De Kompanjonsbosken binne bosken by Ravenswâld ten noardeasten fan Appelskea.

De bosken wienen eigendom fan de NV "De Gezamenlijke Compagnons van Opsterlandsche en Ooststellingwerfsche Veenen en Vaarten" dy't hjir tsjin 1900 nei fergraving fan it heechfean de oerbliuwende dalgrûn beboskje liet. Sa ûntstie in kompleks fan mear as 200 ha. grof dinnebosk en ikekaphout. In soad wiken trochsnije de bosk, dat dêrtroch in hiel eigen karakter krige.

In soad dinnebosk is yn de Twadde Wrâldoarloch kapt. De werbebosking is útfierd mei Japanske lariks en fynspjirre. Ek it ikekaphout wurdt stadichoan ta opgeand bosk. Ek it "Plantsoen", in yn de tritiger jierren oan wjersiden fan de Lycklemevaort oanlein kompleks bosk fan nuddel- en leafhoutsoarten wie eigendom fan de NV.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: