Lûd

(Trochferwiisd fan Klank)

Lûd is yn 'e natuerkunde in trilling dy't him fuortset yn 'e foarm fan in longitudinale, saneamde lûdsweach troch in feroaring yn 'e tichtheid fan in elastysk medium tewei te bringen, dat yn dit gefal in transmisjemedium neamd wurdt. De lûdsfaasje is de faasje wêrmei't it lûd him yn weagen troch it transmisjemedium hinne fuortbeweecht; dy faasje ferskilt al neigeraden de tichtheid fan it medium. Sjoen út it minsklik perspektyf is dat medium almeast lucht, mar it kin ek in oar gas, in floeistof (lykas wetter) of in fêste stof wêze (lykas de grûn by in ierdbeving). Yn 'e ingste betsjutting is lûd in hearbere feroaring fan 'e luchtdruk. Yn rommere sin kin dermei ferwiisd wurde nei eltse feroaring fan 'e hearskjende statyske atmofearyske druk, oft dy no hearber is nof net. In spesifyk lûd wurdt ek wol in klank neamd. De tûke fan 'e wittenskip dy't it ferskynsel lûd bestudearret, is de akoestyk. It ûnderfinen fan lûden troch minsken wurdt bestudearre troch de psycho-akoestyk.

In F/A-18 Hornet kringt troch de lûdsbarriêre hinne.
Dizze side giet oer hearbere feroarings yn 'e luchtdruk. Foar de spraakklank, sjoch: fokaal.

Hearber lûd

bewurkje seksje

Yn 'e minsklike fysiology en psychology wurdt yn 'e praktyk mei de oantsjutting 'lûd' net ferwiisd nei de eigentlike lûdsweagen, mar de resepsje (gewaarwurding) fan sokke trillings yn it ear en harren persepsje (ynterpretaasje) yn 'e harsens. Lûdsweagen wurde nammentlik troch minsken en bisten mei in gehoarorgaan waarnommen as se it trommeflues yn it ear yn trilling bringe en as it ear dy trillings omset ta sinjalen dy't troch en mei de harsens ferwurke wurde. Guon soarten bisten hawwe in oar gehoarorgaan as in ear, lykas it tympanaal orgaan fan beskate skiften ynsekten, of de swimblaas of it sydlinestysteem fan beskate soarten fisken.

 
Fisuele werjefte fan longitudinale lûdsweagen.

Unhearber lûd

bewurkje seksje

Inkeld lûdsweagen mei frekwinsjes dy't tusken likernôch 20 Hz en 20 kHz yn lizze, kinne troch de minske waarnommen wurde. Yn lucht fan atmosfearyske luchtdruk giet it dêrby om lûdsweagen mei weachlingten fan 17 m oant 1,7 sm. Lûdsweagen heger as 20 kHz wurde ultrasoane lûden neamd en binne net hearber foar minsken. Lûdsweagen leger as 20 Hz wurde ynfrasoane lûden neamd en binne likemin hearber foar minsken, hoewol't se, as se sterk genôch binne, noch wol waarnommen wurde kinne mei de taastsin. Oare soarten bisten hawwe gauris in oar gehoarberik; sa kinne hûnen folle hegere (ynfrasoane) lûden hearre, wylst oaljefanten folle legere (ultrasoane) lûden hearre.

Minsken dy't troch in lichaamlike beheining oan it ear hielendal gjin lûden hearre kinne, binne dôf. Soks liedt faak ek ta in behindere spraakfermogen, om't sokke lju harren eigen spraak noch dy fan oaren hearre kinne en dêrom gjin ramt fan ferliking foar de eigen útspraak hawwe. Minsken dy't min hearre kinne, binne staf. Dat is in krupsje dy't faak mei de âlderdom komt. Lûden kinne fersterke wurde troch beskate apparaten, lykas in mikrofoan, in megafoan of, foar staffe minsken, in gehoarapparaat.

 
In skematyske werjefte fan hearber (akoestysk) lûd (blau), ynfrasoan lûd (read) en ultrasoan lûd (grien).

Foar- en neidielen

bewurkje seksje

Foar minsken dy't wol goed hearre kinne, foarmet lûd in ûnmisber diel fan 'e kommunikaasje troch kombinaasje fan it spraakfermogen en it gehoarssintúch. Ek by ûntspanning spilet lûd in wichtige rol, troch it harkjen nei muzyk. Lûden kinne lykwols ek hinderlik wêze as se te lûd of net foechsum binne, lykas it oerfleanen fan in strieljager, lûde muzyk dy't te neare nacht by de buorlju spile wurdt of opslûpen jonges dy't in middei op 'e brommer hinne en wer troch de strjitte ride. Men sprekt dan fan lûdsoerlêst.

Mjittings mei lûd

bewurkje seksje

Lûd is ek wichtich foar it dwaan fan beskate mjittings, lykas yn 'e hydrografy, wêrby't de djipte fan 'e seeboaiem metten wurdt troch de tiidsspanne te mjitten tusken it útstjoeren fan lûdspulsen út in echolead en it weromkearen fan dy pulsen nei't se troch de seeboaiem wjerkeatst binne. Itselde prinsipe wurdt brûkt troch sonar yn wetter en troch radar yn lucht. Guon soarten bisten, lykas flearmûzen en dolfinen, skatte ôfstannen op deselde wize yn troch lûdspulsen fuort te bringen en de weromkeartiid te mjitten nei't dy pulsen nei harren wjerkeatst binne. Yn 'e medyske byldfoarming wurdt echografy ûnder beskate omstannichheden brûkt om in byld fan it ynwindige fan it minsklik lichem te krijen, bgl. om in ûnberne poppe te ûndersykjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.