Kloosterburen
Kloosterburen (Grinslânsk: Kloosterboeren) is in plak yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne), provinsje Grinslân. Foar 1990 wie it ek it haadplak fan de gemeente Kloosterburen, mar yn dat jier is it opgien, mei de gemeenten Eenrum, Liens en Ulrum, yn de gemeente Ulrum, letter gemeente De Marne. It doarp hie yn 2016 neffens sifers fan it CBS 575 ynwenners en de útbuorren 180.
Namme
bewurkje seksjeDe plaknamme ferwiist nei de twa kleasters dy't hjir eartiids stienen, Aldekleaster en Nijekleaster; beide hearden by de oarder fan de Norbertinen.
Katolyk
bewurkje seksjeKloosterburen is ien fan de katolike enklaves op it Hegelân dat fierders grifformeard of herfoarme is. Kloosterburen en Terapel binne de iennige twa plakken yn Grinslân mei in eigen karnavalsferiening. De katolike Sint-Willibrordtsjerke is fan 1868 en waard ûntwurpen troch P.J.H. Cuypers.
Feddema's
bewurkje seksjeDe Feddema's wienen ûnder oaren grutgrûnbesitters, harren pleats Feddemaheerd leit oan de Feddemawei yn it buorskip Kleine Huisjes. De pleats is sûnt 1981 net mear yn de famylje. De foarein is fan 1765, de skuorre fan 1977. It lân fan dizze pleats hearde oant 1594 oan it Aldekleaster. In bekende ôfstammeling fan de famylje is de Emmy-winner en Aazjekenner Raymond Feddema (1950-2004).
Gemeente
bewurkje seksjeDe gemeente Kloosterburen bestie oant 1990 neist it haaddoarp út de doarpen en buorskippen: Hornhuizen, Kleine Huisjes, Krúswei, Molenrij, Nijkleaster en Westerkleaster.
Tsjerken
bewurkje seksje- Sint-Willibrordustsjerke
- Nikolaastsjerke (net mear yn gebrûk as tsjerke)
Berne yn Kloostertburen
bewurkje seksje- Hindrik Klasen Borgman (1778-1846), majoar en boargemaster fan Kloosterburen
- Tjeert Pannekoek (1886-1944), haadbestjoerder fan de Nederlandse Christelijke Landarbeidersbond (NCLB), lid fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân en fersetsman
- Reinier Post (1894-1968), preester, skiedkundige en heechlearaar
- Sietje Gravendaal-Tammens (1914-2014), fersetsstriidster
- Gerrard Remt Meijer (1915-2013), politikus en bestjoerder