Earste ofsier

(Trochferwiisd fan Ko-piloat)

De term earste ofsier wurdt brûkt foar in funksje yn 'e loftfeart en de skipfeart. Yn 'e boargerskipfeart is lykwols de oantsjutting earste stjoerman gongberder, wylst men yn 'e loftfeart ornaris sprekt fan in ko-piloat.

In gesachfierder (piloat, l.) en in earste ofsier (ko-piloat, rj.).

Yn 'e boargerloftfeart wurdt de earste ofsier yn 'e regel de ko-piloat neamd, of ek wol de first officer, in Ingelske term dy't "earste ofsier" betsjut, mei't it Ingelsk yn 'e loftfeart as ynternasjonale lingua franca oanholden wurdt. Oan board fan in fleantúch is de gesachfierder de piloat en de earst ferantwurdlike. De earste ofsier folget yn rang op 'e gesachfierder. Op tige lange flechten is der soms noch in trêde piloat oan board om 'e oaren ôf te lossen, dy't dan de funksje fan twadde ofsier hat. Yn in fleantúch is it sa dat de gesachfierder lofts sit en de earste ofsier rjochts (as men harren op 'e rêch sjocht). Yn helikopters is dat krektoarsom.

It eigentlike bestjoeren fan it fleantúch en it betsjinjen fan alle apparatuer yn 'e cockpit fan opstiigjen oant lânjen wurdt ornaris ferdield tusken de gesachfierder en de earste ofsier, wêrby't ien piloat de bestjoering docht (pilot flying), wylst de oare in assistearjende rol hat (pilot monitoring). Op 'e weromweis, of op 'e folgjende etappe fan in langere reis, wurde de rollen dan faak omdraaid. Op dy manear ûnderhâlde beide piloaten har kennis fan it fleanen, wylst se boppedat net oan ien wei troch op skerp hoege te stean. Dat nimt lykwols net wei dat ek as de earste ofsier fljocht, de einferantwurdlikheid foar de feilichheid fan it fleantúch en de ynsittenden by de gesachfierder berêst.

It is almeast sa dat de gesachfierder de âldste fan 'e beide piloaten is, mei de measte fleanoeren en dêrom ek de measte ûnderfining. Om't loftfeartmaatskippijen lykwols yn 'e regel harren piloaten promoasje jouwe op basis fan ynterne senioriteit (de datum fan yntsjinststelling by it bedriuw), kin it foarkomme dat in earste ofsier âlder is en/of mear ûnderfining hat as de gesachfierder as hy of sy letter yn syn of har karriêre by de oangeande loftfeartmaatskippij yn 'e tsjinst kommen is. Syn of har fleanûnderfining is dan opdien by oare loftfeartmaatskippijen of as piloat by de loftmacht. By oanname troch in nije wurkjouwer begjint eltse piloat wer ûnderoan op 'e senioriteitslist.

By de keapfardij is de earste ofsier de earste stjoerman. By de marine is de earste ofsier de militêre ofsier oan board fan it skip, dy't it heechste yn militêre rang is nei de kommandant (gesachfierder). Yn it militêr jargon sprekt men ynstee fan earste ofsier fan EO, of, as yn it ramt fan 'e NATO Ingelsk as fiertaal oanholden wurdt, fan FO. By de marine is de earste ofsier ek de pleatsferfangend skipskommandant en is hy of sy ferantwurdlik foar it deistich riden en farren oan board fan it skip.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.