it pseudonym Eurútelês)
- 1955: Sang 5 út 'e Odyssee – nei Homêros (publ. yn it Frysk Studinte Almenak, ûndertekene mei K.B.)
- 1956: Sang 9 út 'e Odyssee – nei Homêros (publ. yn it Frysk Studinte Almenak, ûndertekene mei K.B.)
- 1957: Sang 7 út 'e Odyssee – nei Homêros (publ. yn it Frysk Studinte Almenak, net ûndertekene)
- 1958: Sang 8 út 'e Odyssee – nei Homêros (publ. yn it Frysk Studinte Almenak, ûndertekene mei K. Bruinsma)
- 1960: Sang 10 út 'e Odyssee – nei Homêros (publ. yn it Lustrumboek 1960, ûndertekene mei Grins, K. Bruinsma)
- 1991: Filoktêtês (Filoktētēs) – nei Sofoklês (in toanielstik; útjûn as ûnderdiel fan Sofoklês: Trije Trageedzjes)
- 1991: Kening Oidipoes (Oidipous Tyrannos) – nei Sofoklês (in toanielstik; útjûn as ûnderdiel fan Sofoklês: Trije Trageedzjes)
- 1991: Oidipoes yn Kolonos (Oidipous epi Kolōnō) – nei Sofoklês (in toanielstik; útjûn as ûnderdiel fan Sofoklês: Trije Trageedzjes)
- 1991: It Moaiste op 'e Swarte Ierde (Fragmint 16) – nei Sapfo fan Lesbos (in gedicht)
- 1991: Antígoné (Antigonē) – nei Sofoklês (in toanielstik)
- 1991: Elektra (Ēlektra) – nei Sofoklês (in toanielstik)
- [1991]: De Froulju fan Trakhis (Trachiniai) – nei Sofoklês (in toanielstik)
- 1993: Perzen (Persai) – nei Aeschylus (in toanielstik)
- [1995]: Alkêstis (Alkēstis) – nei Euripides (in toanielstik)
- 1997: Lysistrata (Lysistrata) – nei Aristofanes (in toanielstik)
- 1998: Aias (Aias) – nei Sofoklês (in toanielstik)
- 1999: Hoppe Syn Sang ta de Nachtegeal (fragmint út it toanielstik Ornithes) – nei Aristofanes
- [199?]: Ealjebijen (Sfēkes) – nei Aristofanes (in toanielstik)
- [199?]: Elektra (Ēlektra) – nei Euripides (in toanielstik)
- [199?]: Koaren út Aristófanes Syn "Fûgels" (fragmint út it toanielstik Ornithes) – nei Aristofanes
- 199?: Fûgels (Ornithes) – nei Aristofanes (in toanielstik)
- [199?]: Frede (Eirēnē) – nei Aristofanes (in toanielstik)
- [199?]: Medéa (Mēdeia) – nei Euripides (in toanielstik)
- [199?]: Oresteia (Oresteia) – nei Aeschylus (in trilogy fan toanielstikken)
- [1993]: Agamemnon (Agamemnōn) – nei Aeschylus (in toanielstik; diel 1 fan 'e Oresteia)
- [199?]: De Offerplingsters (Choēforoi) – nei Aeschylus (in toanielstik; diel 2 fan 'e Oresteia)
- [199?]: De Eumeniden (Eumenides) – nei Aeschylus (in toanielstik; diel 3 fan 'e Oresteia)
- [199?]: Kikkerts (Bātrachoi) – nei Aristofanes (in toanielstik)
- [199?]: De Koalebranders (Acharneis) – nei Aristofanes (in toanielstik)
- [199?]: ûnderskate fersen – nei Aristofanes
- [199?]: ûnderskate fersen – nei Euripides
- [19??]: Lof fan de Sjonger (fragmint út 'e Ilias) – nei Homêros
- [19??]: Pêgasos Bliuwt yn 'e Stringen (fragmint út 'e Ilias) – nei Homêros
- 2000: Psalm 151, in Apokrife Psalm – nei anonimus
- 2004: Ilias (Ilias) – nei Homêros (in epos)
- 2004: Odusseia (Odýsseia) – nei Homêros (in epos)
- [2005]: De Macht fan Afrodite en Eros Rikt Fier (fragmint út it toanielstik Hippolytus) – nei Euripides
- 2006: Psalm 155 (11 QPs a 155) – nei anonimus
- 2007: Winter yn Bojotia (fragmint út it epos Erga kai Hēmerai) – nei Hesiodos
- 2010: De Striid tusken Froasken en Mûzen (Batrachomyomachia) – nei Pseudo-Homêros (in satirysk epos)
- 2015: De Striid fan de Kat en de Mûzen Komysk drama út 1150 fan Theodoros Pródromos
- 2016: De Tocht fan de Argonauten (Argonautica) – nei Apolloanius fan Roados (in epos)
Ut it Gryksk
bewurkje seksje- 2017: Pégasus. Blomlêzing út 'e Grykse poëzij - neffens The Penguin Book of Greek Verse
Ut it Aldingelsk
bewurkje seksje- 1986: De Dream fan it Krús (The Dream of the Rood) – nei anonimus (in epysk gedicht)
- 1986: De Seeman (The Seafarer) – nei anonimus (in epysk gedicht)
