Kleaster fan Prüfenung
It kleaster fan Prüfening (Dútsk: Kloster Prüfening) is in earder Benediktynsk kleaster oan 'e westlike râne fan Regensburg yn Dútslân. Sûnt de sekularisaasje oan it begjin fan 'e 19e iuw binne de kleastergebouwen ek as Slot Prüfening bekend, dêrfandinne ek de Prüfeninger Schlossstraße. Yn 'e kleastertsjerke stiet û.o. it yn 1283 makke iergoatyske Erminold-grêfmonumint. Dêrnjonken is de tsjerke bekend fanwegen in heechmidsiuwske ynskripsje, in unyk typografysk dokumint dat mear as 3 iuwen foar Johann Gutenberg út 1119 datearret. Ek binne dêr romaanske fresko's yn 'e orizjinele steat te sjen.
Kleaster fan Prüfenung Kloster Prüfening | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Beieren | |
plak | Regensburg | |
adres | Prüfenunger Schloßstr. 73 b | |
koördinaten | 49° 0' N 12° 2' E | |
Kleastergegevens | ||
oarde | Benediktinen | |
opheffing | 1803 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 1125 (kleastertsjerke) | |
Webside | ||
www.st-bonifaz-regensburg.de | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt kleaster waard yn 1109 troch de biskop fan Bamberg as Benediktynsk kleaster stifte. De Sint-Joaristsjerke waard neffens it saneamde Prüfeninger Wij-ynskrift yn 1119 wijd. De earste muontsen fan it kleaster kamen út Hirsau en de earste abt wie Erminold.
De kleasterbibleteek hie al yn 'e 12e iuw oansjen mei in grut ferskaat oan wurk. Fanút Prüfenung waarden yn 'e 12e iuw de kleasters fan Banz en Münchsmünster bewenne. Under de kleasters fan Asbach, Biburg, Göttweig en Georgenberg wiene abten, dy't út Prüfenung kamen.
In wichtich part fan it ynkommen tusken 1189 en 1803 foarme de rjochten op 'e oerset oer de Donau. It kleaster waard yn 'e Tritichjierrige Kriich yn 'e rin fan 'e striid om Regensburg (1632-1634) troch de Beierske karfoarst Maksimiliaan I en syn ofsieren as kertier brûkt.
Om't it kleaster ek dwaande wie mei himelkunde, waard om 1700 hinne yn 'e kleastertún op midsiuwske fûneminten in astronomyske toer boud. Tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw waard de toer lykwols ferboud.
De opheffing fan it kleaster kaam yn 1803 mei de sekularisaasje. De gebouwen waarden ferkocht en kamen yn it besit fan ferskillende frijhearen en letter (sûnt 1899) yn it besit fan 'e aadlike famylje Thurn und Taxis. De kleastergebouwen waarden troch de foarsten as simmersit brûkt.
Kleastertsjerke Sint-Joaris
bewurkje seksjeDe yn 1125 foltôge kleastertsjerke (Klosterkirche St. Georg) is it earste gruttere tsjerkegebou fan 'e saneamde Hirsauer Skoalle yn Beieren. De tsjerke is in romaanske, trijeskippige basilyk mei in eastlik dwersskip. De romaanske muorrefresko's binne goed bewarre bleaun. Fanwegen de strange dissipline fan abt Erminold soe hy dêr troch syn eigen muontsen deaslein wêze. Yn 'e tsjerke stiet syn tombe út 1283. De tombe waard makke troch in net by namme bekende byldhouwer út Regensburg makke, dy't yn 'e keunstskiednis letter bekend waard as de Erminoldmaster. Hy makke ek de Ferkundigingsgroep yn 'e dom fan Regensburg.
De kleastertsjerke wurdt as twadde tsjerke troch de katolike Bonifatius-Joarisparochy (Pfarrgemeinde St. Bonifaz – St. Georg) brûkt.
Sint-Andréastsjerke
bewurkje seksjeDe romaanske Sint-Andréastsjerke (Kirche St. Andreas) stiet west fan it haadgebou yn in yn 'e rjochting fan Regensburg net tagonklik diel fan it kleasterlân. De tsjerke is allinne fan april oant oktober op sneinen iepen. De tsjerke waard yn 1125 wijd en is in ienskippich gebou mei in toer by it koer en waard oant de sekularisaasje brûkt troch personiel fan it kleaster en de earmen út de opfang fan it kleaster. Mei de opheffing fan it kleaster yn 1803 waard de tsjerke ûntwijd.
Boarnehûs
bewurkje seksjeIt romaanske boarnehûs foarmet in ûnderdiel fan 'e eardere wetterfersoarging fan it kleaster. Ek tsjintwurdich leveret de boarne noch wetter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Kloster Prüfening
|