Klok (oerwurk)

(Trochferwiisd fan Klok (tiid))

In klok of oerwurk is in apparaat dat brûkt wurdt om it ferrin fan 'e tiid te mjitten en oan te jaan. It is ien fan 'e âldste minsklike útfinings, mei't it al ier yn 'e ûnjouwing fan 'e minsklike kultuer nedich achte waard om koartere tiidspannen mjitte te kinnen as dy't natuerlik wiene (te witten: de dei, de moanne en it jier). De klok is sadwaande al milennia yn gebrûk. It wurd 'klok' is yn it Frysk oernommen fan it Aldfrânske cloque, dat wer komt fan it Latynske clogga, dat oarspronklik "liedklok" betsjutte.

In wandklok.

Untwikkeling

bewurkje seksje

De ierste foarmen fan klokken wiene basearre op 'e natuerlike bewegings fan himellichems. In goed foarbyld dêrfan is de sinnewizer, dy't de tiid oanjout troch it skaad fan in rjochtopsteande stôk op in plat oerflak sjen te litten. Oare primitive foarmen fan klokken hiene de foarm fan wat tsjintwurdich in timer neamd wurde soe; men kin dan tinke oan sânglêzen en wetterklokken, wêrby't men sân, resp. wetter oerrinne lit fan ien diel fan it oerwurk nei it oare. As men wit hoelang't it duorret ear't de hiele ynhâld oerrûn is, kin men oan 'e hân dêrfan fêststelle wannear't dy tiid ferstrutsen is.

In grut stik foarútgong op it mêd fan oerwurken waard boekt troch de útfining fan 'e spillegong, dy't om 1300 hinne yn Jeropa de ûntwikkeling fan meganyske klokken mooglik makke. Dy holden de tiid by troch it gebrûk fan in hinne en wer bewegend ûnderdieltsje dat de ûnrêst neamd wurdt. Yn 'e fyftjinde iuw ferskynden foar it earst klokken dy't rûnen troch de tapassing fan fearren yn it meganyk en sadwaande opwynber wiene. De fyftjinde en sechstjinde iuw wiene de heechtijdagen fan 'e klokmakkerij. De folgjende wichtige stap yn 'e ûntjouwing nei moderne oerwurken wie it slingeroerwurk, dat yn 1656 troch de Nederlanner Christiaan Huygens útfûn waard.

De ûntwikkeling fan hieltyd sekuerdere en betrouberdere klokken waard foar in oansjenlik diel oandreaun troch de wichtigens dy't it persiis byhâlden fan 'e tiid hie foar de navigaasje op see. Meitiid koene troch de oanhâldende foarútgong klokken ek hieltyd lytser makke wurde. Fan âlds waard yn 'e horology (de "klokwittenskip") de term 'klok' foarbeholden oan in slachoerwurk, wylst net-slaande klokken 'oerwurken' neamd waarden. Dat ûnderskie is lykwols al lang efterhelle. Wol wurdt der noch ûnderskie makke tusken oerwurken dy't in fêst plak hawwe en oerwurken dy't sa lyts binne dat men se by jin drage kin. Dy lêste kategory stiet bekend as horloazjes en wurdt nea oantsjut as klok.

Foar de earste elektryske klok waard yn 1840 in oktroai ferliend. Yn 'e tweintichste iuw waarden elektroanyske klokken yntrodusearre, dy't binnen inkele desennia rûnom ynboargere rekken nei't healgelieders ferskynden dy't mei lytse batterijen oandreaun wurde koene. Tradisjoneel hiene oerwurken in wizerplaat mei in rûnte fan sifers by de râne lâns, dêr't rûngeande wizers de tiid op oanjoegen. Hoewol't dat type oerwurk ek tsjintwurdich noch in protte foarkomt, binne der no ek in soad digitale oerwurken, dy't de tiid op digitale wize werjouwe, mei opljochtsjende sifertekens.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References en Bibliography, op dizze side.