- 1987: De Balling (The Wanderer) – nei anonimus (in epysk gedicht)
Ut it Midingelsk
bewurkje seksje- 1970: It Teltsje fan de Priorinne (The Prioress's Tale) – nei Geoffrey Chaucer (ien fan The Canterbury Tales)
- 1983: It Teltsje fan de Mounder (The Miller's Tale) – nei Geoffrey Chaucer (ien fan The Canterbury Tales)
- [19??]: De Ule en de Nachtegeal (The Owl and the Nightingale) – nei Nikolaas fan Guildford? (in fabel)
- 2001: Hear Gawain en de Griene Ridder (Sir Gawayne and the Grene Knyght) – nei anonimus (in ridderroman)
Ut it Ingelsk
bewurkje seksje- 1954: Foriviging – nei Edmund Spenser (sonnet, yn: De Stiennen Man, ôfl. 29)
- 1973: Simson (Samson Agonistes) – nei John Milton (fragmint; yn: Alternatyf jg. 3, nr. 5, s. 49-52)
- 1975: Bea op Peaske (gedicht út 'e Amoretti) – nei Edmund Spenser
- 1976: De Reis fan de Wizen (The Journey of the Magi) – nei T.S. Eliot (in gedicht)
- 1991: De Sate (The Farm) – nei David Storey (in toanielstik)
- 1999: Lyksang – nei Thomas Lovell Beddoes (fragmint út Death's Jest-Book of It Moppeboek fan Hofnar Dea) (in gedicht)
- 19??: It Gokkershûs "De Sinneskyn" (oarspronklike titel?) – nei in Ingelsk folkswyske (in ferske)
- 19??: De Seeman Syn Faam: Heit, Bou My in Boat en Meitsje it Ree (Father, Father, Build Me a Boat) – nei in âlde Skotske ballade (in ferske; tekst neffens de ferzje fan Ewan MacColl)
- 19??: ’t Sigeunerintsje fan Myn Dream (My Gypsy Dream Girl) – nei in Ingelsk folkswyske (in ferske)
- 19??: Wa Keart de Rein (oarspronklike titel?) – nei in Ingelsk folkswyske (in ferske)
- 2002: Ik Sjong Bliid fan Myn Ferlosser (I Will Sing of My Redeemer) – nei Philip P. Bliss (in hymne)
- 2003: In Liet foar Peaske (oarspronklike titel?) – nei George Hugh Bourne (in hymne)
- 2004: Machtige Ferlosser, Lied My (Guide Me, O Thou Great Redeemer) – nei William Williams Pantycelyn (in hymne)
- [20??]: De Fuortgong (Birds of Passage) – nei Henry Wadsworth Longfellow (in gedicht)
Ut it Latyn
bewurkje seksje- 1982: Pinksterbea (Veni, Creator Spiritus) – nei Rabanus Maurus (in hymne)
- 1985: Twa Koaren (fragminten út it toanielstik Thyestes) – nei Lusius Annaeus Seneka
- 1992: Ut de "Traditiones Fuldensis": Beskriuwing fan de Ynkomsten út Fryslân ûnder de Abt Hadamarus (fragminten út 'e Annales Fuldenses) – nei anonimus (in skiedkundige tekst)
- 1997: It Libben fan de Hillige Liudger (Vita Sancti Liudgeri) – nei Altfried (in hilligelibben; útjûn as ûnderdiel fan Liudger en Gregorius)
- 1997: It Libben fan Gregoarius, Abt fan Utert (Vita Gregorii Abbatis Traiectensis) – nei Liudger (in hilligelibben; útjûn as ûnderdiel fan Liudger en Gregorius)
- [19??]: Ekloge I (earste diel fan 'e Eclogae) – nei Fergilius (in epos)
- [19??]: Ekloge IV (fjirde diel fan 'e Eclogae) – nei Fergilius (in epos)
- [19??]: ûnderskate fragminten út De Rerum Natura – nei Lukretius (in epysk gedicht)
- 2000: Jûnbea fan Ambrosius (Oratio Vespertina) – nei Ambrosius (in gebed)
- 2002: Lânwurk (Georgica) – nei Fergilius (in epos)
- 2003: De Lofsang fan Simeön (Nunc Dimittis) – nei anonimus (in hymne, basearre op Lukas 2:22-38)
- 2004: It Libben fan Bonifatius (Vita Bonifatii) – nei Willibald fan Mainz (in hilligelibben)
- 2010: Feroarings fan Stal (Metamorphoses) – nei Ovidius (in epos)
- [2011]: It Libben fan Sint Martinus: Foarwurd oan Agnes en Radegonde (fragmint út 'e Vita Sancti Martini – nei Fenantius Fortunatus (út in hilligelibben)
- 2013: Ut Beda syn HEGA (fragminten út 'e Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum) – nei Beda (in skiedkundige tekst)
- 2013: Fersen fan en foar Gadso Coopmans (oersetting fan Latynske gedichten fan Gadso Coopmans, perfester yn 'e medisinen oan 'e Universiteit fan Frjentsjer)
