Klaus Kinski, pseudonym fan Nikolaus Günther Nakszyński, (Sopot, 18 oktober 1926 - Lagunitas, Kalifornje, 23 novimber, 1991) wie in Dútsk akteur, ferneamd om syn ynbannich spyljen en fanwege syn eksplosive temperamint. Hy aktearre yn mear as 130 films en wurdt wierskynlik it meast ûnthâlden troch syn gearwurking mei skriuwer/regisseur Werner Herzog.

Klaus Kinski
akteur
Klaus Kinski (1988)
Klaus Kinski (1988)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nikolaus Günther Nakszyński
nasjonaliteit Dútsk
berne 18 oktober 1926
berteplak Sopot
stoarn 23 novimber, 1991
stjerplak Lagunitas flagge fan de Feriene Steaten
jierren aktyf 1948-1989
Kinski syn berteplak yn Sopot, Poalen

Yn de Twadde Wrâldkriich wie Kinski by de paratroepen en waard finzen nommen troch it Britske leger yn Nederlân, ein 1944. Yn it kriichsfinzenekamp "Camp 186" yn Berechurch Hall yn Colchester, Essex, Ingelân, stie er foart it earst op de planken.

Yn 1950 hat Kinski trije dagen opnommen west yn in psychiatrysk sikehûs; syn medyske status sprekt dan fan in foarstadium fan skizofreny

Kinski ferskynde yn ferskate Dútske films fan Edgar Wallace. Syn gearwurking mei Werner Herzog brocht him ynternasjonale ferneamdens. Hja hawwe fiif films tegearre makke: Aguirre: The Wrath of God (1972), Woyzeck (1978), Nosferatu the Vampyre (1979), Fitzcarraldo (1982), en as lêste Cobra Verde (1987). Yn 1977 blonk er út as terrorist Wilfried Böse yn de Israelyske film Operation Thunderbolt, basearre op Operaasje Entebbe yn 1976. Yn Kinskis lêste film (dy't er skreau én regisearre), Kinski Paganini (1989), spile er de rol fan Niccolò Paganini, de legindaryske fioelist.

Houlik en bern

bewurkje seksje

Kinski is trijeris troud west en hie trije bern, dy't ek alle trije akteur wurden binne. It bekendst is syn twadde dochter, Nastassja Kinski, dy't komselden kontakt hiene. Houliken:

  • Gislint Kühlbeck (fan 1952 oant 1959) - dochter, Pola
  • Ruth Brigitte Tocki (1960 oant 1971) - dochter, Nastassja
  • Minhoi Geneviève Loanic (an 1971 oant 1979) - soan, Nikolai
 
Kinski's útris foar Nosferatu (1979)
 
Betinkstien yn 'e muorre fan syn bertehûs yn Sopot (Danzig)

Dokumintêres

bewurkje seksje
  • Burden of Dreams (1982)
  • Location Africa (1987)
  • My Best Fiend (TV) (1999)
  • Please Kill Mr. Kinski (1999) online
  • Jesus Christus Erlöser (2008)

Fierder lêze

bewurkje seksje
  • Klaus Kinski: All I Need Is Love (1988), ISBN 0-394-54916-3, lettere titel: Kinski Uncut: The Autobiography of Klaus Kinski (1997), ISBN 0-14-025536-2.
  • Christian David: Kinski. Die Biographie. (2006), Berlin: Aufbau-Verlag 2006. ISBN 3-351-02647-1
  • Peter Geyer: Klaus Kinski: Leben, Werk, Wirkung (2006), Frankfurt am Main: Suhrkamp 2006. ISBN 351818220X

Keppelings om utens

bewurkje seksje