Knossos
Knossos (Gryksk: Κνωσός, Knōsos) is it grutste brûnstiidske archeologyske fynplak op Kreta en wurdt beskôge as Jeropa's âldste stêd.
Skiednis fan 'e opgravings
bewurkje seksjeYn de njoggentjinde iuw waard fakentiids materiaal fan in terrein besuden de eilânhaadstêd Heraklion brûkt ta it bouwen fan huzen yn dy stêd. Der waard fermoede dat dêr oerbliuwsels leinen fan it kolossale Minoyske paleis fan Knossos. Yn 1878 fûn archeolooch Arthur John Evans it de muoite wurdich en ûndersykje hokker gebou hjir stien hie, foar't alle oerbliuwsels troch de huzebou weifage wêze soenen. Hy begûn mei opgravings by Knossos en al gau seach men dat op it terrein in Minoysk paleis stien hie, nei alle gedachten dat fan de legendaryske kening Minos. By de opgravings waard it westlike part fan it paleis ûntdutsen, en dêrby waard in protte ierdewurk út dy tiid fûn.