- 2018: It Libben fan Freark fan Hallum - nei Sibrand fan Hallum (in hilligelibben)
Ut it Midnederlânsk
bewurkje seksje- 1973: Rein de Foks (Van den Vos Reynaerde) – nei Willem die Madocke maecte (in fabel)
- 1985: Sa Bist (Esopet) – nei Calfstaf en Noydekyn? (67 Midflaamske fabels)
- 1993: Béatrys (Beatrijs) – nei anonimus (in Marijeleginde)
- 1994: Karel en Elegast (Karel ende Elegast) – nei anonimus (in ridderroman)
- 2001: Fersen fan Minne (Strofische Gedichten) – nei Hadewych (gedichten)
- 2009: Floaris en Blankefloar (Floris ende Blancefloer) – nei Diderik fan Assenede (in leafdesroman)
- 2009: Marike fan Nijmegen (Mariken van Nieumeghen) – nei anonimus (in merakelspul; útjûn yn ien bân mei Elkenien)
- 2009: Elkenien (Elckerlijc) – nei anonimus (in moraliteit; útjûn yn ien bân mei Marike fan Nijmegen)
- 2010: De Roman fan Walewein (De Roman van Walewein) – nei Penninc en Piter Vostaert (in ridderroman)
- 2011: Fergút (Ferguut) – nei Willem de Klerk (in ridderroman)
- 2011: Moriaan, de Swarte Ridder (Moriaen) – nei anonimus (in ridderroman)
- 2012: De Reis fan Sint Brandaan (Van Sente Brandane) – nei anonimus (in kristlike leginde; yn: Sint Brandaan yn Fjouwerfâld, yn 'e mande mei trije teksten oerset út it Latyn troch Eibert van der Veen)
- 2015: Ut ʼe Klûs fan Suster Berta, Opfettings oer religieuze ûnderwerpen fan de midsieuske Suster Bertken
- 2017: Ridders fan de Rûne Tafel, oersetting fan de episoade Perchevael út de Haachse Lanselotkompilaasje
Ut it Nederlânsk
bewurkje seksje- 1983: De Brulloft fan it Laam (Ter Zelver Bruiloft) – nei Joast fan de Vondel (in gedicht)
- 1986: Buenos Aires (Buenos Aires) – nei Dirk Kerst Koopmans (in gedicht)
- 1998: Maaie (Mei) – nei Herman Gorter (in lyrysk epos)
- [19??]: ûnderskate fersen – nei Gerrit Achterberg
- [19??]: ûnderskate fersen – nei Tom van Deel
- [19??]: ûnderskate fersen – nei Hans Faverey
- [19??]: ûnderskate fersen – nei Rutger Kopland
- 2003: Fjirtich Dagen ta Oertinking (Veertig Dagen om te Bezinnen) – nei Tineke Torensma-Van Beijum (gedichten by liturgy)
Ut it Russysk
bewurkje seksje- 1974: Lazarus – nei Leonid Nikolajevitsj Andrejev (part Ia)
- 1975: Lazarus – nei Leonid Nikolajevitsj Andrejev (part Ib)
- 2001: Arktika (Arktika) – nei Aleksander Blok (in gedicht)
Ut it Skotsk
bewurkje seksje- 1975: De Twa Roeken (The Twa Corbies) – nei in Skotske ballade (in gedicht)
Ut it Spaansk
bewurkje seksje- 1974: Oade oan de lucht – nei Pablo Neruda (in gedicht, oerset tegearre mei Dirk Kerst Koopmans)
- 1974: De Satrapen (Las Satrapías) – nei Pablo Neruda (in gedicht, oerset tegearre mei Dirk Kerst Koopmans)
- 1974: Needlot – nei Rubén Darío (in gedicht, oerset tegearre mei Dirk Kerst Koopmans)
- 1974: Hwer mei Wilhelmine wol wêze? – nei Pablo Neruda (in gedicht)
- 1976: Oer Selskennisse (Al Conocimiento de Si Proprio) – nei Pedro Espinosa (in gedicht)
- 1980: It Goud fan de Tigers (El Oro de los Tigres) – nei Jorge Luis Borges (in gedicht)
- 1980: Oan in Nachtegeal (A un Ruiseñor) – nei José de Espronceda (in gedicht)
- 1981: De Djippe Roas (La Rosa Profunda) – nei Jorge Luis Borges (in gedicht)
- 1981: Susana Bombal (Susana Bombal) – nei Jorge Luis Borges (in gedicht)
- 1981: ûnderskate gedichten – nei Jehannes fan it Krús
- 1981: Oade oan de Sipel (Oda a la Cebolla) – nei Pablo Neruda (in gedicht)
- 1981: Op in Wrak op it Strân fan de See (oarspronklike titel?) – nei Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar (in gedicht)
- 1982: Oan de Godlike Hoeder (El Pastor Divino) – nei Lope de Vega (in gedicht)
- 1983: De Fisken en de Drenkeling (Los Peces y el Ahogado) – nei Pablo Neruda (in gedicht)
- 1983: Leviathan (Leviathan) – nei Pablo Neruda (in gedicht)
- 1983: Nijjiersdei (Año Nuevo) – nei Octavio Paz (in gedicht)
- 1983: Simfony yn Griis Grut (Sinfonía en Gris Mayor) – nei Rubén Darío (in gedicht)
- 1984: By de Dea fan Rachel (A la Muerte de Raquel) – nei Miguel de Barrios (in gedicht)
- 1984: De Sinnestien (Piedra de Sol) – nei Octavio Paz (in gedicht)
- 1985: De Trije Musketiers (Les Trois Mousquetaires) – Spaanske tekst nei Alexandre Dumas (tekst by in byldferhaal)
- 1985: De Lêste Mohikaan (The Last of the Mohicans) – Spaanske tekst nei James Fenimore Cooper (tekst by in byldferhaal)
- 1985: Ivanhoe (Ivanhoe) – Spaanske tekst nei sir Walter Scott (tekst by in byldferhaal)
- 1985: De Aventoeren fan Tom Sawyer (The Adventures of Tom Sawyer) – Spaanske tekst nei Mark Twain (tekst by in byldferhaal)
- 1985: Op de Fluggens en it Ferlies fan de Tiid (oarspronklike titel?) – nei Luis Carrillo y Sotomayor (in gedicht)
- 1986: De Leafde fan Don Perlimplín en Belisa yn Syn Tún (Amor de Don Perlimplín con Belisa en Su Jardín) – nei Federico García Lorca (in toanielstik)
- 1989: It Hûs fan Bernarda Alba (La Casa de Bernarda Alba) – nei Federico García Lorca (in toanielstik)
- 1992?: Brief fan Columbus (Carta de Colón – nei Kristoffel Kolumbus (in brief)
- 19??: De Bloedbrulloft (Bodas de Sangre) – nei Federico García Lorca (in toanielstik)
- 19??: Doña Rosita Is Frij Faam of De Taal fan de Blommen (Doña Rosita la Soltera o Las Lenguaje de las Flores) – nei Federico García Lorca (in toanielstik)
- 19??: Yerma (Yerma) – nei Federico García Lorca (in toanielstik)
- [19??]: Moderne Psalmen (Salmos) – nei Ernesto Cardenal (in dichtbondel)
- 2002: O Wiidte fan Dinnen (Ah Vastedad de Pinos) – nei Pablo Neruda (in gedicht; ûnderdiel fan 'e bondel Tweintich Leafdesdichten en in Liet fan Wanhoop)
- 2005: Tweintich Leafdesdichten en in Liet fan Wanhoop (Veinte Poemas de Amor y Una Canción Desesperada) – nei Pablo Neruda (in dichtbondel)
- 2014: Blomlêzing út 'e Spaanse Poëzij - nei in ferskaat oan Spaansktalige dichters
Oare oersettings
bewurkje seksjeUt it Midfrysk nei it Dútsk
bewurkje seksje- 2005: Heil Du, Freude Aller Welt – nei Wolkom, Freugde fan 'e Wrâld, fan Gysbert Japiks (in hymne)
- [2011]: titel oersetting? – nei By 't Opgean fan de Sinne, fan Gysbert Japiks (in gedicht)
Ut it Midfrysk nei it Frânsk
bewurkje seksje- 2005: Joie du Monde et Grandeu – nei Wolkom, Freugde fan 'e Wrâld, fan Gysbert Japiks (in hymne)
- [2011]: titel oersetting? – nei By 't Opgean fan de Sinne, fan Gysbert Japiks (in gedicht)
Ut it Midfrysk nei it Ingelsk
bewurkje seksje- 2003: On Vocal Music – nei Op 't Musyck-sjongen fan Gysbert Japiks (in gedicht)
- 2005: Welcome, All the World's Delight – nei Wolkom, Freugde fan 'e Wrâld, fan Gysbert Japiks (in hymne)
- [2011]: titel oersetting? – nei By 't Opgean fan de Sinne, fan Gysbert Japiks (in gedicht)
Ut it Midfrysk nei it Latyn
bewurkje seksje- 1974: Nocturna Requietis Votum sive Oratio Vespertina – nei Nachtrêst-Bejerte, aef Juwn-bede, fan Gysbert Japiks (in gedicht)
- [2011]: titel oersetting? – nei By 't Opgean fan de Sinne, fan Gysbert Japiks (in gedicht)
Ut it Midfrysk nei it Nederlânsk
bewurkje seksje- 2005: Welkom, 's Werelds Hoogste Licht – nei Wolkom, Freugde fan 'e Wrâld, fan Gysbert Japiks (in hymne)
Ut it Frysk nei it Dútsk
bewurkje seksje- [19??]: Die Ballade von Hil Feikes, Wiedertäuferin – nei De Ballade fan Hil Feikes, Anabaptiste, fan Douwe Tamminga (in gedicht)
- [19??]: Die Ballade von das Fräulein von Stavoren – nei De Ballade fan de Frouwe fan Starum, fan Douwe Tamminga (in gedicht; ûnfolslein by Tresoar)
- [19??]: Batthyánys Tod – nei Batthyany's Dea, fan Eeltsje Hiddes Halbertsma (in gedicht)
- 2004: It Fryske Liet de Grinzen Oer: 21 Fryske lieten mei muzyk foar koar, brassband, fanfare en bigband, mei bewurkingen yn it Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk – nei ferskaat (y.g.m. Simy Sevenster en Ytsen Kooistra)
Ut it Frysk nei it Ingelsk
bewurkje seksje- [19??]: The Ballad of Hil Feikes, Anabaptist – nei De Ballade fan Hil Feikes, Anabaptiste, fan Douwe Tamminga (in gedicht)
- [19??]: The Ballad of the Lady of Stavoren – nei De Ballade fan de Frouwe fan Starum, fan Douwe Tamminga (in gedicht)
- [19??]: In Memoriam – nei In Memoriam, fan Douwe Tamminga (in gedicht)
- [19??]: Of the Four Elements – nei Fan de Fjouwer Eleminten, fan Obe Postma (in gedicht)
- 2001: A Pilgrimage through Time: More Than Two Thousand Years of Fryslân – nei In Pylgerreis troch de Tiid: Mear as Twatûzen Jier Fryslân, fan Kerst Huisman (in skiedkundige tekst)
- 2004: It Fryske Liet de Grinzen Oer: 21 Fryske .ieten mei muzyk foar koar, brassband, fanfare en bigband, mei bewurkingen yn it Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk – nei ferskaat (y.g.m. Simy Sevenster en Ytsen Kooistra)
Ut it Frysk nei it Nederlânsk
bewurkje seksje- 2004: It Fryske Liet de Grinzen Oer: 21 Fryske .ieten mei muzyk foar koar, brassband, fanfare en bigband, mei bewurkingen yn it Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk – nei ferskaat (y.g.m. Simy Sevenster en Ytsen Kooistra)
Ut it Frysk nei it Spaansk
bewurkje seksje- 1986: Buenos Aires – nei Buenos Aires, fan Dirk Kerst Koopmans (in gedicht)
- 1986: Carta de Don Juan – nei Brief fan Don Juan, fan Sjoerd Spanninga (in gedicht)
- 1986: Si Tras la Palabra – nei oarspronklike titel?, fan Sjoerd Spanninga (in gedicht)
- 1987: Encanto – nei Betsjoening, fan Tsjits Peanstra (in gedicht)
- 1987: Agua – nei Wetter, fan Tsjits Peanstra (in gedicht)
- 1987: Acuerdo – nei Akkoart, fan Jelle Bangma (in gedicht)
- 1989: Conservación del Monumento – nei Natuermonumint, fan Theun de Vries (in gedicht)
- 1999: fjouwer fersen – nei 4 fersen fan Ella Wassenaer (4 gedichten)
- 19??: El Dia del Poeta – nei De Dei fan de Dichter, fan Baukje Wytsma (in gedicht)
- 19??: Paisaje – nei Lânskip, fan Baukje Wytsma (in gedicht)
- [19??]: de Fryske gedichten neffens de earste beide ôfdielings fan Country Fair: Poems from Friesland Since 1945, in blomlêzing en Ingelske oersetting fan Rod Jellema
- 2001: Dulciamargo – nei Bitterswiet, fan Tiny Mulder (in gedicht)
Ut it Nederlânsk nei it Dútsk
bewurkje seksje- 2005: titel oersetting? – nei Ode aan de Prinsentuin, fan Hans Boschma (in gedicht)
Ut it Nederlânsk nei it Frysk
bewurkje seksje- 2005: Oade oan de Prinsetún – nei Ode aan de Prinsentuin, fan Hans Boschma (in gedicht)
Ut it Nederlânsk nei it Ingelsk
bewurkje seksje- 1996: Lowlands' Tree of Life – nei Levensboom der Lage Landen, fan Binne Lútsen Boarnstra (in gedicht)
- 2005: titel oersetting? – nei Ode aan de Prinsentuin, fan Hans Boschma (in gedicht)
Oar wurk
bewurkje seksjeOarspronklike poëzij
bewurkje seksjeNjonken syn wurk as oersetter is Bruinsma ek aktyf as dichter fan oarspronklike poëzij yn it Frysk, almeast fan religieus aard of yn 'e foarm fan gelegenheidsfersen, dat er troch de jierren hinne stikje by bytsje yn in ferskaat oan kranten en tydskriften publisearre hat. Hjirûnder in opsomming dy't nei alle gedachten net folslein is. (N.B.: it is net alhiel ûnmooglik dat hjir noch ferdwaalde oersettings tusken sitte; de boarne, it digitale argyf fan Tresoar, is dêr net altyd like dúdlik oer.)
- [1973]: Sjonkrêst-begeerte of Jûnbede fan de Lêste Fryske Tûntsjeman
- 1974: Handel (yn: HJIR, ôfl. 2; selde jiers werprinte yn Maniferstatie)
- 1974: Ut 'e Kronyk fan Jakkele Gabbema, Abt en Kaaiman fan it Kleaster te Swetsum (yn: HJIR, ôfl. 2)
- 1975: In Grutte Parade en in Lyts Garnizoen, of De Lytse Ballade fan de Lauwersmar (ûnder pseudonym Ultsje Wapper; yn: Frysk en Frij, 8 febr.)
- 1975: It Fûgelparlemint (ûnder it pseudonym Ultsje Wapper; yn: Frysk en Frij, 1 mrt.)
- 1975: Yn Den Haach Sei in Théatraal Mûske (ûnder it pseudonym Ultsje Wapper; yn: Frysk en Frij, 29 mrt.)
- 1975: De Ballade fan Hear Idsq (yn: Frysk en Frij, 12 july)
- 1975: De Dealske Frijer (yn: Frysk en Frij, 23 aug.)
- 1975: Twa Susters (yn: Frysk en Frij, 6 sept.)
- 1975: De Fammewelle (yn: Frysk en Frij, 13 sept.)
- 1975: De Falske Frijer (ûnder pseudonym Inne Visser; yn: Frysk en Frij, 4 okt.)
- 1975: De Jonge Aldman (ûnder pseudonym Inne Visser; yn: Frysk en Frij, 25 okt.)
- 1975: Lazarus (yn: Alternatyf, ôfl. 6-7)
- 1976: Klips-rymkes (yn: HJIR, ôfl. 5-6)
- 1977: It Doarp Joech Syn Profeet Gâns op Syn Brea (yn: Fryske Skriuwerskalinder)
- 1976: Sonnet nei Heechliet 5:2-7 (yn: Sonde, ôfl. 21; yn 1977 werprinte yn HJIR)
- 1976: Finger-print (yn: Fryske Skriuwerskalinder)
- [1977]: Trije Lieten ta Peaske
- 1977: Dokter Snijsum en Patiënt De Vries (yn: de Ljouwerter Krante, 19 jann.)
- 1977: Sniejacht (yn: Frysk en Frij, 29 jann.)
- 1977: See fan Leafde (yn: HJIR, ôfl. 2-3)
- 1977: Oan de Alderhillichste Faam Marije (yn: HJIR, ôfl. 2-3)
- 1977: De Nacht (yn: HJIR, ôfl. 5-6)
- 1977: It Ritme (yn: HJIR, ôfl. 5-6)
- 1977: Anatomyske Les of Operaasje Weryndieling (yn: de Balkster Krante, 19 jann.; ien dei letter werprinte yn 'e Jouster Krante)
- 1978: De Lêste Reis, Foargoed (yn: HJIR, juny)
- 1978: Hjerst (yn: HJIR, nov.)
- 1978: Wengenot (yn: Fryske Skriuwerskalinder)
- 1978: Bernespul (yn: Fryske Skriuwerskalinder, wike 11)
- 1979: Jitris en Ienris (yn: Friesland Dichters Vandaag; yn 1982 werprinte yn HJIR)
- 1979: Oan in Sjongster (yn: HJIR, okt.)
- 1980: De Komst (yn: HJIR, des.)
- 1982: Carpe Diem (yn: HJIR, febr.)
- 1982: Psalm 7:9-22 (in psalmberiming; yn: HJIR, ôfl. 3)
- 1982: Geweld'ge Weagen (yn: HJIR, okt.)
- 1982: Ik Wit Net (yn: HJIR, okt.)
- 1982: Untwyk (yn: HJIR, okt.)
- 1982: Skouwe Fûgels (frij nei De Stille Plantage fan Albert Helman; yn: Sneed, winternû.; yn 1983 werprinte yn HJIR)
- Dútske oersetting: Scheue Vögel (fert. Klaas Bruinsma, 1998)
- 1982: De Ferlosten (yn: Sneed, winternû.)
- 1983: Dea Omfierrens (yn: HJIR, ôfl. 1)
- 1983: It Tiidsferrin (yn: HJIR, ôfl. 1)
- 1984: Hommels (yn: HJIR, ôfl. 2)
- 1984: Al Waard yn Dit Jier... (yn: Fryske Skriuwerskalinder, wike 51.)
- 1986: Oade Us Reginten (yn: De Frijbûtser, nû. 208)
- 1987: In Jongfaam út it Doarp Kompenije
- 1987: It Liet fan Ingel-lân (yn: de Ljouwerter Krante, 25 july)
- 1987: In Draakfleander Wenjend yn Riis (yn: De Frijbûtser, nû. 215)
- 1988: Pêgasus (yn: HJIR, ôfl. 2; yn 1996 werprinte yn De Blauwe Fedde)
- 1991: Friezetsjerke (yn: Hervormd Franeker, 19 jann.; yn juny werprinte yn De Stim fan Fryslân)
- 1991: Slimmerik (yn: De Frijbûtser, apr.)
- 1992: Oade oan Herman Gorter (oade oan Herman Gorter; yn: it Snitser Nijsblêd, 12 maaie; 2 dagen letter werprinte yn de Balkster Krante.)
- 1993: Namdicht Gysbert Japiks (op 'e útnûging foar de offisjele iepening fan 'e tekstwinkel te Boalsert, 15 apr.)
- 1993: Oarsprong (yn: HJIR, des.)
- [1994]: Op de Flesse Damaine Nôtre Dame des Viseilles
- 1995: Ut 'e Romte Tarre (resepten fan Lou Velleman y.g.m. Mies Delgorge, mei fersen en Fryske tekst fan Klaas Bruinsma)
- 1996: De Smelle Wei (yn: Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam, winter 1996-'97)
- 1997: Fryslân 2000 Jier (yn: De Fleanende Krie, maaie.; werprinte yn itselde blêd yn 2009)
- 1997: By it Sjen fan de Lange Anna (oer de Lange Anna, by Hilgelân; yn: De Fleanende Krie, sept.)
- Dútske oersetting: Beim Sehen der Lange Anna (fert. Klaas Bruinsma, 1997)
- 1998: Earnewâld (yn: De Fleanende Krie, febr.)
- 1998: Oade oan Doede (oade oan Doede Lanting; yn: De Fleanende Krie, sept.)
- 1999: Wyn, Fjoer en Wetter (in pinksterliet nei 1 Keningen 18; yn: De Fleanende Krie, febr.)
- 1999: Quatrebras Myn Waterloo (ta gelegenheid fan 'e iepen dei fan it FLMD, 13 nov.; ôfprinte op 'e nije folder fan it FLMD)
- 19??: De Brân fan Aldehoarne, of: De Ballade fan Ysbrand Stoker (nije Fryske tekst op in tradisjonele Skotske wize; yn: Tsjoch, nû. 4)
- [19??]: 2 limmeriks
- 19??: It Fizioen fan de Ferlosten
- [19??]: It Hart yn it Wâld
- [19??]: Samling Fersen fan K. Bruinsma Opdroegen of Jûn oan Dr. L. Hornstra
- 2002: Godmorgen, Lille Land: Oade oan Denemarken (yn: De Fleanende Krie, febr.)
- 2002: Ad Majorem Gloriam Dei (yn: S.o.W. Kerkblad Franeker, 25 okt.)
- 2003: Ta de Mienskip fan Himmelum (yn: De Fleanende Krie, febr.)
- 2003: In Lietsje foar Sint Marten (yn: it Nijsblêd fan Noard-East Fryslân, 10 nov.; yn 2007 werprinte yn 'e Kollumer Krante en yn Lyts Frisia)
- 2004: Veni, Spiritus Vitae: Kom, Geast fan it Libben (losse printinge ta gelegenheid fan 'e oanbieding fan it boek Alles Begint bij de Dingen fan Theun de Vries)
- 2005: In Lyts Epos foar Simy Sevenster: 't Klinget op it Antike (losse printinge ta gelegenheid fan 'e presintaasje fan it boek Ut de Foarein fan Simy Sevenster)
- 2006: Helgolân (yn: Monatzeitung für die Insel Helgoland)
- Hilgelânske oersetting: Deät Lun (fert. Nils Århammar, 2006; yn: Monatzeitung für die Insel Helgoland)
- 2007: Forel, Reager, Kat en Knyn (y.g.m. Hans van den Bosch; in parody op Die Forelle – frij nei Franz Schubert; yn: de Ljouwerter Krante, 23 nov.)
- 2008: As Ik in Blom Wie... (yn: Lyts Frisia, sept.)
- 2009: Portret fan Beetstersweach (yn: De Fleanende Krie, sept.)
- 2009: Oade oan Hindrik van der Meer FPBC (losse printinge)
- 2018: Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma (Elikser)
Non-fiksje
bewurkje seksjeFierdersoan is Bruinsma ek de auteur fan in ferskaat oan non-fiksjestikken, wêrmei't er gauris by wize fan ynlieding syn ljocht skine lit oer de teksten dy't er oerset hat. Mar ek hat er wol opinystikken, resinsjes en artikels skreaun foar de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd, de regionale hûs-oan-hûsblêden en Frysktalige tydskriften. Hjirûnder in opsomming dy't nei alle gedachten net folslein is.
- 1952: Yn Ienriedigens Skouder oan Skouder (essay; yn: De Stiennen Man, ôfl. 15)
- 1952: De Jouwer en Den Haach (opinystik; yn: De Stiennen Man, ôfl. 31)
- 1954: Om de Knikkers en Om de Knikkers II (skôging; yn: De Stiennen Man, ôfl. 12 en 13)
- 1954: Ut it Doarp fan Tsjibbe Gearts (skôging; yn: De Stiennen Man, ôfl. 32)
- 1954: Redbad (skôging; yn: it Frysk Studinte Almenak)
- 1958: Bases, Polityk, Tsjerke – en wy? (opinystik; yn: de 'Ljouwerter Krante')[4]
- [1975]: Tsjerk Ages, 1568: historysk drama yn saun tafrielen (bedoeld is: sân bedriuwen) troch Lu Tsen (skriuwersnamme fan Dr. Lútsen Harmens Wagenaar) (skripsje NHL)
- 1977: It twade Frysk sjongfestival to Easterein (yn: HJIR, ôfl. 1, s. 28-30)
- 1977: Fjouwer Spaanske Leafdeslieten (skôging; yn: HJIR, ôfl. 2-3)
- 1977: Liet fan de Libb'ne Flam Minne (skôging; yn: HJIR, ôfl. 2-3)
- 1978: It Probleem fan "Alde Jirden" en fan "Skat" (yn: Frysk en Frij, 22 apr.)
- 1986: Ynlieding ta "De Dream fan it Krús" (yn: HJIR, ôfl. 3)
- 1986: Ynlieding ta "De Seeman" (yn: HJIR, ôfl. 4)
- 1987: Ynlieding ta "De Balling" ("The Wanderer") (yn: HJIR, ôfl. 1)
- 1988: Friezen yn 't Spier foar Kening Alfred (yn: Frysk en Frij, 13 febr.)
- 1995: Ut 'e Romte Tarre (resepten fan Lou Velleman y.g.m. Mies Delgorge, mei fersen en Fryske tekst fan Klaas Bruinsma)
- 1996: De Opstalbeam: Troch de Iuwen Hinne Warskôging en Needrop (taspraak holden by de Opstalbeam te Auwerk op himelfeartsdei 1996; yn: De Fleanende Krie, sept.; yn 1997 werprinte yn Lyts Frisia)
- 1996: Ynlieding ta it Ofskie fan Hektor en Andrómakhé (yn: Trotwaer, okt.)
- 1998: In Namme Seit Mear (betsjuttings fan in stikmannich Fryske jonges- en famkesnammen; boekje fan 48 siden, ISBN 9 08 04 31 818; earder ferskynd yn ôfsûnderlike artikeltsjes op 'e F-side yn it Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante)
- 2001: Ynlieding ta Vergilius (yn: Kistwurk, maaie)
- 2003: In Libben foar de Friezen en it Frysk (in memoriam foar Alfred Boysen (1915-2003); yn: Lyts Frisia, juny)
- 2003: Us Grutte Foarsjonger Gysbert Japix: Dichter en Skriuwer Berne yn 1603, Betocht yn 2003 (ynlieding op titelside fan: Einkonsert fan it Gysbert Japixbetinkingsjier, 1603-2003: Lit Us Nochris Swiet Muzykje, 16 nov.)
- 2004: Fersen fan Obe Kinne No oer de Globe: Ingelsktalige Blomlêzing Postma Frysk Salút oan de Wrâld (besprek fan What the Poet Must Know, in Ingelsktalige blomlêzing fan 'e fersen fan Obe Postma troch Anthony Paul mei in ynlieding troch Jabik Veenbaas; yn: it Frysk Deiblêd, 7 july)
Oar
bewurkje seksje- 2012: De striid tusken Froasken en Mûzen: Audioboek (audioboek, foarlêzen troch Klaas Bruinsma)
Prizen
bewurkje seksjeJier | Priis | Kategory | Foar |
---|---|---|---|
1993 | dr. Obe Postmapriis | bêste oersetting | Sofoklês: Trije Trageedzjes (Filoktêtês / Kening Oidipoes / Oidipoes yn Kolonos) |
1993 | Kultuerpriis fan Gaasterlân-Sleat | n.f.t. | fertsjinsten foar it behâld fan de Fryske taal |
2005 | dr. Obe Postmapriis | bêste oersetting | oersettings fan it Midfrysk nei modern Frysk yn it tinkboek fan Gysbert Japix (Gysbert Japix: Een Keuze uit Zijn Werk) oersetting út it Latyn nei it Frysk fan Lânwurk fan Fergilius oersetting út it Aldgryksk nei it Frysk fan 'e Ilias en de Odyssee fan Homêros |
2007 | Sulveren Anjer | n.f.t. | ynset foar de Fryske taal en kultuer |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeMear oer Klaas Bruinsma
bewurkje seksje- Teake Oppewal: Levensbericht Klaas Bruinsma. Yn: Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde, 2018-2019 (2020), side 62-80
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|